Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Evenhoevigen

Ut Wikipedy
Evenhoevigen
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
Owen, 1848

Deevenhoevigen (wittenskiplike namme:Artiodactyla) foarmje inskift fan deklasse fan 'esûchdieren (Mammalia) dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolleplante-iters dy't der binne. Lang wiene deûnevenhoevigen de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn itMioseen de wâlden romte makken foar gerzige flakten.

In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch deminske en binne fan krúsjaalekonomysk belang, lykas deko, itskiep, degeit, debaarch, itkamiel, delama en itrindier. Hja binne wol tige fetber foar sykten astongblier, wat de ûnevenhoevigen (lykas ithynder en deezel) wer net binne.

Foarhinne bestie it skift fan 'e evenhoevigen út trije ûnderskiften: debaarcheftigen, dekamieleftigen en dewjerkôgers. Fan 'enylhoarsen is lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'ebargen en depekarys, mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'ewalfiskeftigen. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar detaksonomyske yndieling, mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. It skift wurdt sadwaande no ek wolCetartiodactyla of "walfiskeftigen en evenhoevigen" neamd.

Yn elts gefal kin no sein wurde dat de evenhoevigen oeral op 'e wrâld (mei útsûndering fanAntarktika) foarkomme. Kwa uterlik rinne se útinoar fan 'elytse kantjyl, dy't noch gjin 3 kg weaget, oant deblauwe finfisk, dy't in gewicht fan 170 ton berikke kin.

Skiftopbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch de ynpassing fan 'e walfiskeftigen yn dit skift is de yndieling op 't heden noch wat in rommeltsje; wêr't hjirûnder "takson" stiet, wol dat sizze dat dytaksonomyske groep noch net in nije rang tawiisd krigen hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryArtiodactyla fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Evenhoevigen&oldid=1176192"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp