Etioopje, offisjeel deFederale Demokratyske Republyk Etioopje, is in lân yn it easten fanAfrika. De haadstêd is it sintraal lizzendAddis Abeba. Etioopje waard earst ek wolAbessynje neamd.
Etioopje bestiet foar it grutste part út in útstrekt en relatyf fruchtber heechberchtme, itEtiopysk Heechlân, dat trochsnien wurdt troch deGrutte Slinke.
Etiopysk Heechlân
Yn it wiid fersprate heechlân leit de haadstêd Addis Abeba (2.370 m). Heechste bergen fan it lân binne deRas Daschan Terara (4.545 m), de Talo (4.413 m), de Guma Terara (4.231 m) en de Guge (4.203 m). It noarden wurdt skaaimerke trochwoastyn en drûgesavanne, it suden troch reinwâlden.
Yn it Etiopysk Heechlân ûntspringt deBlauwe Nyl (yn deTanamar), dy't tegearre mei deWite Nyl en de allyksa yn Etioopje ûntspringendeTekeze-rivier meïnoar deNyl foarmje.
Nettsjinsteande dat Etioopje flakby deevener leit, hat it yn ferbân mei de hichte fan it lân, meast in evenredich klimaat. Utsein de leger lizzende gebieten, lykas deDanakildepressy en deOgaden, dy't in hjit en skrok klimaat hawwe.
Fan de eardere skiednis fan Etioopje is net folle bekend. Ut de1e iuw datearje de earste berjochten oer in ryk fan Aksûm, dêr't ôfstammelingen fan keningSalomo regeare hawwe soene. Yn de4e iuw waard dat ryk kerstene, mar de opkomst fan deislam yn de7e iuw isolearre it fan de rest fan de kristlike wrâld. Yn de iuwen dy't dêrop folgen waard hieltyd krigen fierd tsjin de Islamiten en ynfallende Galla.
De Etiopyske keningDurk II brocht healwei de19e iuw de talleaze fazalfoarsten ûnder ien bewâld en hy wie súksesfol tsjin deItaljanen dy't fanútEritrea yn Etioopje besochten troch te kringen. Syn opfolgerMenelik II brocht de Italjaanske agressor yn1896 by Adoea in ferneatigjende nederlaach ta dy't foar in skoft in ein makke oan harren aspiraasjes Etioopje te oerweldigen. Nei syn dea waard Meneliks dochter keizerinne, syn efterneefRas Tafary waard regint. Troch in steatsgreep slagge hy deryn de macht nei him ta te lûken, yn1930 nei de dea fan de keizerinne lit er him ta keizer Haile Selassie I kroane. Hy skafte de slavernij ôf.
Fan1935 oant1941 wie Etioopje beset troch Itaalje, dêrnei krige Haile Selassie it wer foar it sizzen. Yn1952 kaam de eardere Italjaanske koloanje Eritrea by Etioopje. Yn de rin fan de jierren sechstich naam it oantal fersetaksjes tsjin it bewâld fan de autokratyske keizer hieltyd mear ta. Doe't as gefolch fan lange drûchte slimme hongersneed hearske yn de noardlike provinsjes en troch korrupsje misstannen ûntstienen, kaam it leger begjin1974 yn opstân. It leger twong it regear ôf te treden, fierde in nije grûnwet yn en beheinde de macht fan de Koptyske tsjerke. Keizer Haile Selassie waard ôfset en insosjalistyske republyk waard útroppen mei in ienpartijstelsel. Op grutte skaal waard der nasjonalisearre en lânherfoarmings trochfierd.
Etioopje hat in tige jonge en hurd waaksende befolking, dy't fan 33,5 miljoen ynwenners yn 1983 tanommen is oant 78 miljoen yn 2008.
De befolking is bysûnder ferskaat. Meast fan de befolking sprekke inSemityske- of Kusityske taal. De Oromo, Amhara, en Tigreans meitsje mear as trije fearn fan de befolking út, mar der binne mear as 80 ferskate etnyske groepen yn Etioopje, dêr't guons fan net mear as 10,000 leden fan hawwe. ItIngelsk is meast sprutsen bûtenlânske taal.
Op dizze skildering steane Etiopyske prysters dy't drums spilje.
Neffens de folkstelling fan 1994 heart 61% fan de minsken yn Etioopje ta itKristendom en 33% ta deIslam. It meastepart fan de Kristenen heart ta deEtiopysk-Ortodokse Tsjerke. Om-ende-by 5% fan de befolking hingt innatoerreligy oan. Eartiids wennen ek in protte Joaden (deBeta Israel) yn Etioopje. It grutste part dêrfan is neiIsrael emigreare.