Wiesel waard berne yn it Transsylvaanske Sighet (hjoeddeiske namme:Sighetu Marmației), yn it distriktMaramureş, yn 'eRoemeenskeKarpaten, as de soan fan Shlomo Wiesel en Sarah Feig, datchassidyskeHongaarskejoaden wiene. Syn heit, dy't him in sterkhumanistysk tinte libbensfisy bybrocht, wiewinkelman, en syn mem, dy't him yn itjoadskeleauwe grutbrocht, wiehúsfrou. Wiesel hie trije susters: twa dy't âlder as him wiene, Hilda en Beatrice, en ien jongeren, Tzipora. Yn 'e hûs sprieken de Wiesels meastJiddysk, mar ek wolDútsk,Hongaarsk enRoemeensk, en yn 'e winkel waard ek wolOekraynsk,Roeteensk enRussysk brûkt, wylst de bern oantrune waarden omHebriuwsk te learen, dat hja deTorah lêze koene. Sadwaande groeide Wiesel meartalich op.
Buchenwald,1945. Wiesel befynt him yn 'e twadde rige fan ûnderen, en is de sânde fan lofts.
Sighet lei yn it diel fan Transsylvaanje dat Roemeenje yn1940 ûnder druk fannazy-Dútslân ôfstean moast oan Hongarije, dat doe't yn1944 de Hongaarske joaden nei de konsintraasjekampen deportearre waarden, trof dat lot ek Wiesel syn húshâlding. Wiesel syn mem en syn suske Tzipora waardenfermoarde ynAuschwitz-Birkenau, wylst hysels en syn heit nei it subkamp Buna fan it oanswettendewurkkampAuschwitz III Monowitz ta stjoerd waarden, dêr't se ûnder abominabele omstannichhedentwangarbeid ferrjochtsje moasten. Dêr waard ek syn finzenenûmer, "A-7713", him op 'eearmtatoeëarre. Begjinjannewaris1945, doe't itReade Leger almar neieroan kaam, waarden de finzenen út dat kamp twongen om nei it westliker leine konsintraasjekampBuchenwald temarsjearjen. Wiesel syn heit beswiek dêr oan 'emishanneling troch sawol bewekkers as mei-finzenen wylst er al litte oandysentery,ûnderfieding enútputting, in pear wiken foar't it kamp op11 april befrijd waard troch itAmerikaanske Leger.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam Wiesel in hoartsje yn inFrânskweeshûs telâne, dêr't er wûnder boppe wûnder weriene waard mei syn susters Hilda en Beatrice, dy't de oarloch krekt as him oerlibbe hiene. Neitiid ûnderhold er him troch Hebriuwsk teûnderwizen en askoardirigint. Letter fûn er wurk assjoernalist by de FrânskekranteL'Arche. Hy skreau ek foar oare Frânske enIsraelyskedeiblêden en foar itJiddysktaligeTsien in Kamf. Yn1948 rekke er, yn 'e hoedanichheid fanoersetter nei it Jiddysk, belutsen by deterroristyskeorganisaasjeIrgun, dy't stribbe nei de fêstiging fan in Joadskesteat. In jier letter reizge er nei Israel ta askorrespondint foarL'Arche. Dêr waard er nei ferrin fan tiid oannommen troch de Israelyske kranteYedioth Ahronoth, as korrespondint ynParys.
Nei de oarloch wegere Wiesel mear as tsien jier lang en praat oer syn ûnderfinings yn 'e konsintraasjekampen. Uteinlik wie it de Frânske winner fan 'eNobelpriis foar de LiteratuerFrançois Mauriac, mei wa't er yn1952 befreone rekke, dy't him oerhelle om syn ferhaal op te skriuwen. Dat resultearre yn1956 yn syn earste,Jiddysktalige,autobiografyske boekUn di Velt Hot Geshvign ("En de Wrâld Swei"), dat publisearre waard yn itArgentynskeBuenos Aires. Neitiid werskreau Wiesel dat ta in koartere ferzje yn itFrânsk, ûnder de titelLa Nuit (De Nacht), dy't yn1958 útkaam. Sels mei de stipe fan Mauriac hie Wiesel noch muoite om dêr inútjouwer foar te finen, en it boek ferkocht yn 't earstoan min. Pas nei't deIngelskeoersettingNight yn1960 op 'e merk kommen wie, en demedia nei oanlieding dêrfan oandacht oan him skonken, begûnen syn boeken better de ferkeapjen. Hjoed de dei isLa Nuit oerset nei mear as 30talen, en om1997 hinne waarden der allinne yn 'e Feriene Steaten al 300.000 eksimplaren jiers fan ferkocht.
Aspolitykaktivist fan in beskaat kaliber hat Wiesel him ynset foar û.m. desteatIsrael; it lot fan 'eJoaden yn 'eSovjet-Uny en deFalasja's ynEtioopje; de striid tsjin 'eapartheid ynSúd-Afrika; de slachtoffers fan 'eSmoarge Oarloch ynArgentynje; it lot fan 'eMiskito-Yndianen fanNikaragua, de slachtoffers fangenoside yn 'eBosnyske Oarloch; deKoerdyske kwestje; en de slachtoffers fan 'e genoside ynDarfoer. Lykwols loek er him werom as foarsitter fan 'e Ynternasjonale Konferinsje oangeande de Holokaust en Genoside, en besocht dy gearkomste te annulearjen, om't Israel der beswier tsjin hie dat dêr ek deArmeenske Genoside behannele wurde soe. Mar yn2007 liet de Elie Wiesel Foundation for Humanity inbrief útgean, ûndertekene troch Wiesel sels en 52 oare Nobelpriiswinners, dêr't de ûntkenning fan 'e Armeenske holokaust yn feroardiele waard, en Wiesel hat by ûnderskate gelegenheden it behimmeljen fan dy misdie troch itTurkskeregear (dat beweart dat it in oarloch wie wêryn't fan wjerskanten wandieden begien waarden) "in dûbele moardpartij" neamd.
Op1 febrewaris2007 waard Wiesel yn inhotel ynSan Francisco oanfallen troch de 22-jierrige holokaustûntkenner Eric Hunt. Wiesel bleau ûnskeind, en Hunt moast it hotel ûntflechtsje sûnder wat bedijd te hawwen. Neitiid waard er oppakt en feroardiele ta inselstraf. Letter datselde jiers waard Wiesel nei't it skynt it kandidaatskip fan 'epartijKadima foar itpresidintskip fan Israel oanbean (wêrmei't er presidint wurde kinnen hie, want Kadima wûn dy ferkiezings), mar Wiesel toande net folle belangstelling. Yn2008 ferlearen Wiesel en syn frou frijwol harren hiele fermogen, en ferlear de Elie Wiesel Foundation for Humanity suver alle likwide middels, troch tadwaan fan 'eoplichterBernard Madoff, in man dy't Wiesel letter betitele as "in psychopaat".
1970 :Entre Deux Soleils ("Tusken Twa Sinnen yn"; essays en fraachpetearen; Frânsktalich)
1978 :A Jew Today ("In Joad Hjoed de Dei"; essays; Ingelsktalich)
1980 :Images from the Bible: The Paintings of Shalom of Safed, The Words of Elie Wiesel ("Bylden út de Bibel: De Skilderijen fan Shalom fan Safed, De Wurden fan Elie Wiesel"; oer keunst en religy, mei Shalom fan Safed; Ingelsktalich)
1985 :Against Silence: The Voice and the Vision of Elie Wiesel ("Tsjin it Ferswijen: It Lûd en de Fisy fan Elie Wiesel"; mei Irving Abrahamson; Ingelsktalich)
1972 :Célébration Hassidique ("Chassidyske Fiering"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Frânsktalich)
1975 :Célébration Biblique ("Bibelske Fiering"; biografyen fan bibelske personaazjes; Frânsktalich)
1978 :Four Hasidic Masters and Their Struggle Against Melancholy ("Fjouwer Chassidyske Masters en Harren Striid tsjin 'e Melankelikens"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
1982 :Somewhere a Master: Hasidic Portraits and Legends ("Earne in Master: Chassidyske Portretten en Leginden"; biografyen fan chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
1991 :Sages and Dreamers: Biblical, Talmudic, and Hasidic Portraits and Legends ("Wizen en Dreamers: Bibelske, Talmoedyske en Chassidyske Portretten en Leginden"; biografyen fan bibelske,talmoedyske en chassidyske foaroanmannen; Ingelsktalich)
1991 :Célébration Talmudique: Portraits et Légendes ("Talmoedyske Fiering: Portretten en Leginden"; biografyen fan talmoedyske foaroanmannen; Frânsktalich)
1998 :Célébration Profétique: Portraits et Légendes ("Profetyske Fiering: Portretten en Leginden"; biografyen fan joadske profeten; Frânsktalich)
2003 :Wise Men and Their Tales: Portraits of Biblical, Talmudic, and Hasidic Masters ("Wizen en Harren Ferhalen: Portretten fan Bibelske, Talmoedyske en Chassidyske Masters"; biografyen fan bibelske, talmoedyske en chassidyske lieders; Ingelsktalich)