Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ekwador

Ut Wikipedy
República del Ecuador
Flagge fan EkwadorWapen fan Ekwador
FlaggeWapen
Lokaasje fan Ekwador
Offisjele taalSpaansk
HaadstêdKwito
SteatsfoarmRepublyk
Ynwenners (2010)14.306.876
MuntAmerikaanske Dollar (USD)
TiidsôneUTC -5
Nasjonale feestdei9 oktober en 3 novimber
LânkoadeECU
Ynternet.ec
Tillefoan593

DeRepublyk Ekwador is in lân yn it noardwesten fanSúd-Amearika. Dehaadstêd isKwito. It is ferneamd nei deevener (yn itSpaansk:ecuador), dat it lân midstwa snijt.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It wurdt begrinzge troch

Ekwador bestiet út trije parten: de tichtbefolke kuststripe oan deGrutte Oseaan, it heechlân fan deAndes (heechste berchGimborazo, op 6310 meter) en it leechlân fan de Oriente, dêr't him oant-en-mei de grins meiPerû intropysk reinwâld útstrekt.

De op sa'n 1000 km ôfstân lizzendeGalapagoseilannen mei syn unike bistewrâld (skyldpodden, reuze hagedissen, fûgels) hearre ek by Ekwador.

It klimaat fertoant gjin grutte ferskillen yn temperatuer.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ekwador waard yn de15e iuw beset troch deInka's. DeKonkwistadores oermasteren it lân yn1534 en stiften de tsjintwurdige haadstêd Kwito.

Yn1822 waard Ekwador ûnôfhinklik fanSpanje, lykwols bliuw it oant fier yn de20e iuw it taferiel fan politike ûnrêst. Ferskate diktatoriale rezjyms kamen oan it bewâld, wylst bûtenlânske ynvestearders de Ekwadoraanskeoalje eksploitearren. De ûnmeugende rykdommen oan oalje dêr't it lân oer beskikte liede der ta dat demokratyske rezjyms net oan de macht komme koenen. Pas yn 1979 kaam der foar it earst in demokratyske regearing. Dizze regearing hie sûnt it begjin te krijen mei in grutte ekonomyske krisis, ynflaasje en tanimmende skulden.

Yn april 2005 waard wêr in steatsgreep plige dêr't presidintLucio Gutiérrez romte meitsje moast foar syn fise-presidintAlfredo Palacio.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking fan Ekwador is tige divers.Mestizen, minsken fan mingd Spaansk-Yndiaanske komôf foarmje mei nei skatting goed 65% it grutste part fan de befolking. De omfang fan deYndianen, dy't benammen yn deAndes wenje, wurdt holden op in lytse 7% fan de befolking, mar lykwols ferskillen de mieningen hjiroer. Neffens eigen sizzen meitsje sy wol 25% fan de befolking út. Fierders bestiet tusken de 7 en de 10% fan de befolking út ôfstammelingen fan de Spanjerts, en der binne ôfstammelingen fanAfrikaanskeslaven dy't mei skippen nei Ekwador brocht waarden. Yn de stêden wenje ek minsken fanArabyske komôf, fralymmigranten útLibanon en harren neisieten.

Om-ende-by 80% fan de Ekwadorianen heart by deRoomsk-Katolike Tsjerke, en sa'n 11% binneProtestantsk. Yn de wyldere parten fan Ekwador hat it âlde ynhiemske leauwen har fermongen mei katolike ynfloeden. In protte religieuske festivals en jierlikse parades binne basearre op âlde godstsjinstige fieringen.

De offisjele taal yn Ekwador is itSpaansk.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ekwador&oldid=1100038"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp