Endonym eneksonym binne nau besibbe termen út 'enamkunde. In eksonym (ofksenonym) is in eksterne namme foar ingeografysk plak, inetnyske groepminsken of intaal ofdialekt. Sa'n term wurdt troch bûtensteanders frij algemien brûkt om nei sokke ûnderwerpen te ferwizen, yn 'e regel omhistoaryske redens. In endonym, ek wol inautonym neamd (benammen as der yn 'e brûkte kontekst gjin ferbân lein wurdt mei in korrespondearjend eksonym) is in ynterne namme foar persiis deselde saken. Sokke nammen wurde dus jûn troch de leden fan inetno-linguïstyske groep oan harrensels, harren taal of dialekt, harren wengebiet of in spesifyk plak yn dy krite.
De termen endonym, eksonym, ksenonym en autonym komme út itGryksk, fan 'efoarheaksels ἔνδον,éndon- ("binnen"), resp. ἔξω-,éxō- ("út" of "bûten"), ξένος-,xénos- ("bûtenlânsk") en αὐτο-,auto- ("sels" of "eigen-"), en itefterheaksel ὄνομα,ónoma ("namme"). De term 'eksonym' waard foar it earst brûkt troch deAustralyskegeograafMarcel Aurousseau yn syn wurkThe Rendering of Geographical Names, út1957. Neitiid waarden op basis dêrfan de termen 'endonym', 'autonym' en 'ksenonym' ûntwikkele.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |