Eton Fives, besibbe oan itRugby Fives enWinchester Fives, is in Ingelskemuorrekeatsfariant spile op in baan mei trije muorren. It wurdt as dûbelspul spile. In Eton Fives keatsbaan is min-ofte-mear in kopy fan in gloppe rjochts fan de yngong fan de kapel op it terrein fan itEton Kolleezje. De earste banen binne boud yn1840. It bysûndere oan de banen is it nivo ferskil op de flier en in útstekkend muorke yn de lofter sydmuorre.
It spul wurdt fanâlds meast spile troch studinten. It grutste part fan de Eton Fives banen is dan ek te finen op de terreinen fan skoallen en universiteiten. Allinne ynLonden binne in tal publike banen.
BûtenIngelân wurdt it spul mar kwalik spile, al binne der in pear banen, guon mei aktive klups, ynSwitserlân,Frankryk,Maleizje enNigearia.
It spul wurdt regulearre troch de Eton Fives Association.