DeDriezumer Mar is in mar yn de gemeenteDantumadiel. De mar leit tuskenDriezum en deStrobosser Trekfeart. DeDriezumer Feart rint fan de mar nei it súdliker lizzende Driezum.
De Driezumer Mar is sa'n 20 ha. grut, dêr't sa'n 30 persint fan wetter is en it oare part sompich gerslân. Foarm en grutte fan de mar binne yn de rin fan de tiid feroare. It gebiet is eigendom fanSteatsboskbehear. Der binne altyd in soad fûgels.
De nammeDriezumer Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele nammeDriesumer meer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|