Europapa | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Europapa – Outro | |
artyst | Joost Klein | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | gabberpop Eurodance | |
útbrocht | 29 febrewaris2024 | |
opnommen | Ein2023 | |
doer | 2:40 | |
label | Albino Sports | |
skriuwer | Ski Aggu, Donnie, Paul Elstak, Tantu Beats, Thijmen Melissant, Tim Haars | |
produsint | Paul Elstak, Tantu Beats | |
fideoclip | ||
Joost Klein - Europapa - Netherlands 🇳🇱 - Official Music Video - Eurovision 2024 | ||
resultaten | ||
hitlisten | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() |
Europapa is in nûmer dat oarspronklik opnaam is yn2024 trochJoost Klein. It nûmer waard útbrocht op29 febrewaris fan dat jier foar itEurofyzjesjongfestival, dêr't JoostNederlân fertsjintwurdige. Op9 maart 2024 stie Klein yn de heale finale fan it sjongfestival en pleatste him foar de finale, mar as gefolch fan in ynsidint krekt foar in repetysje foar de finale waard Joost Klein diskwalifisearre.[1]
Europapa is skreaun troch Joost Klein,Donnie,Paul Elstak,Tantu Beats,Thijmen Melissant enTim Haars. It nûmer waard produsearre troch Tantu Beats en Paul Elstak.
De tekst fan it liet, dy't foar in part songen, rapt en foar in part sprutsen wurd, is benammenNederlânsktalich, mar befettet dêrneist ek inkelde sinnen yn ’tIngelsk en itDútsk, en in pear wurdenFrânsk enItaljaansk.
Nei alle gedachten is it liet sawol in oade oan Europa, as oan de âlden fan Klein, dy't er yn syn jonge jierren ferlear. De ik-figuer yn de tekst is in weesbern dat troch Europa reizget om himsels te ûntdekken en om oan oaren syn ferhaal te fertellen. Ferskate lannen en stêden passearje dêrby de revu. Klein besjongt en passant de foardielen fan iepen grinzen binnen de EuropeeskeSchengensône. Yn it slot fan it stik sit it boadskip dat Klein yn syn opfieding fan syn heit meikrigen hawwe soe: de wrâld hat gjin grinzen.
De muzyk by it liet, is in direkte ferwizing nei de jierren 90 en degabberkultuer fan dy tiid. De styl fan it nûmer is in mjuks fan gabberpop, nederpop en Eurodance. Op likernôch twatredde fan it liet roptTim Haars, yn syn rol as"Gerrie van Boven" út telefyzje- en filmsearjeNew Kids, de regel"Welkom in Europa, jongûh". Dêrnei giet it liet oer nei in happy hardcore-beat fanPaul Elstak.
Defideoklip, dy't op 29 febrewaris 2024 tagelyk mei de premjêre fan it liet útbrocht waard, is makke trochVéras Fawaz en deryn binne, njonken Klein, ferskate BN'ers te sjen, lykas âld-songfestivaldielnimmersS10 enRené Froger, mar ekEmma Wortelboer,Donnie,Martijn van Eijzeren, better bekend asStuntkabouter,Appie Mussa,Gover Meit en Paul Elstak.
Parten fan de fideo binne opnaam mei op de eftergrûn deBraakmolen yn itNoardhollânske doarpEtersheim. Dêrneist binne der ûnder mearK-pop-dûnseressen, in ferwizing neiit lêste jûnsmiel en inScootmobylrace te sjen. Yn de fideoklip hat Klein inblau pak oan mei grutte punten op 'e skouders, as ferwizing nei de Europeeske flagge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |