Egypte is in lân ynNoardeast-Afrika, wêrfan it skiereilân Sinai part is fanSúdwest-Aazje. De haadstêd isKaïro en de presidint fan de it lân is sûnt juny 2012 Mohamed Morsi.
Egypte grinzet yn it noarden oan deMiddellânske See, yn it easten oan deGazastripe,Israel en deReade See, yn it suden oanSûdan en yn it westen oanLybje. Yn it easten fan Egypte leit deSinaï wat inskiereilân is dat ta itAziatyske wrâlddiel heart. Dat skiereilân is troch de lâningte fanSuez ferbûn mei de rest fan it lân.
It wichtichst is it gebiet dat foarme wurdt troch de ouwers en dedelta fan de rivier deNyl. Dat gebiet is hiel fruchtbêr en tige ticht befolke. It meastepart (96%) fan it lân heart ta deSaharawoastyn en is tin befolke. Yn it westen lizze lykwols noch in oantaloazes.
De jierlikse oerstreaming fan de Nyl smiet fruchtbere grûn op foar de lânbou, sadwaande setten minsken har al om 8000 f.Kr. nei wenjen yn dat gebiet. Om 3200 f.Kr. is der in kening Menes, dat de earste kening fan Egypte wurde soe. It duorre hast 3000 jier oant de tritichste en lêste dynasty bestean soe.
Yn de earste iuw brochtSint Markus itKristendom nei Egypte. Yn de6e iuw wurdt itEast-Romeinske ryk stadichoan itByzantynske ryk dat hieltyd yn kriich is mei dePerzen. Yn639 oerweldigen de Islamityske Arabieren Egypte, en wurdt deIslam it nije leauwen. Islamityske lieders keazen troch it IslamityskeKalyf holden yn de seis neikommende iuwen de macht yn hannen. Yn1517 wurdt Egypte in part fan itOttomaanske Ryk.
Yn1798 waard it lân in njoggen moannen beset troch in Frânsk eskpedysjeleger mei ginneraalNapoleon Bonaparte. Nei't de Britten mei admiraalHoratio Nelson foar de kust lâns besochten de Frânsen op te kearen, flechte Napoleon fan Egypte wei en lit syn leger yn Egypte.
Nei de oanlis fan itSuez kanaal hie Egypte hege skulden by de Britten. Yn1882 feroverje de Britten Egypte. Yn deEarste Wrâldkriich waard Egypte in Britsk protektoraat. Yn 1922 krige it lân mear foech, mar noch hieltyd mei in sterke Britske ynfloed. Wilens deTwadde Wrâldkriich krije de Britten help fan Egypte. Ek waarden út Egypte wei oanfallen tsjin de Dútsk-Italjaanske alliânsje. Yn 1942 ferliest itAfrika-korps fanErwin Rommel deSlach om El Alamein. It Suez kanaal waard letter brûkt foar militêr transport nei Aazje, yn de tiid doe't der noch tsjin de Japanners fochten waard.
Nei in steatsgreep yn 1952 waard opp 18 juny 1953 waard de Egyptyske Republyk ferklearre, meiMohammed Naguib as presidint. Yn 1954 waardGamal Abdel Nasser, de wiere beweger by de steatsgreep 1952, keazen as presidint troch deRevolusjonêre Ried. Presidint Nasser ferklearre Egypte folslein ûnôfhinklik fanGrut-Brittanje op 18 juny 1956. Mei nasjonalisaasje fan it Suez kanaal sette deSuez Krisis yn 1956 útein.
Twiske1958 en1961 hiene Egypte en Syrje tegearre de Ferienige Arabysk Republyk (FAR) en in konfederaasje mei Noard-Jemen, de Feriene Arabyske Steaten (FAS). De FAR as de FAS waarden yn 1961 wer opheven omdat de lannen it net lykfine koenen mei it liederskip.
Yn 'e Seisdeiske Kriich waard de Sinaï fan Israel beset. Wilens de Oktober Kriich yn 1973 woenen Syrje en Egypte wraak, mar dat mislearre.
Yn 1981 waarde presidint Anwar Sadat foar gearwurking mei de Amearikanen en frede mei Israel troch islamityske ekstremisten fermoarde. De fise presidint fan doe,Hosni Moebarak wie tenei diktator. Op 7 septimber 2005 wiene der ferkiezings dêr't Moebarak ek oan meidie. Moebarak krige 88% fan de stimmen.
Fan25 jannewaris2011 ôf brutsen der, nei de revolúsje ynTuneezje, ûnrêsten út yn ferskate stêden yn Egypte. Nei achttsjin dagen fan protest, droech Moebarak op 11 febrewaris de macht oer oan it Egyptyske leger.
Ynwennersoantal: 80.335.036 (2007); dat is 80,2/km² (2007); De befolking is wol tige konsentrearre yn de Nylfallei; yn 1900 wienen der nei skatting tsien miljoen Egyptners[1].
Kom Ombo: in timpel dy't bûten de stêd op in berch stie, wijd oanSobek mei de krokodillekop en oanHorus me de falkekop.
Karnak,Thebe enLuxor: yn deFallei fan de Keningen de plakken dêr't de ferneamdste timpelkompleksen is, mei tige moaie faraonyske monuminten fan keningen eneallju, weardefolle keunstwurken en ynskripsjes.
Memphis: de haadstêd mei de ymposante sfinks en it lizzende kalkstiennen byld fanRamses II.