Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ennio Morricone

Ut Wikipedy
Ennio Morricone
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEnnio Morricone
nasjonaliteitItaljaansk
berne10 novimber1928
berteplakRome (Itaalje)
stoarn6 july2020
stjerplakRome (Itaalje)
etnisiteitItaljaansk
wurkpaad
berop/amtkomponist,dirigint
aktyf asfilmkomponist
jierren aktyf19462020
bekendste
  wurk(en)
The Good, the Bad and the Ugly
Once Upon a Time in the West
prizen2 ×Oscar
3 ×Golden Globe
4 ×Grammy Award
6 ×BAFTA
offisjele webside
www.enniomorricone.org

Ennio Morricone (Italjaanskeútspr.: [ˈɛɲo mɔriˈkoːne], likernôch: "en-njoo mor-ry-koo-nee");Rome,10 novimber1928 – dêre,6 july2020) wie inItaljaanskkomponist,dirigint enmuzikant dy't wrâldferneamd waard troch synfilmmuzyk. Hy skreau desoundtracks fan mear as 400films en komponearre dêrnjonken ek mear as 100klassike muzykstikken. Syn muzyk foar dewesternfilmThe Good, the Bad and the Ugly wurdt as ien fan 'e ynfloedrykste wurken út 'eskiednis fan 'e filmmuzyk beskôge, en itselde jildt foar syn soundtrack fan in oare western,Once Upon a Time in the West. Guon oare ferneamde films dêr't er de muzyk by makke, binneOnce Upon a Time in America,Red Sonja,The Mission,The Untouchables,In the Line of Fire,Wolf enThe Hateful Eight. Yn syn langekarriêre wûn Morricone twaOscars, trijeGolden Globes, fjouwerGrammy Awards en seisBAFTA's.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Morricone waard yn1928berne yn 'eItaljaanskehaadstêdRome, as de soan fan Mario Morricone, intrompettist dy't yn ferskateorkesten foar lichte muzyk spile, en dy synfrou Libera Ridolfi, dy't in lytsetekstylsaak hie. Synfamylje kaam útArpino, byFrosinone, 75 km súdeastlik fan Rome. Morricone hie trijesusters: Adriana, Maria en Franca. Hy hie ek inbroer, Aldo, mar dystoar noch foàr syn fjirdejierdei doe't itbernefamke him by fersinkersen fuorre, dêr't er slimallergysk foar wie. Morricone groeide op ynTrastevere, inwyk yn itsintrum fan Rome.

Fan synheit learde Morricone omnoaten telêzen en ferskatemuzykynstruminten te spyljen. Mei tolve jier gied er nei deAccademia Nazionale di Santa Cecilia, inkonservatoarium, om foar trompettist te learen. Dêrnjonken folge er ek lessen ynkomposysje enkoraalmuzyk. Ien fan syn learmasters wieGoffredo Petrassi, dy't in grutte ynfloed op syn fierdere ûntjouwing hie. Hy studearre yn1946 ôf as trompettist, hoewol't er trochlearde oant er yn1954 ek indiploma yn komposysje behelle.

Morricone (sittend yn'e midden) mei oare leden fan 'eGruppo di Improvvisazione di Nuova Consonanze
Ennio Morricone en syn freon en favorite trompettist-meiwurkerMauro Maur - Forum Studios yn Rome

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Morricone wie al mei seis jier úteinset mei it komponearjen fan syn earste muzykstikken, en hie dêr in natuerliktalint foar. Syn earste profesjonele stik makke er yn1946; dat wieIl Mattino ("De Moarn"), in klassyk muzykstik foarstim enpiano. Yn 'e jierren dy't dêrop folgen, hold er oan mei it skriuwen fan sokke stikken foar stim en piano, mar teffens sette er útein mei it komponearjen fan muzyk foarteäterproduksjes. Yn1953 waard him trochGorni Kramer enLelio Luttazzi frege om inarranzjemint te skriuwen foarmedleys yn 'eAmerikaanske styl foar in rigeradioprogramma's. Morricone draaide dêr syn hân net foar om en gie ûnderwilens ek troch mei it komponearjen fan klassike muzyk, wêrmei't er in fleksibiliteit as komponist sjen liet dy't de measten fan synkollega's net hiene. Fan1964 oant de opheffing yn1980 makke Morricone diel út fan 'eGruppo di Improvvisazione di Nuova Consonanza (GINC), in groep Italjaanske komponisten dy'tavant-garde-ymprovisaasjes makken, opfierden en ek opgrammofoanplaat útbrochten.

In protte fan Morricone syn wurken foarorkesten enkeamerorkesten datearje út 'e perioade tusken1954 en1959, lykasMusica per Archi e Pianoforte (1954),Sestetto per Flauto, Oboe, Fagotto, Violino, Viola e Violoncello (1955),Trio per Clarinetto, Corno e Violoncello (1956),Quattro Pezzi per Chitarra (1957), enConcerto per Orchestra (1957). Yn deselde tiid krige Morricone yn beskate fermiddens yn Itaalje bekendheid fanwegen syn muzyk foarharkspullen op 'eradio. Dêrtroch rekke er ek by detillefyzje belutsen. Sa arranzjearre er fan1956 ôfjazz- enpopmuzyk foar de ItaljaanskesteatsomropRAI. Yn1958 kaam er dêr yn 'e tsjinst, mar naam al op syn earstewurkdeiûntslach doe't him oansein waard dat it útstjoeren fan muzyk dy't trochwurknimmers komponearre wie, troch it bedriuwsreglemint ferbean waard.

Ennio Morricone by inorkestraaloptreden yn itHaadkertier fan 'e Feriene Naasjes ynNew York.

Dêrnei waard Morricone arranzjeur foar de Italjaanske tûke fanplatemaatskippijRCA Victor, dêr't er gearwurke mei û.o.Renato Rascel,Rita Pavone enMario Lanza, en letter ek mei Amerikanen asHelen Merrill enJimmy Fontana. Fan syn komposysjeOgni Volta (yn itIngelsk útbrocht asEvery Time), dy't yn1964 foar it earstsongen waard troch de AmerikaanskeartystPaul Anka, waarden ynItaalje in miljoen en wrâldwiid trije miljoen eksimplaren ferkocht. In oar grut súkses wieSe Telefonando, songen trochMina, dat yn Itaalje de op fjouwer nei bêst ferkeapjendesingle fan1966 wie. Oare artysten mei wa't Morricone gearwurke, wiene û.o.Joan Baez (Here's to You,1971), dePet Shop Boys (It Couldn't Happen Here,1987),Zucchero (Libera l'Amore,1989),k.d. lang (Love Affair,1994),Sting (My Heart and I,2001) enAndrea Bocelli (Conradian,2006).

Troch syn wurk foarradio entillefyzje rekke Morricone ein1950-er jierren foar it earst by defilmyndustry belutsen. Syn earstefilm wie datoangeandeMorte di un Amico fanregisseurFranco Rossi út1959, wêrfoar't er asdirigint fungearre en ek as mei-komponist fanMario Nascimbene, hoewol't er foar dat lêste net yn 'ebegjintitels neamd waard. Yn 'e1960-er jierren makke Morricone desoundtracks fan Italjaanske films asDiciotteni al Sole (1962),I Basilischi (1963),Menage all'Italiana (1965),Come Imparai ad Amare le Donne (1966),L'Harem (1967),Ruba al Prossimo Tuo (1968) enL'Alibi (1969). Ien fan 'e earstewesternfilms wêrfoar't er de muzyk makke, wieDuello nel Texas (1963).

Ennio Morricone yn2007.

Morricone syn grutte trochbraak kaam yn1964, doe't er foar it earst gearwurke mei de Italjaanske regisseurSergio Leone foar despagettywesternA Fistful of Dollars, mei yn 'ehaadrolClint Eastwood. Dat wie it earste diel fan in trijelûk dat letter mei weromwurkjende krêft deDollars Trilogy neamd is. It twadde diel,For a Few Dollars More, kaam yn1965 út, mar it wie it trêde diel,The Good, the Bad and the Ugly, dat Morricone as filmkomponist wrâldferneamd makke. Fral de weromkearendemeldijThe Ecstasy of Gold waard tige by tige bekend. De soundtrack fanThe Good, the Bad and the Ugly wurdt no beskôge as fan reuseftige ynfloed op 'e fierdere ûntwikkeling fan 'e ynternasjonale filmmuzyk. Yn1968 hie Morricone op 'e nij grut súkses mei syn muzyk foar in film fan Leone, te witten:Once Upon a Time in the West, mei ûnder oaren it nûmerMan with a Harmonica. Fan it soundtrackalbum fan dy film waarden wrâldwiid mear as tsien miljoen eksimplaren ferkocht en de muzyk wurdt sjoen as fan hast like grutte ynfloed as de sountrack fanThe Good, the Bad and the Ugly.

Morricone makke ek de soundtracks fan spagettywesterns fan regisseurs asSergio Corbucci enSergio Solima. Oare Italjaanske films wêrfoar't Morricone de filmmuzyk skreau, wiene û.m.Le Streghe fanMauro Bolognini (1966), en1900 (útspr.:Novecento) fanBernardo Bertolucci (1976). Yn 'eJeropeeskesinema wiene syn bekendste soundtracks dy fan 'e filmsLa Cage aux Folles (1978) enLa Cage aux Folles II (1980) fanÉdouard Molinaro,Il Ladrone (1980) fanPascuale Festa Campanile,La Cage aux Folle 3: 'Elles' Se Marient (1985) fanGeorges Lautner, en¡Átame! (1998) fanPedro Almodóvar.

Ennio Morricone yn2015dirigearjend yn 'eFesthalle Frankfurt.

YnHollywood skreau Morricone de muzyk foar û.o. de westernTwo Mules for Sister Sara (1970) fanDon Siegel mei yn 'e haadrollenClint Eastwood enShirley MacLaine; dehorrorfilmExorcist II: The Heretic (1977) fanJohn Boorman; descience fiction-horrorfilmThe Thing (1982) fanJohn Carpenter; dehistoaryskemisdiefilmOnce Upon a Time in America (1984) fanSergio Leone; defantasyfilmRed Sonja (1985) meiArnold Schwarzenegger enBrigitte Nielsen; ithistoaryskdramaThe Mission (1986) meiJeremy Irons; deplysjefilm oer deDrûchlizzingThe Untouchables (1987) meiKevin Costner,Robert De Niro enSean Connery; deanty-oarlochsfilm oer deFjetnamoarlochCasualties of War (1989) fanBrian De Palma; de plysjefilm oer deSecret ServiceIn the Line of Fire (1993) meiClint Eastwood enRene Russo; en dewearwolvefilmWolf (1994) meiJack Nicholson enMichelle Pfeiffer.

Morricone syn filmmuzyk waard yngeand werbrûkt foar oare films en fral foartillefyzjesearjes, lykas foar deDútskeKrimisearjeDerrick (1989), en yn 'e Feriene Steaten foar derjochtbankdramasearjeAlly McBeal (2001), detekenfilmsearjeThe Simpsons (2002) en demisdiesearjeThe Sopranos (2001-2002). Fral de Amerikaanske regisseurQuentin Tarantino liende Morricone syn muzyk geregeldwei foar syn films, lykas it gefal wie byKill Bill: Volume 1 (2003),Kill Bill: Volume 2 (2004),Inglourious Bastards (2009) enDjango Unchained (2012). Yn2014 sei Morricone nei't it skynt dat er "nea wer" mei Tarantino gearwurkje woe, al is oer dat sitaat letter wat kontroverse ûntstien. Hoe dan ek, hy skreau yn2015 in orizjinele soundtrack foar Tarantino syn filmThe Hateful Eight.

Erkenning

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Morricone waard foar syn muzyk seis kear nominearre foar deOscar foar bêste orizjinelefilmmuzyk, wêrûnder yn1979 foar de filmDays of Heaven fanTerrence Malick, yn1987 foarThe Mission fanRoland Joffré, yn1988 foarThe Untouchables fanBrian De Palma, yn1992 foarBugsy fanBarry Levinson, en2001 foarMalèna fanGiuseppe Tornatore. De iennichste kear dat er depriis wûn, wie yn2016, foarThe Hateful Eight fanQuentin Tarantino. Yn2007 waard oan Morricone fierders deEare-Oscar, inoeuvrepriis, takend.

Ennio Morricone ûntfangt dePer Artem ad Deum-medalje út 'e hannen fanaartsbiskopGianfranco Ravasi.

By deGolden Globes waard Morricone acht kear nominearre yn 'ekategory bêste orizjinele filmmuzyk, wêrûnder yn1985 foarOnce Upon a Time in America fanSergio Leone, yn1988 foarThe Untouchables, yn1990 foarCasualties of War fan Brian De Palma, yn1992 foarBugsy, en yn2001 foarMalèna. Hy wûn de priis trije kear: yn1987 foarThe Mission, yn2000 foarLa Leggenda del Pianista sull'Oceano fan Giuseppe Tornatore, en yn2016 foarThe Hateful Eight fan Quentin Tarantino. Morricone waard fierders yn1982 tegearre meiCarol Connors nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjineleliet foarIt's Wrong for Me to Love You yn 'e filmButterfly fan regisseurMatt Climber.

Morricone waard ek fiif kear nominearre foar de priis foar bêste orizjinele filmmuzyk by deGrammy Awards, wêrûnder yn1995 foarWolf fanMike Nichols, yn1997 foarL'Uomo delle Stelle fan Giuseppe Tornatori, yn1999 foarBulworth fanWarren Beatty, en yn2017 foarThe Hateful Eight fan Quentin Tarantino. Hy wûn de priis ien kear, yn1988 foarThe Untouchables fan Brian De Palma. Fierders waard Morricone yn2017 ek nominearre foar de Grammy foar bêste ynstrumintale liet foarL'Ultima Diligenza di Red Rock ynThe Hateful Eight. Hy wûn yn2007 de Grammy foar bêste ynstrumintele liet foarMan with a Harmonica ynOnce Upon a Time in the West, waard yn2009 opnommen yn 'eGrammy Hall of Fame foar de filmmuzyk fanThe Good, the Bad and the Ugly en ûntfong yn2014 deGrammy Trustees Award, in oeuvrepriis.

Ek wûn Morricone seisBAFTA's (de wichtichsteBritske filmprizen) foar bêste orizjinele filmmuzyk, yn1980 (Days of Heaven),1985 (Once Upon a Time in America),1987 (The Mission),1988 (The Untouchables),1991 (Cinema Paradiso) en2016 (The Hateful Eight). Fierders waard Morricone fiif kear nominearre foar inGlobe d'Oro en wûn ien (yn1993 foarIl Lungo Silenzio fanMargarethe von Trotta), en wûn er alve kear deNastro d'Argento, fiif kear deASCAP Award en twa kear deEuropean Film Award. Ek waard er trije kear nominearre foar deCésar du Cinéma en santjin kear foar deDavid di Donatello (wêrfan't tsien kear wûn). Ta ein beslút wûn er yn1995 deGouden Eareliuw fan itYnternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Ennio Morricone yn2009 op itYnternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Morriconetroude op13 oktober1956 mei Maria Travia, mei wa't er yn1950 yn 'e kunde kommen wie. Travia skreaulietteksten by de muzykstikken fan harman. Ta har wurken hearre û.m. deLatynske teksten by de filmmuzyk foarThe Mission. Morricone en defrou krigen fjouwerbern:soannen Marco (1957),Andrea (1964), dy't letter sels ek wurke as dirigint en filmkomponist, en Giovanni (1966) endochter Alessandra (1961). Morricone wenne syn hielelibben yn syn bertestêdRome en wegere stiiffêst him ynHollywood nei wenjen te setten, ek al hie dat better west foar synkarriêre.

Ferstjerren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ennio Morricone kaam op6 july2020 itakademysk sikehûs fan 'eUniversità Campus Bio-Medico yn syn wenplakRome yn 'eâlderdom fan 91 jier teferstjerren. De deadsoarsaak waard foarme trochferwûnings dy't er oprûn hie doe't er thús delknoffele wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryEnnio Morricone fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ennio_Morricone&oldid=1115125"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp