Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Erotyk

Ut Wikipedy
Inhoutfykwurk útNepal yn itMusée de l'Éroticisme ynParys. Erotyk of pornografy?

Erotyk is in foarm fanseksualiteit wêrby't de klam net drekt op itgeslachtsferkear leit, mar mear op 'e gefoelens dêromhinne, en benammen op it opbouwen fan 'e langst neigeslachtsmienskip. It wurd "erotyk" is ôflaat fanEros, de namme fan 'eGrykske god fan 'eleafde. It waard as begryp yn it moderne spraakgebrûk yntrodusearre troch deEastenrykskepsycholoochSigmund Freud, dy't dizze oantsjutting betocht as namme foar syn idee fansublimearre seksualiteit.

Foarmen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Erotyk kin him op ferskate manearen uterje, bygelyks troch:

  • romantyske mominten, lykas hân yn hân yn 'e moanneskyn sitte;
  • beskate oanrekkings fan it lichem fan 'e partner oars as deprimêre ofsekundêregeslachtsdielen;
  • oandacht skinken oan 'e partner troch it foarlêzen fanpoëzij offerhalen;
  • it fersoargjen fan inoars lichems of it inoar opfuorjen fan lytse hapkes iten;
  • it meitsjen fan taspilings op it ferwachte of hope lettere geslachtsferkear.

Opfettings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De grins tusken wat noch erotyk is, en wat heart ta de wiere seksualiteit, is tige ûndúdlik, en sadwaande folslein bûn oan persoanlike opfettings. Wat foar de iene noch "ûnskuldige" erotyk is, kin foar in oar al inpornografysk karakter hawwe. Ek histoarysk ferskilden de opfettings oer erotyk tusken de ûnderskate tiidrekken tige by tige. Sa waard yn 'eFiktoriaanske Tiid, doe't froulju tigekeken klaaid wiene en langerokken droegen, in ûntbleateankel fan in frou troch manlju al as tige opwinend beskôge, wylst manlju dêr hjoed de dei yn oergrutte mearderheid de skouders oer ophelje sille.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryEroticism fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Erotyk&oldid=891658"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp