Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Folk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanEtnyske groep)

It wurdfolk,argaysk ekfoltsen, kin meardere betsjuttings hawwe, dêr't in groep minsken mei oantsjutten wurdt. De wittenskip dy't him mei it fersynsel folk dwaande hâldt, benammen asetnisiteit, is defolkekunde oftewoletnology.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De etymology fan it wurd is ûndúdlik. Men bringt it werom ta it Oer-Germaanske *folkom (Aldfryskfolk ,Aldingelskfolc ,DútskFolk) of *fulka-. De oarspronklike betsjutting kin "groep striders" west hawwe: itAldnoarskefolk betsjut "leger" . Der wurdt ferbân lein meiGrykskplethos "mannichte", en mei deLatynske wurdenplebs "it gewoane folk",populus "it folk" envulgus "it grau", mar al dizze ôfliedings binne kontroversjeel. Yn it Ingelsk isfolc offolk ferkrongen trochpeople, útsein yn de gearstallingfolkloare.

Folk as oantal minsken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Men kin mei it wurdfolk gewoanwei (in faak grut oantal) "minsken" bedoele, bygelyksDer wie in soad folk oanwêzich.

Folk as famylje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de sin "Us folk is nei in âldereinhûs ferhuze" wurde de heit en mem fan de sprekker bedoeld.

Folk as ûnderdienskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It wurd 'folk' kin 'ynwenners fan in bepaald lân' betsjutte, bygelyks 'itBelgyske folk'. Yn dit gefal kin men it begryp 'folk' min ofte mear as itsynonym foar it begryp 'ûnderdienskip' of 'steatsboargerskip' beskôgje.

Folk as etnisiteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In folk kin ek in bepaalde groep minsken wêze dy't ûnderlinge ferwantskip en ferbûnenens fiele op basis fan ien of meardere mienskiplike kenmerken. Mei dizze definysje kinne we sizze dat de Belgyske befolking út trije folken bestiet:Flamingen,Walen en Dútsers (Dútsktalige Belgen). Faak wurdt taal as ít kenmerk fan in folk sjoen. In bysûnder gefal is itJoadske folk, dat primêr op in religieuze ferbûnenens basearre is: mar ûngefear de helte fan alle Joaden wennet yn desteatIsrael, lang net allegearre prateHebriuwsk,Jiddysk ofSefardysk en troch deDiaspora hearre se ta alle minsklikerassen.

Der binne útsûnderings.Ieren hawwe oer it generaal deIngelske taal oernommen, dochs sil gjin inkele Ier himselsIngelsman fiele. Flamingen enNederlanners sprekke deselde taal (Nederlânsk), mar binne twa ferskillende folken. Boppedat is it begryp taal ek dizenich. Yn Nederlân wurdt itLimburchsk asstreektaal beskôge. Net iderien is it der oer iens dat sprekkers derfan dêrtroch as apart folk sjoen wurde kinne.

Net allinnich de taal kin de ûnderskiedsbasis wêze, mar ek oare skaaimerken, lykas bygelyksgodstsjinst. Foarbyld:Kresjeny (letterlik 'doopte', dopelingen) binne feitlikTataren. Se sprekke de Tataarske taal, hâlde fêst oan de tradysjes en brûke fan it Tataarske folk, mar op basis fan harren godstsjinst (Russysk-Otterdoks, ynstee fanislamitysk by de Tataren) sjogge sy harsels as in apart folk. Mei de folkstelling fan2002 hienen de measte Kresjeny dat ek yn de enkête oanjûn. Op basis fan de útslach fan dizze folkstelling binne se sûnt inkele jierren troch deRussyske autoriteiten as apart folk erkend.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Folk&oldid=1048592#Folk_as_etnisiteit"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp