Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Dominikanen

Ut Wikipedy
It wapen fan de Dominikanen

Dedominikanen ofpreekhearen (Ordo Praedicatorum, O.P.) foarmen inkatolikekleasteroarder dy't yn1216 stiften is trochDominikus Guzman (± 1170-1221), yn de tiid dat inkrústocht hâlden waard tsjin deKataren yn deLangedok. Ien fan de earste kleasters fan dizze oarde waard festige ynToulouse. De oarde hearde mei ûnder oar defransiskanen ta debiddeloarden. Sy folgje deRigel fan Augustinus.

De dominikanen (aktiven) krige yn de midsiuwen fan pausGregoarius IX deynkwisysjetaak opdroegen.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op itFjirde Lateraansk Konsylje fan 1215 wienen preekjen en sielesoarch neamd as de wichtichste preesterlike taken wêr't yn dy tiid troch preesters net genôch oandacht oan bestede waard. Dominikus Guzman, inmuonts hat spesjaal om yn dy need te foarsjen syn oarde oprjochten. Ein 1216 krige hy fan de pausHonoarius III goedkarring yn de bulReligiosam vitam foar dat inisjatyf. De earste leden fan de oarde waarden troch him nei universiteiten fanParys enBologna stjoerd om harren te bekwamen yn deteology. De oarde fan de dominikanen waard en wurdt skaaimerke troch yntellektuele ynspanningen, yngreven stúdzje, aktive ynteresse yn de stedske maatskippij, preekjen en misjonêre aktiviteiten. De dominikanen ferbûnenkontemplaasje (beskôging) mei aksje. YnUtert kaam yn 1232 de earste Nederlânske festiging fan de dominikanen.

In oantal bekende en wichtige hilligen hearden ta de oarde fan de dominikanen.Tomas fan Akwino (1225-1274) enAlbertus Magnus (sirka 1200-1280) krigen fan pausen de rang fantsjerkelearaar. De hilligeKatarina fan Siëna (1347-1380), in lekendominikaan dy't har aktyf mei de polityk dwaande hâlde, mei in protte minsken korrespondeare en mystike skriften skreau, krige yn 1970 as earste froulike hillige dizze ear. Fjouwer pausen hearden ta de oarde fan de dominikanen: pausInnosentius V, pausPius V, pausBenediktus XI en pausBenediktus XIII.

Krekt as de measte oare oarden hawwe de dominikanen tiden kind fan bloei en ferfal. Yn de13e iuw hat de oarde yn Jeropa in grutte opgong trochmakke. Mar yn de14e iuw kamen der klachten oer ferslopping. Lykwols bloeide de dominikaanskemystyk mei nammen asMaster Eckhart,Henrikus Seuse enJehannes Tauler.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Dominikanen&oldid=1044211"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp