Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Duët

Ut Wikipedy
It Duët, fanHendrik ter Brugghen.

Induët is inmuzikalekomposysje of inmuzykstik foar twa persoanen.

Histoaryske betsjutting

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eRenêssânse waard mei in duët spesifyk in muzykstik oantsjut dat bedoeld wie as oefening, en dat dêrta troch inlearaar en in learling tegearre spile wurde koe.

Yn 'e klassike muzyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eklassike muzyk wurdt de term 'duët' benammen brûkt foar in komposysje foar twasjongers of foar twapianisten dy't tegearre op deseldepiano spylje, wylst foar alle oare sitewaasjes (wêrûnder dus ek twa pianisten dy't op twa ferskillende piano's spylje) de oantsjuttingduo brûkt wurdt.

Yn 'e popmuzyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'epopmuzyk wurdt de oantsjutting duët losser brûkt, bgl. foar twa sjongers dy't tegearre of ôfwikseljend inliet sjonge, of foar twamuzikanten dy't tagelyk of ôfwikseljend itselde soarte ynstrumint of ferskillende ynstruminten bespylje. Allinnich as twa muzikanten twa piano's bespylje, wurdt noch altyd sprutsen fan in pianoduo. Fierders kin de term 'duët' ek jilde foar in muzykstik dat troch twa persoanen útfierd wurde kin en yn bredere sin foar in net-muzikale aktiviteit dy't troch twa persoanen ferrjochte wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Duët&oldid=859434"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp