Renan waard yn1823berne yn it havenplakTréguier, oan 'ekust fanBretanje. Hy kaam út infamylje fanfiskers mei fûleindichrepublikeinskepolitike opfettings. Synpake hie meifiskerij in lyts fortún fertsjinne, en synheit wiekaptein fan infiskersboat. Synmem wei dedochter fan inroyalistyskeambachtsman út it oanbuorjende plakLannion. De ferskillende politike opfettings fan synâldelju soarge foar frijwat striid yn 'e hûs doe't Renan noch hiel jong wie, en dêrtroch bleau er him syn hiele libben bewust fan 'e gefoelichheid fan sokke dingen. Syn mem wie mar heal-Bretonsk; de famylje fan har heit kaam útBordeaux, en Renan sei letter gauris dat yn syn eigenaard deGaskonjer en de Breton altyd deilis wiene.
Renan syn heitferstoar doe't er noch mar fiif jier wie, wêrnei't syn doe santjinjierrigesuster Henriette in grutte ynfloed op synopfieding krige. Dyseldeferfear letter neiParys omleararesse te wurden oan inkostskoalle foar jongedames fan stân. Renan genoat ûnderwiis oan 'eroomskeskoalle yn Tréguier, oanfolle troch lessen fan syn mem. Yn1838, doe't er fyftjin jier wie, regele Henriette dat er oan in skoalle yn Parys trochleare koe. Fan1840 ôfstudearre er fierders oan itseminaarje fanIssy-les-Moulineaux om syn toarst neikennis te dwêstgjen.
Renan wie folslein fan doel ompreester fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke te wurden. Mar doe't er him nei it ôfrûnjen fan synstúdzje oan it seminaarje en foarôfgeande oan synpreesterwijinge oan it Kolleezje fan Saint-Sulpice ferdjippe yn taalkunde, rekke er synleauwe kwyt, alteast wat de roomskedogma's oanbelange dy't it útgongspunt wiene fan in bestean as preester. Want doe't er deBibel út taalkundich eachpunt beseach, besefte er dat de twadde helte fan it bibelboekJesaja fan it foarste part ferskilt, net inkeld yn skriuwstyl, mar ek yn skriuwdatum, dat degrammatika enskiednis fan 'ePentateûch fan folle letter datearje as de tiid fanMoazes, en dat it boekDaniël dúdlik iuwen letter skreaun is as de tiid dêr't it yn spilet. Temûk fielde it foar Renan as wie syn takomst him ûntstellen, want hy dreamde noch altyd fan in bestean as preester. Mar yn 'e striid tusken ropping en oertsjûging waard de oertsjûging de ropping oermânsk. Ynoktober1845 hold er definityf op mei syn tarieding foar it preesterskip en fan dat stuit ôf learde er fierder oan lekekolleezjes.
Ernest Renan yn syn studearkeamer op in tekening fanAnders Zorn.
As jongewittenskipper wurke Renan oerdeis assuppoast om himsels te ûnderhâlden, wylst erjûn fierder learde yn 'e taalkunde, spesifyk wat deSemityske talen oangie. Yn1847 wûn er deVolneypriis, ien fan 'e wichtichsteûnderskiedings dy't ferjûn waard troch deAcadémie des Inscriptions, foar syn doe noch net útkommenHistoire Générale et Systèmes Comparés des Langues Sémitiques. Datselde jiers rûne er syn stúdzje ôf en krige er inbaan oanbean aslearaar oan itlyseum fanVendôme.
Renan waard benammen bekend as de skriuwer fanVie de Jésus, in libbensbeskriuwing fanJezus Kristus, dy't yn1863 útkaam. Hy skreau it idee foar it boek ta oan syn suster Henriette, mei wa't er yn itOsmaankeSyrje enPalestina reizge doe't sekoarts krige en hommels ferstoar. Mei inkeld itNije Testamint en in eksimplaar fan it wurk fanFlavius Josefus by him sette er doe útein mei skriuwen. It boek wie fierhinne basearre op itEvangeelje fan Jehannes en wie bedoeld as in wittenskiplik wurk. Renan beskreau Jezus as inminske en net as ingod (of in diel fanGod) en wiisde dewûndertekens ôf dy't Jezus neffens dekanonike evangeeljes ferrjochte hawwe soe. Mar neffens yn syn tiid folslein akseptabeleantysemityske ideeën skreau Renan ek dat Jezus himsels "suvere" hie fan synJoadske eigenskippen en dat er dêrtroch inAarjer en inkristen wurden wie. In soadkristlike lêzers wienepoerrazen oer it ûntkennen fan 'e godlike natuer fan Jezus, wylst de measte Joadenlulk wiene oer de beskriuwing fan itjoadendom as dwaas, absurd, ûnlogysk en dúdlik ynferieur oan it kristendom. Nettsjinsteande dat wieVie de Jésus yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw geweldichpopulêr.
Renan wie net inkeld in drûge wittenskipper, mar ek ien dy't him om 'esosjale fraachstikken fan syn tiid bekroade, sa't er sjen liet yn syn boeken oer deapostels (Les Apôtres,1966), en de apostelPaulus (Saint Paul, (1869). Dêryn joech er blyk fan in gefoel fan bruorskip tusken de rangen en stannen fan 'e Frânskemaatskippij en toande er him in oanhinger fan 'edemokrasy. Yn1869 wied er foar deLiberale Partij kandidaat by de Frânskeparlemintsferkiezings, mar hy waard net keazen. Tsjin dy tiid wiene syn republikeinske tinkbylden wat ôfswakke en wied er ree om itTrêde Frânske Keizerryk te akseptearjen as it de demokratyske grûnbegjinsels respektearre. Twa jier letter waard it bewâld fanNapoleon III, de lêste Frânskekeizer, ûnder fuotten helle troch deDútsers yn 'eFrânsk-Dútske Oarloch. Foar Renan, dy't Dútslân altyd sjoen hie as de bakermatte fan 'eJeropeeskefilosofy enwittenskip, wie dat in kearpunt yn syn tinken. It lân soe foar him neitiid altyd in fijân bliuwe.
Ernest Renan.
Frjemd genôch sprekt út it wurkLa Réforme Intellectuelle et Morale (1871), dêr't Renan it fersleine Frankryk wer in nije takomst mei jaan woe, in sterke Dútske ynfloed. It nijesteatsbestel dat er foarstelde, wie nammentlik yn grutte halen dat fan Dútslân: infeodale maatskippij mei inmonargaal regear, inhegerein dy't troch de rest fan 'ebefolking ûnderstipe wurde moast, inideaal fanear en plicht dat troch de útkarden oplein waard oan 'e mannichten. Dêrút blykt ek hoe't Renan skrokken wie fan 'e ideeën fan 'eParyske Kommune, dy't soarte fankommunisme foarstie. Tagelyk waard er almarbitterder, sa't nei bûten komt út syn fierders as geniaal beskôge wurkenDialogues Philosophiques (1871),Ecclésiaste (1881) enL'Antéchrist (1876, oer deRomeinske keizerNearo). Yn syn boekenL'Église Chrétienne (1879) enMarc-Aurèle et la Fin du Monde Antique (1882) lit er lykwols sjen dat er frede fûn hie yn it behâld fan 'e Frânske demokrasy.
Renan wie tige ynfloedryk op it mêd fannasjonalisme ennasjonale identiteit. Yn synessayQu'est-ce qu'une Nation? ("Wat is in Naasje?"), út1882, definiëarre er innaasje op basis fan 'esubjektive wil fan in groep minsken om byinoar te hearren, wylst Dútske filosofen, lykasJohann Gottlieb Fichte, dat begryp definiëarre hiene op basis fanobjektive kritearia, lykas in dieldeetnisiteit oftaal. Middenmank de oanhâldende kontroverse oer deDútske anneksaasje fan Elzas-Loataringen skreau Renan dat it bestean fan in naasje basearre wie op in "deistigefolksriedplachting" ûnder de ynwenners. Oare tinkers hiene dêr in prottekrityk op omreden fan 'e dizenigens fan dat konsept. Renan skreau ek dat it "essisjele elemint fan in naasje" wie dat "alle yndividuën dêrfan in soad gemien hawwe moatte". Dêr foege er lykwols oan ta dat se "ek in soad fergetten hawwe moatte. Eltse Frânske boarger moat itBartolomeúsdeibloedbad en deslachtings út 'e 13e iuw yn it suden fergetten hawwe."
De tinkbylden dy't Renan der oerrassen op neihold, wiene yn syn tiid folslein akseptabel, mar soene tsjintwurdich beslist net mear kinne. Hoewol't er fierders oer it algemienprogressyf wie, bestie der neffens him ûnder minsken in rasialehierargy, dy't neffens him "algemien akseptearre" wie.Blanken stiene yn dat tinken as hearskers en krigers oan 'e top fan in úttynjende piramide fan mindere etnisiteiten. Sa wiene se superieur oanSemiten (Joaden,Arabieren en sibben), dy't Renan omskreau as "in ynkompleet ras". Demongoloïde folken fanEast-Aazje, lykas deSinezen, wiene it meast geskikt ashantwurkslju. Hielendal ûnderoan de rangoarder stiene deswarten fanAfrika, dy't inkeldlânbou bedriuwe koene. Dêrom wie Renan ek in foarstanner fan itkolonialisme, wêrby't Frankryk en oare Jeropeeske lannen yn syn tiid hiel Afrika ûnderinoar ferparten. Dat wie net om 'e swarte befolking dêre te straffen, mar krekt om dy te helpen, wat in plicht fan 'e blanke wie. Dy opfetting fan wat wol "subtylrasisme" neamd is, wie yn syn tiid wiidferspraat, net inkeld yn Frankryk mar ek yn itFeriene Keninkryk en oare Westjeropeeske lannen.
Renan stiet ek bekend as ien fan 'e earsten dy't de saneamdeKazaarske teory op 't aljemint brochten. Oars as deSefardyske Joaden fan súdlik Jeropa wiene deAsjkenazyske Joaden fan noardlik en eastlik Jeropa neffens him nammentlik hielendal gjin Semiten. Ynstee woed er hawwe, se stammen ôf fan 'eKazaren, inTurksk folk, dat yn 'eMidsiuwen inkhanaat yn 'eKoeban hie, it gebiet benoarden deKaukasus. It is bekend dat de Kazaren har op in stuit massaal ta itjoadendom bekearden. Neffens Renan en syn meistanners soene se har nei de ynstoarting fanharren ryk nei it westen ferspraat hawwe, dêr't se harrenKazaarske taal ferlern hiene om ynstee dêrfan itJiddysk oan te nimmen. (Tsjintwurdich is dúdlik dat dizze teory nearne op basearre is.) Omreden fan 'e Kazaarske teory, dy't er oanhong, beskôge Renan de Joaden net as in feriene rasiale etnisiteit, sa't er yn1883 yn synlêzingLe Judaïsme comme Race et comme Réligion wiidweidich út 'e doeken die. Dat wie tsjin 'e seare skonk fan 'e 'echte' antysemiten, foar wa't Renan syn ideeën ûnakseptabel wiene.
Behalven oan taalkunde,skiednis enfilosofy bestege Renan ek oandacht oanletterkunde. Sa publisearre er yn1865 meiVictor Le Clerc inliteratuerskiednis fan itFrânsk yn 'efjirtjinde iuw. Njonken syn wittenskiplik wurk skreau Renan ekferslaggen fan syn reizen. En neigeraden dat er âlder waard, giene de tinzen fan Renan wat langer wat mear werom nei synjonkheid. Yn1883, doe't er krapoan sechstich jier wie, publisearre er itautobiografyskeSouvenirs d'Enfance et de Jeunesse ("Oantinkend fan [myn] Bernetiid en Jonkheid"), in wurk dêr't er tsjintwurdich yn Frankryk it bekendst fan is. Dêryn beskreau er net inkeld persoanlike dingen, mar ek, opromantyske wize, itBretanje fan syn jeugd. Syn eigen opromme, krityske,skeptyske en dochsoptimistyskegeast komt better nei foarren út synL'Ecclésiaste (1881) en synDrames Philosophiques (1888). Yn dat lêste wurk beskreau wer hoe't Prospero, itaristokratysk prinsipe, bûge moat foar Caliban, itdemokratysk prinsipe, en hoe't Ariel, itreligieus prinsipe, lykwols troch dy machtswiksel oan ynfloed wint.
Iver kin net ien Renan ûntstride. Mei sechstich jier, doe't er nei tweintich jier wurk einlings en te'n lêsten syn achtdieligeHistoire des Origines du Christianisme ("Skiednis fan 'e Oarsprong fan itKristendom") ôf hie, sette er daliks útein mei in like grut wurk, syn fiifdieligeHistoire du Peuple d'Israël ("Skiednis fan itIsraelityske Folk"). Dat basearre er op syn libbenslange stúdzje fan itAlde Testamint fan 'e Bibel en op itCorpus Inscriptionum Semiticarum, dat ûnder synredaksje fan1881 ôf ferskynde by de Académie des Inscriptions. As inhistoriografy besteande út feiten en teoryen slacht deHistoire du Peuple d'Israël op in protte plakken de planke mis, mar as in tiidsbyld oer hoe't religieuze ideeën yn 'enjoggentjinde iuw oan it ferskowen wiene, wurdt it noch altyd as fan grut belang beskôge. As wjerbyld fan 'e geast fan Renan sels is it ûnmisber foar synbiografen, en itselde jildt foar syn bondelessaysFeuilles Détachées, dy't yn1891 ferskynde.