Itearlel (Latyn:lobulus) is yn 'eminsklikeanatomy it ûnderste diel fan 'eearskelp, dy't it útwindige diel fan itear útmakket. Oars as de earskelp bestiet it earlel net útkreakbien, mar útfetweefsel. De foarm fan earlellen ferskilt per persoan. By guon lju binne de earlellen oan 'ehûd fan 'e sydkant fan 'ehals fêstgroeid, wylst se by oaren los hingje en inkeld fan boppen oan it ear fêstsitte.
In protte minsken, benammenfroulju, mar ek in soadmanlju hawwepiercings troch de earlellen: by manlju ornaris troch ien fan beide earlellen en by froulju troch allebeide. Troch dyearlelpiercings hinne drage sokken by wize fanlichemsfersiering danearbellen,earringen,earknoppen of oarsoartigesieraden. Dat gebrûk komt net inkeld yn 'e Westerske maatskippij foar, mar teffens yn grut tal oare sawolhistoaryske as hjoeddeistigekultueren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |