Evaristus wie fan ± 99 oant syn dea yn ± 107 biskop fan Rome. Hy is ek bekend ûnder de nammeAristus en wurdt yn deRoomsk-Katolike Tsjerke en deEastersk-Otterdokse tsjerken fereare as in hillige. It is hiel goed mooglik datJehannes de Apostel ferstoar yn de tiid dat Evaristus de tsjerke liede, wermei't in ein kaam oan it Apostoalyske Tiidrek.
Neffens itLiber Pontificalis wie Evaristus in Gryk, mar syn heit wie Judah, in joad útBethlehem. Hy waard keazen de tsjerke te lieden yn de tiid fan it regear fan keizerTrajanus en folgeKlementius I as biskop fan Rome op. Evaristus ferdielde Rome yn sân dekanaten.
NeffensEusebius fan Caesarea ferstoar Evaristus nei in pontifikaat fan acht jier yn it 12e regearingsjier fan keizer Trajanus. Liber Pontificalis beskriuwt him as immen dy't mei it 'martelderskip kroand' wie.
De dei dat Evaristus betocht wurdt is yn de Roomsk-Katolike Tsjerke op 26 oktober. Paus Evaristus is begroeven tichteby it lichem fanPetrus, yn it Petrus-grêf ûnder deSint Piter fan itFatikaan.