Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Emir

Ut Wikipedy

Inemir ofemier (de klam kin op beidewurdlidden lizze) is inaristokratyske ofaadlike titel dy't oarspronklik út itArabysk komt, mar troch de fersprieding fan 'eislaam ek yn oare dielen fan 'e wrâld brûkt wurdt of waard, wêrûnderSintraal-Aazje (spesifykAfganistan) enWest-Afrika. Emir komt fan it wurd أمير,’amīr (útspr.: [ʔæ'mi:r], likernôch "emmier"), dat tsjintwurdich yn 'e regel de betsjutting fan "prins" hat, hoewol't it foarhinne likegoed "kommandant" of "generaal" betsjutte koe. It komt fuort út 'e Arabyske woartela-m-r, dat "befel" betsjut. It wurd 'emir' krong oan 'e ein fan 'eMidsiuwen itFrânsk binnen 'e foarmémir; dêrwei fersprate it him oer frijwol alle oareJeropeesketalen. Defroulike foarm fan 'emir' isemiera (fan it Arabyske أميرة,’amīraẗ); it gebiet fan in emir is inemiraat, dat yn prinsipe itselde is as insoevereinprinsdom offoarstedom yn 'e lânseigen Jeropeeske terminology. Hjoed oan 'e dei is 'emir' de titel fan 'e hearskers fanKoeweit enKatar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Emir&oldid=821630"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp