Edinburgh Emblemen Bestjoer Lân Feriene Keninkryk Lânsdiel Skotlân Gemeente EdinburghSifers Ynwennertal 464.990(2014) Oerflak 264 km² Befolkingsticht. 1.828,0 / km² Stêdekloft 1.339.000(2014) Hichte 47 m Oar Stifting <7e iuw Tiidsône UTC Simmertiid UTC +1 Koördinaten 55°57′11″N 3°11′20″W Offisjele webside www.edinburgh.gov.uk Kaart
Edinburgh , soms ferfryske taEdinburch ofEdinboarch (Ingelsk :Edinburgh ,Skotsk :Embra ,Embro ofEdinburrie ,Skotsk-Gaelysk :Dùn Èideann ,poëtysk :Edina ofDunedin ), is dehaadstêd fan itBritske lânsdielSkotlân . Dit plak leit yn 'e kriteLothian , oan 'e eastkust fan Skotlân en de súdkust fan 'eFirth fan Forth , en draacht yn itSkotsk deflaainamme Auld Reekie ("Ald Stjonkert"). Neffens in offisjele skatting út2014 hie Edinburgh doe 465.000 ynwenners, wêrmei't it de op ien nei grutstestêd fan Skotlân is (neiGlasgow ), en de op seis nei grutste stêd fan itFeriene Keninkryk . Asstêdekloft hat Edinburgh mei allefoarstêden derby inbefolking fan goed 1,3 miljoenminsken . Histoarysk stiet Edinburgh bekend as in sintrum fanûnderwiis (yn 't bysûnder op it mêd fan 'egenêskunde ), itrjocht ,literatuer ,wittenskippen entechnology .
Edinburgh leit yn it sintrale leechlân fanSkotlân , oan 'e súdlike kust fan 'eFirth fan Forth , dat insee-earm fan 'eNoardsee is dy't djip yn Skotlân ynsnijt, en dêr't fierder westlik derivier deForth yn útmûnet. De iepenNoardsee leit eins 42 km eastlik fan Edinburgh. Súdlik fan 'e stêd rize dePentlânheuvels op. Edinburgh makket diel út fan 'e kriteLothian (histoarysk fanMidlothian ), en ûntstie oarspronklik deunby deheuvel Castle Rock .
De moderne stêd wurdt wol fan sein dat er krekt asRome op sân heuvels boud is. Njonken Castle Rock binne datCalton Hill ,Corstorphine Hill ,Craiglockhart Hill ,Braid Hill ,Blackford Hill enArthur's Seat . Dy lêste heuvel, Arthur's Seat, is eins indeade fulkaan . Troch Edinburgh hinne streamt inrivierke dat itWetter fan Leith hjit, en dat bewesten de stêd útmûnet yn 'e Firth fan Forth. It sintrum fan Edinburgh wurdt yn midstwa spjalte trochPrinces Street (de "Strjitte fan 'e Prinsen"). Oan 'e súdkant leitOld Town , it âldste diel fan 'e stêd, en oan 'e noardkant leitNew Town , dat in stik minder âld is (mar al lang gjin "Nije Stêd" mear).
ItKastiel fan Edinburgh . Minsklike bewenning giet yn 'e krite fan Edinburgh, op grûn fanargeologyske fynsten, teminsten werom oant 10.500 jier lyn. De stêd sels waard foàr desânde iuw stifte troch iereKetyske bewenners fan Lothian, dy't infêsting op 'e heuvel Castle Rock oanleine. Yn638 waard Lothian ferovere troch deAngelen , en waard it in ûnderdiel fan itKeninkryk Noardumbrje . Edinburgh bleau yn 'e hannen fan wat letter de noardlikeAngelsaksen waarden oant it omtrint950 ferovere waard troch itKeninkryk Skotlân . Yn 'e ieretolfde iuw krige Edinburghstedsrjochten fankening David I fan Skotlân . Tsjin 'e midden fan 'efjirtjinde iuw (om1366 hinne) waard it foar it earst neamd (troch deFrânske kronykskriuwer Jean Froissart ) as dehaadstêd fan Skotlân. Nettsjinsteande ferskate ferwuostgings troch deIngelsen , lykas yn1356 (ûnder deTwadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch ) en yn1544 (ûnder de saneamdeRûge Hofmakkerij ) kaam Edinburgh dy klappen frij gau wer te boppe.
Yn 'esechstjinde iuw wie Edinburgh it sintrum fan 'eSkotske Reformaasje . Nei't de Skotske keningJakobus VI yn1603 ekkening fan Ingelân waard en sadwaande mei syn hof neiLonden ferhuze, sakke Edinburgh ynpolityk opsjoch foargoed yn oansjen. Yn1638 late it besykjen fanKarel I om inhierargyske biskoppestruktuer te yntrodusearjen yn 'eTsjerke fan Skotlân ta grut ferset fan 'epresbyterianen yn Edinburgh en de rest fan Skotlân, dat úteinlik ta in hichtepunt kaam yn 'eOarloggen fan de Trije Keninkriken . Yn 'e EdinburghskeGreyfriars Kirk waard doe it ferbûn (Covenant ) tekene troch in grut talpredikanten ,eallju enboargers . Neitiid waard Edinburgh yn1650 beset troch de Ingelske troepen fanOliver Cromwell fanwegen de Skotske stipe foar de troansbestiging fanKarel II .
Nei't yn1707 depersonele uny tusken Ingelân en Skotlân omset waard yn in politikenien, ferlear Edinburgh de status fan haadstêd fan in ûnôfhinklik lân. Yn 'e earste helte fan 'eachttjinde iuw ûntjoech de stêd him ta in wichtich sintrum fan itJeropeeske bankwêzen . Under deJakobityske Opstân fan 1745 waard Edinburgh in skoft lang beset troch Skotskeopstannelingen ûnder lieding fanprins Karel Edwert Stuart , better bekend asBonnie Prince Charlie . Yn 'e twadde helte fan 'eachttjinde iuw wie de stêd it hert fan 'eSkotske Ferljochting en krige it de bynamme "itAtene fan it Noarden", fanwegen alle grutte tinkers dy't har dêr sammelen, lykasDavid Hume ,Adam Smith ,James Hutton enJoseph Black .
It ynterieur fan itSkotske Parlemintsgebou . Tsjin1821 wie Edinburgh as it grutste plak fan Skotlân ynhelle troch de fluch groeiendeyndustrystêd Glasgow . Healwei de iuw rekke Old Town almar mear yn ferfal, oant der yn 'e1860 -er jierren grutskalich renovaasjewurk útfierd waard ûnder it liederskip fanboargemaster William Chambers . Dêrfandinne dat it âlde hert fan 'e stêd sa'nfiktoriaanske boustyl hat. Oan it begjin fan 'etweintichste iuw waard troch it krewearjen fanplanolooch Patrick Geddes mear renovaasjewurk ferrjochte, mar troch deekonomyske stagnaasje yn itYnterbellum rekke Old Town hieltyd mearferpaupere oant it stedssintrum yn 'e1960 -er en1970 -er jierren einlings en te'n lêsten op 'e nij oanpakt waard. Doe'tSkotlân yn1999 , nei inreferindum oer dy kwestje ,selsbestjoer krige, waard Edinburgh foar it earst yn hast trijehûndert jier wer de sit fan in nasjonaalparlemint .
Utsjoch oer Edinburgh, mei op 'e eftergrûn de deadefulkaan Arthur's Seat . Histoarysk stiet Edinburgh bekend as in sintrum fanûnderwiis (yn 't bysûnder op it mêd fan 'egenêskunde ), itrjocht ,literatuer ,wittenskippen entechnology . DeUniversiteit fan Edinburgh , dy't oprjochte waard yn1582 , is no ien fan 'e fjouweruniversiteiten yn 'e stêd. Yn Edinburgh stiet sûnt1999 ek itSkotske Parlemint , en dêrnjonken is it de sit fan 'eBritske monargy yn Skotlân. It is ek it plak dêr't de algemienesynoade fan 'eTsjerke fan Skotlân op jierlikse basis gearkomt.
Fierders is Edinburgh ferneamd om itYnternasjonaal Festival fan Edinburgh , dat sûnt1947 bestiet en elts jier yn 'esimmer in grut taltoanielopfierings enklassike-muzykkonserten nei de stêd ta hellet. Underdiel dêrfan is itYnternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh , dat elts jier ynjuny plakfynt.
Toeristyske attraksjes yn 'e stêd binne it ferneamdeKastiel fan Edinburgh , itPaleis fan Holyrood , itSkotske Parlemintsgebou , deKatedraal fan Sint-Giles , detsjerken Greyfriars Kirk , itNasjonaal Museum fan Skotlân , deSkotske Nasjonale Gallery enCanongate Kirk , en de histoaryskeOld Town en deachttjinde-iuwske New Town (dy't tegearre op 'eWrâlderfgoedlist fan 'eUNESCO steane). Niget kin men ek hawwe oan 'e saneamdeGreyfriars Bobby , inbyldsje op ittsjerkhôf fan 'e Greyfriars Kirk fan it trouwehûntsje dat nei de dea fan syn baas jierrenlang de wacht hold by dy syngrêf .
ItNasjonaal Museum fan Skotlân . It Old College-gebou fan 'eUniversiteit fan Edinburgh . Ålborg (Denemark ), sûnt 1991Dunedin (Nij-Seelân ), sûnt 1974Florâns (Itaalje ), sûnt 1964 Kathmandu (Nepal ), sûnt 1994Kiëv (deOekraïne ), sûnt 1989Kyoto (Japan ), sûnt 1994Krakau (Poalen ), sûnt 1995München (Dútslân ), sûnt 1954Nice (Frankryk ), sûnt 1958San Diego (deFeriene Steaten ), sûnt 1977Segovia (Spanje ), sûnt 1985Sint-Petersburch (Ruslân ), sûnt 1995Vancouver (Kanada ), sûnt 1977Xi'an (Sina ), sûnt 1985DeKatedraal fan Sint-Giles . Neffens in offisjele skatting op grûn fan gegevens fan 'e Britskefolkstelling fan2011 hie Edinburgh yn2014 inbefolking fan 464.990minsken , wêrmei't it de op ien nei grutstestêd fanSkotlân is (neiGlasgow ), en de op seis nei grutste stêd fan itFeriene Keninkryk . Debefolkingstichtens bedroech 1.828,0 minsken de km². Asstêdekloft hat Edinburgh mei allefoarstêden derby in befolking fan goed 1,3 miljoen minsken. Tusken2001 en2011 groeide de befolking fan Edinburgh mei 6,2%.
Wat derasiale opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn2011 sa: 91,7%blanken ; 5,5%Aziaten ; 1,4%swarten ; 1,4% oaren of fan mingdetnysk komôf.
Fan 'e befolking fan Edinburgh wie yn2011 84% berne yn itFeriene Keninkryk en 70% ynSkotlân . Der wennen yn Edinburgh 58.000 minsken dy't berne wiene ynIngelân , en fan 'e 15,9% dy't bûten it Feriene Keninkryk berne wiene, kamen 13.000 útPoalen , 8.600 útIerlân , 8.100 útSina , 6.500 útYndia , 5.900 útPakistan , 3.700 út 'eFeriene Steaten , 3.500 útDútslân , 2.100 útAustraalje , 2.000 útFrankryk , 2.000 útSpanje , 1.800 útSúd-Afrika en 1.800 útKanada .
Yn2011 bestie fierders 43,0% fan 'e ynwenners fan Edinburgh útkristenen (mei depresbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân as grutste denominaasje) en 2,6% útmoslims .
It byldsje fan Greyfriars Bobby. DeNasjonale Gallery fan Skotlân . Jakobus I & VI (1566-1625),kening fan Ingelân ,Skotlân enIerlân Robert Blair (1699-1746),dichter David Hume (1711-1776),filosoof Allan Ramsay (1713-1784),keunstskilder James Hutton (1726-1797),geolooch Fanny Calderón de la Barca (1804-1882),skriuwster James Nasmyth (1808-1890),útfiner Andrew Bonar (1810-1892),predikant John Stronach (1810-1888),sindeling William Bell Scott (1811-1890), keunstskilder en dichterJames Clerk Maxwell (1831-1875),natuerkundige Alexander Graham Bell (1847-1922), útfinerRobert Louis Stevenson (1850-1894), skriuwerIsaac Bayley Balfour (1853-1922),botanikus David Alan Stevenson (1854-1938),yngenieur Charles Alexander Stevenson (1855-1950), yngenieurArthur Conan Doyle (1859-1930), skriuwer en geastlike heit fanSherlock Holmes Douglas Haig (1861-1928),fjildmaarskalk (yn 'eEarste Wrâldoarloch Finlay Currie (1878-1968),akteur Sean Connery (1930), akteur en fertolker fanJames Bond John McNeill (1933), botanikusIan Richardson (1934-2007), akteurStuart Sutcliffe (1940-1962), keunstskilder enmuzikant Tony Blair (1953),politikus enminister-presidint fan itFeriene Keninkryk KT Tunstall (1975),sjongster Chris Hoy (1976),hurdfytser It haadkantoar fan 'eBank of Scotland . Edinburgh hat inseeklimaat mei koelesimmers en myldewinters . Ynjuly , de waarmstemoanne , is de trochsneedtemperatuer oerdeis 19,1 °C (nachts 11,5 °C), en yndesimber , de kâldste moanne, is dat 7,0 °C (nachts 1,3 °C). Rekôrtemperatueren wiene 31,4 °C op4 augustus 1975 en –14,6 °C op ferskate dagen yndesimber 2010 . Edinburgh kriget jiers trochinoar 704,3 mmdelslach , en hat yn trochsneed 124,2reinige dagen en 1.426,6 oerensinneskyn yn 'tjier .