Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Erik Satie

Ut Wikipedy
Erik Satie
Erik Satie, 1905
(foto: Bibliothèque nationale de France)
Selsportret

Erik Alfred Leslie Satie (Honfleur,17 maaie1866Parys,1 july1925) wie inFrânskkomponist enpianist. Hy libbe as inbohemien, hearde ta de Paryskeavant-garde. Hy wie maatskiplik in bûtensteander en waard sjoen as in koartswilige aparten-ien en provokateur. Syn oeuvre, dat foaral út piano- en toanielwurk bestiet, rekke nei syn dea fergetten. Dochs hie er by syn libben al ynfloed op oare komponisten, sa asClaude Debussy,Maurice Ravel,Darius Milhaud enFrancis Poulenc, en letter ek opJohn Cage. De Amerikaan Cage wie de man dy't yn de jierren 40 wiisd hat op de moderniteit fan Satie en dêrmei joech er de oanset ta nij omtinken foar Satie en syn wurk, mar yn de jierren 70 fan de20e iuw waard de muzyk fan earst Satie populêr.

Satie wie de foarrinner fan lettere muzykstreamings sa as itminimalisme,repetitive music, en it 'Teater fan it absurde'.

Satie hat yn Nederlân benammen bekendheid krigen troch de komponist, musikus en dirigintReinbert de Leeuw. Hy wie de yntepretator fan Saties pianomuzyk (" Ceuvres de jeunesse pour piano").

Wurk (kar-út)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Orkest

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Parade (1917), Ballet.
  • Relâche (1924), Ballet, dêryn:Cinéma (1924), Filmmuzyk.

Keamermuzyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Choses vues à Droite et à Gauche - sans lunettes (1912) foar fioele en piano

Lieten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Je te veux (1897), Valse chantée.
  • Tendrement (1902), Valse chantée.
  • La diva de l’empire (1904), liet.

Piano foar 2 hannen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Satie mei filmmakker René Clair by it meitsjen fan Entr'ace foar it ballet Relache
  • 3Sarabandes (1887).
  • 3Gymnopédies (1888).
  • 6Gnossiennes (1890).
  • Sonneries de la rose + crois (1892).
  • Pièces froides pour piano (1893).
  • Descriptions Automatiques (1913).
  • Heures Séculaires et Instantanées (1914).
  • Les Trois Valses distinguées du Précieux dégouté (1914).
  • Avant-dernières pensées (1915).
  • Sonatine Bureaucratique (1917).
  • 5Nocturnes (1919).

Filmmuzyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryEric Satie fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Erik_Satie&oldid=934014"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp