Edmonton is de haadstêd fan de Kanadeeske provinsjeAlberta. It is de fiifde stêd fan Kanada, neiToronto,Montréal,Vancouver enCalgary. Yn 2005 hie Edmonton in ynwennertal fan 712.931 en yn de stedsomkriten, de saneamde “Edmonton Metropolitan Area”, wennen doe 1.016.000 minsken. De ynwenners fan Edmonton wurdeEdmontonians neamd. Yn 2004 fierde Edmonton har hûndertjierrich bestean.
De stêd beslacht leafst 684 kante kilometer; Edmonton is grutter kwa oerflak as bygelyksChicago of Toronto. Edmonton is dêrmei ek ien fan meast tinbefolke grutte stêden fanNoard-Amearika, mei in protte grutte parken en ûnbeboud terrein. De yndustry yn en om de stêd is grûnfeste op de gas- en oaljemerk en de diamantminen yn deNoardwest Territories.
Edmonton hat it grutste oerdekte winkelsintrum fan Noard-Amearika, deWest Edmonton Mall, en it grutste histoaryske park fan Kanada,Fort Edmonton Park. Fierders hat de stêd har eigen universiteit, de “Universiteit fan Alberta”, en is sy ferneamd as de “festivalstêd” troch it grutte tal kulturele aktiviteiten dy't dêr organisearre wurde.
Edmonton leit benei mids de provinsjeAlberta. De rivierNoard-Saskatchewan rint troch de stêd en streamt hielendal troch oant deHudsonbaai. De rivier hat yn de stêd is soad kreken en kleauen rûnom, mar dy gebieten binne wol beboud en by de stêd lutsen.