Émile Durkheim (Épinal,15 april1858 –Parys,15 novimber1917) stie oan de basis fan desosjology ynEuropa, en wie benammen dwaande mei it probleem fan desosjale koheezje, ien fan de haadfragen yn de sosjology. Durkheim besette yn 1896 de earste Frânske learstoel foar sosjology en pedagogyk ynBordeaux. Sûnt 1902 wie Émile Durkheim heechlearaar oan deSorbonne yn Parys.
Émile Durkheim ûntwikkele de teory fan it kollektyf bewustwêzen, dat wol troch eltsenien selsstannich field wurdt, mar him as in aparte grutheid manifestearret. It hâlden en dragen fan yndividuen moat ferklearre wurde út de mienskip dêr't se ûnderdiel fan binne. Émile Durkheim beskreau it kollektyf bewustwêzen yn "Règles de la méthode sociologique" (1905).
Neffens Émile Durkheim is de minsk bûn oan de noarmen fan de omjouwing, dêr't de minsk as sosjaal wêzen ta feroardiele is om yn te libjen. De sosjale feiten kinne akllinnich ferklearre wurde út oare sosjale feiten. De mienskip is net de som fan de yndividuen, mar is in realiteit mei in eigen libben. Émile Durkheim wie in foarstanner fan de objektive stúdzje fan de sosjale werklikheid mei help fan statistiken. Hy waard sterk beynfloede trochAuguste Comte.
Syn boek oerselsmoard as sosjaal ferskynsel, "Le suicide" (1897), waard wrâldferneamd. Émile Durkheim skreau oer arbeidsferdieling yn "De la division du travail social" (1893).