| Domrémy-la-Pucelle |
 |
| Bertehûs fan Jeanne d’Arc |
| Emblemen |
 |
| Bestjoer |
| Lân | Frankryk |
| Regio | Grutte Easten |
| Departemint | Fogezen |
| Sifers |
| Ynwennertal | 102(2023)[1] |
| Oerflak | 8,99 km² |
| Befolkingsticht. | 11,35 ynw./km² |
| Hichte | 268-407 m |
| Oar |
| Postkoade | 88630 |
| Kaart |
|
| Kaart |
 |
| Lokaasje gemeente Domrémy-la-Pucelle yn it departemint Fogezen |
Domrémy-la-Pucelle is in plak en gemeente yn itFrânskedepartemint Vosges (Fogezen). It doarpke leit oan 'e rivier deMaas; tichteby it doarp mûnet deVair yn 'e Maas.
Westlik fan 'e buorren, noch op 'e himrik, leit in lytse beboske hichte fan 407 m, mei de namme Bosk Domrémy. De hichte oersjocht it oanswettende doarpke Les Roises.
Domrémy-la-Pucelle is ferneamd om'tJeanne d'Arc dêr berne waard. Har bertehûs is der noch en krige al yn1840 de status fan monumint. It hûs is no part fan it museum. Eartiids hjitte it doarp Domrémy; "la Pucelle" is der oan taheakke omdat it de bynamme fan Jeanne d'Arc is,la pucelle d'Orléans (de faam fanOrléans).
Oardel kilometer besuden it doarp, op in hichte by itBois Chenu, waard fan 1881 ôf debasilyk Sainte-Jeanne-d'Arc boud. De basilyk stiet op it plak dêr't Jeanne de stimmen fan hilligen hearde, dy't har oprôpen om Frankryk fan 'e Ingelsken (Godons) te befrijen.