Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Eugenius

Ut Wikipedy
Munt meiFlavius Eugenius dy't de keizerlike ynsynjes drage en op de efterside in Romeinske goadinne

Flavius Eugenius (? -6 septimber394) wieRomeinsk keizer yn it westen fan22 augustus392 oant 6 septimber 394. Omdat er gjin inkeld rjocht op de troan hie en net erkend waard troch keizerTheodosius I, dy't yn it easten alle macht hie, wurdt hy meastentiids inusurpator neamd.

Skiedinis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eugenius wie ôfkomstich út in Romeinske famylje, en waard troch de machtigeFrankyske generaalArbogast op de troan setten. Einliks hie Arbogast alle macht yn hannen en wie Eugenius net mear as in Romeinske marionet dy't syn rezjym legitimearje moast.

Under it koarte keizerskip fan Eugenius waard it heidenske leauwen op 'e nij yn eare hersteld. Ferskate bouwurksumheden waarden yn gong set om âlde timpels fan Romeinske goaden wer goed te meitsjen, lykas it alter fan de goadinne Fiktoria yn de senaat.

Keizer Theodosius makke tariedings foar in Italjaanske ynvaazje en ferliet ynmaaieKonstantinopel. Op5 septimber kaam it ta in bluodderige fjildslach by de rivier deFrigidus dy't twa dagen duorje soe. De slach waard ferlern troch it leger fan Eugenius. Generaal Arbogastus die himsels tekoart en Eugenius waard finzen nommen en fermoarde op 6 septimber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Eugenius&oldid=992257"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp