Direkteur ofdirektrise is de algemiene beneaming foar ien dy't de lieding hat oer inorganisaasje,bedriuw,tsjinst of ôfdieling. Sa'n ien kin begelyks lieding jaan oan in hannels- of yndustriële ûndernimming, sikehûs, skoalle,museum ensfh. (bygelyksfinansjeel direkteur, personielsdirekteur, skoaldirekteur ensfh.).
Yn de hannels- en bedriuwswrâld wurdt faak Ingelsk jargon brûkt; sa wurdt in term asChief Executive Officer (CEO) brûkt as in direkteur fan in bedriuw bedoeld wurdt.
De persoanen dy't yn in organisaasje de direkteursfunksjes ferfolle wurde mei elkoar de direksje neamd. Yn deamtlike wrâld wurdt sprutsen fan direksje assynonym foar de betreffende ôfdieling. Sa is bygelyks sprake fan de direksjelogistyk, de direksje personiel, de direksjekultuer, of by de ferskatebelestingstsjinsten: earste-, twadde-, tredde- ensfh. direksje.
Ingeastlik direkteur is de persoan dy't ferantwurdklik is foar de geastlike foarming binnen in ynstelling.
Inprinsipaal is in sjef of in superieur.
Yn de tweintichste iuw waard de direkteur fan in skoalle, ynstelling, organisaasje,... faak as prisipaal oantsjutten. Benammen yn Belgyske katolike fermiddens waard de term brûkt, seker as dy prinsipaal ek preester wie.
Mei in prinsipaal wurdt yn de bouwrâld inbouhear ofopdrachtjouwer bedoeld. Begjin 21e iuw wurdt prinsipaal yn de bouwrâld minder frekwint brûkt. "Bouhear" is noch wol gongber yn Flaanderen, mar yn Nederlân mear ferfongen troch "opdrachtjouwer".