Yn wittenskiplikûndersyk waard in dokumint faak asynformaasjeboarne neamd. Skaaimerk foar dysoarte ynformaasjeboarne is dat der troch de bank nommen gjin publike bestimming oan dizze samling gegevens sit.
Yn oparbeidzjen mei deoerheid, itbedriuwslibben en opliedingsynstituten is troch it Nederlânske Normalisaasje-ynstitút, innoarm opsteld foar it yndielen en útwurkjen fan dokuminten, de NEN 3126. Yn dy noarm binne foarskriften jûn oangeande[2]:
De skaaimerken fan it dokumint: dat giet oer it oanjaan fan identiteit fan it dokumint lykas de titel, skriuwer, datum en plak fan meitsjen, en spesifike oantsjuttings lykaskonsept ofkopy ofbetroulik ofgeheim.
De redaksjonele yndieling: dat giet oer it oanbringen fan ûnderskied yn detekst troch it brûken fan haden, yndielingstekens en fariaasjes yn de skriuwwize.
De typografyske yndieling: dat giet oer detypografyske saken fan setspegel of side-layout, marzjes, rigelnûmering, rigelôfstân enlêstekens oant noaten, ferwizingstekens en tabellen en figueren.
Grutheden en ienheden: oer it brûken fansymboalen enienheden yn benammen formules.