Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Dorothea Lange

Ut Wikipedy
Dorothea Lange
Lang mei in Graflex 4×5-kamera op in Ford Model 40
Lang mei in Graflex 4×5-kamera op in Ford Model 40
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitAmerikaansk
berne26 maaie1895
berteplakHoboken (Nij Jersey)
stoarn11 oktober1965 (70 jier)
stjerplakSan Francisco,Kalifornje,
wurkpaad
berop/amtFotograaf, fotosjoernalist
bekendste
  wurk(en)
Foto fan Florence Owens Thompson,Migrant Mother, 1936
prizenCalifornia Hall of Fame
offisjele webside
RKD-profyl

Dorothea Lange (berne asDorothea Margaretta Nutzhorn,26 maaie189511 oktober1965) wie in Amerikaanskedokumintêrefotograaf enfotosjoernaliste, benammen bekend fan har wurk foar de Farm Security Administration (FSA) yn 'e tiid fan 'eGrutte Depresje. Lange har foto's beynfloeden de ûntwikkeling fan dokumintêrefotografy en ferminsklikjen fan de gefolgen fan 'e Grutte Depresje.[1]

Libben en wurk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Migrant Mother, 1936

Lange waard berne as Dorothea Nutzhorn yn Hoboken, New Jersey. Har âlden Johanna Lange en Heinrich Nutzhorn wiene twadde generaasje Dútske ymmigranten.[2] Doe't se 7 jier wie krige se polio, in sykte dêr't op dat stuit gjin behanneling foar bestie. Se hold der in misfoarme rjochterfoet oan oer. Har heit liet har en har mem yn de steek doe't se 12 wie, reden foar har om de efternamme fan har mem oan te nimmen. Sy groeide op oan 'e Lower East Side fan Manhattan en gie nei PS 62 (skoalle) oan Hester Street, dêr't se 'ien fan 'e ienige net-Joaden wie - mooglik wol de iennige - yn in klasse fan 3.000 Joaden'.[3] 'Allinnich litten wylst har mem wurke, swalke Lange troch de strjitten fan New York, fassinearre troch de ferskaat oan minsken dy't se seach. Se learde te observearjen sûnder yn te gripen, in feardigens dy't se letter brûke soe as dokumintêrefotograaf.'

Nei in pear jier as assistint foar ferskate fotografen wurke te hawwen, iepene se yn 1918 yn San Francisco in portretstudio, dy't in sukses waard.
Yn 1920 troude se mei de skilderMaynard Dixon, mei wa't se twa soannen krige. Begjin 1935 krige se in baan as fotograaf foar it Amerikaanske oerheidsorgaan Resettlement Administration, dat letter Farm Security Administration hiet. Har opdracht wie it fêstlizzen fan de gefolgen fan de Depresje op it bot ferearme Amerikaanske plattelân. In foarm fansosjale fotografy. Hjirby arbeide se in soad op mei de ekonoom Paul Schuster Taylor, mei wa't se yn 1935 troude, nei in skieding fan Dixon.

De troch Lange en har kollega's foar de FSA makke foto's waarden fergees ta beskikking steld fan Amerikaanske kranten en tydskriften.

Har meast ferneamde foto is titeleMigrant Mother (Migrantemem) út 1936, dêr't Florence Owens Thompson op ôfbylde is mei trije fan har bern. De identiteit fan frou Thompson bleau lykwols ûnbekend oant 1978.

Yn deTwadde Wrâldoarloch rjochte Lange har, yn opdracht fan de War Relocation Authority, op it fêstlizzen fan de omstannichheden wêrûnder't Japanske Amerikanen nei deoanfal op Pearl Harbor ynternearre waarden. Nei de Twadde Wrâldoarloch joech hja les yn fotografy oan de San Francisco Art Institute. Nei al langere tiid oanhelle te wêzen mei ferskate sykten, ferstoar se yn 1965 oan sloktermkanker.

Galery

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Street Demonstration, San Francisco, maaie 1933
    Street Demonstration, San Francisco, maaie 1933
  • Broke, baby sick, and car trouble! ('Ta reapsein, siik bern, en autopech!'), 1937
    Broke, baby sick, and car trouble! ('Ta reapsein, siik bern, en autopech!'), 1937
  • These cotton hoers work from 6 a.m. to 7 p.m. for $1.00 near Clarksdale, Mississippi ('Dizze arbeiders wurkje fan 6 oere moarns oant 7 oere jûns foar $1.00 op it katoenfjild tichtby Clarksdale, Mississippi'), 1937
    These cotton hoers work from 6 a.m. to 7 p.m. for $1.00 near Clarksdale, Mississippi ('Dizze arbeiders wurkje fan 6 oere moarns oant 7 oere jûns foar$1.00 op it katoenfjild tichtby Clarksdale, Mississippi'), 1937
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryDorothea Lange fanWikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gordon, L. (2009)Dorothea Lange: a life beyond limits, New York: W.W. Norton.
  1. Hudson, Berkley (2009). Sterling, Christopher H. (ed.). Encyclopedia of Journalism. Thousand Oaks, Calif.: SAGE. siden 1060–67.
  2. Biografy Lange
  3. Arn, Jackson (March 5, 2020)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Dorothea_Lange&oldid=1203181"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp