Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

East-Timor

Ut Wikipedy
Repúblika Demokrátika Timor Lorosa'e
República Democrática de Timor-Leste
Flagge fan East-TimorWapen fan East-Timor
FlaggeWapen
Lokaasje fan East-Timor
Offisjele taalTetum,Portugeesk
HaadstêdDili
SteatsfoarmRepublyk
Gebiet
% wetter
15.007 km²
0,0­%
Ynwenners (2005)1.040.880
MuntAmerikaanske Dollar en Centavos (munten) (###)
TiidsôneUTC +9
Nasjonale feestdei20 maaie en28 novimber
LânkoadeTLS
Ynternet.tp
Tillefoan670

East-Timor is in lân ynSúdeast-Aazje. De haadstêd isDily.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

East-Timor wurdt begrinzge troch:

Ainaro.

De eilânrepublyk bestiet út it eastlik part fan it eilânTimor, de eilannen Atauro en Jaco, en Oecussi-Ambeno, in politikeeksklave, oan de westlike side fan it eilân, omringe troch West-Timor, dat by Yndoneezje heart.

It eilân Timor makket diel út fan deYndyske Arsjipel, en is it grutste en meast nei it easten lizzende fan deLytse Sûnda-eilannen. Yn it noarden fan it bercheftige eilân lizze deOmbaistrjitte,Wetarstrjitte en de grutteBandasee, yn it suden is deTimorsee dy't it eilân ôfskiedet fanAustraalje.

De heechste berch fan East-Timor isMount Ramelau (ek bekend as Mount Tatamailau) op in hichte fan 2,963 meter. Foar de noardlike kust lizze koraalriffen.

It klimaat is tropysk, meastentiids hjit en fochtich, wêrby't drûge en wiete seizoenen elkoar ôfwikselje. Haadstêd, grutste stêd en wichtichste haven is Dily, de twa-grutste stêd isBaukau.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

East-Timor wie fan1695 ôf in koloanje fanPortegal. It westlike part fan it eilân wie yn hannen fan de Nederlanners. Dizze situaasje bleau yn stân oant deTwadde Wrâldkriich doe't it hiele eilân troch deJapanners beset waard. Nei de oarloch kearden de Portugezen werom en kaam it westlik part yn besit fanYndoneezje.

Yn1974 wie yn Portegal deAnjerrevolúsje en sette de dekolanisaasje fan de Portegeeske koloanjes útein. Op East-Timor waarden foar it earst frije ferkiezings hâlden dy't lykwols tige ûnrêstich ferrûnen. De politike partijen wienen hiel bot ferdield en der folge in koarte boargerkriich, dêr't deFretilin ûnôfhinklikens by útrôpen. Goed ien wike letter foel it Yndonezyske leger East-Timor binnen. Der folge in bloedige striid dy't troch Yndoneezje wûn waard en makke East-Timor ta har 27ste provinsje.

DeFeriene Naasjes hawwe dizze anneksaasje nea erkend en jierren lang wie East-Timor it toaniel fan bloedige gefjochten, eksekúsjes, martelingen en hongersneed. Under druk fan it bûtenlân waard yn 1999 in referindum dêr't de befolking har útspruts foar ûnôfhinklikens. Op20 maaie 2002 waard East-Timor in selsstannich lân.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De befolking fan East-Timor, stiet bekend as de "Maubere", in eardere skeldnamme dy't troch de fersetbeweging oernomd is as in heldenamme, bestiet út in tal ôfsûnderlike etnyske kloften, dy't foar it grutste part ôfstamje fan itMalay folk en âlderePapoea-stammen. Der is ek in lytse Sineeske minderheid.

Fierwei de grutste religy yn East-Timor is itRoomsk Katolike leauwen (96,5%) en dêrneiProtestantske (2,2%) minderheden. LytseMoslim (0,3%),Hindû (0,02%),Boedistyske (0,06%) enanimistyske (0,8%) minderheiden foarmje de rest.

De twa offisjele talen binneTetum, in lokale Austronesyske taal enPortegeesk. Yn de hannel wurdt in protte Yndonesysk en Ingelsk sprutsen.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=East-Timor&oldid=972298"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp