Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Elymas

Ut Wikipedy
Yn it bywêzen fan 'e prokonsul Sergius Paulus wurdt Elymas ferbline troch de apostel Paulus.
Skilderij fanRaphael yn it Victoria and Albert Museum,Londen.

Elymas, ek wol bekend asBar-Jezus (Arameesk:Bar-Yeshua, soan fan Jezus,Latyn:Bariesu), wie injoadsketsjoender yn it gefolch fan 'etroch de Romeinske senaat beneamde steedhâlder fan Syprus, dy't yn itNije Testamint yn 'eHannelingen fan de Apostels 13:6-12 neamd wurdt.

De namme Elymas wurdt yn Hannelingen 13:8 de oersetting fan 'e namme Bar-Jezus neamd, alhoewol't deGrykske tekst ek sa begrepen wurde kin dat tsjoender de oersetting is fan 'e namme Elymas. Nei alle gedachten slacht de namme op in Semityske woartel, nammentlik of itArabyskealim (wize) of it Arameeskehaloma (útlizzer fan dreamen).

De apostelskiednis fan Lukas neamt him inMagos, d.w.s. tsjoender (oarspronklik inlienwurd út itPerzysk, dêr'tMager wize of leden fan in preesterstân betsjut, lykas bygelyks ekMattéus 2:1).

Neffens it bibelske ferslach besocht Elymas de Romeinske prokonsulSergius Paulus tsjin it boadskip datPaulus fan Tarsus enBarnabas ferkundige te beynfloedzjen. De twaapostels wiene troch de steedhâlder neiPafos roppen om him oerJezus te fertellen. De apostel Paulus wurdt dêr foar it earst mei syn Romeinske namme neamd; it wie doe gewoan dat joaden ek in Grykske of Romeinske hiene en sûnt dy tiid joech Saulus of Paulus him hieltyd faker op mei net-joaden.

Fanwegen it wjerakseljen fan Elymas drige Paulus him mei in tydlike blinens as straffe fan God en fuortendaliks foel tsjusternis op him, sadat er oan 'e hân nommen wurde moast om him it paad te wizen. Iere fertolkers lykasBeda Venerabilis ferwiisden nei Paulus syn eigen ûnderfining mei blinens: it fertsjusterjen fan 'e eagen koe in ferljochting fan 'e geast befoarderje. Ek is in ferwizing nei deastrologyske praktiken fan 'e tsjoender Bar-Jezus mooglik.

Nei dat wûnder bekearde Sergius Paulus him tait kristlik leauwe. Neitiid naamJehannes Markus ôfskie fan Paulus en Barnabas om werom te gean neiJeruzalem. Paulus en Barnabas reizgen dêrfoaroer fierder nei it plak, dêr't de famylje fan Sergius Paulus wenne,Antiochje.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar referinsjes en/of boarnen opde:Elymas
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Elymas&oldid=1174479"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp