Godstsjinstûndersikers út 'enjoggentjinde iuw, dy't útgiene fantaalkundige bestudearring en fanferlykjende mytology, beskôgen Dionysus faak as in útlânskegodheid dy't op in relatyf let tiidstip mar mei tsjinnichheid yn it tradisjonele Grykskepanteön opnommen waard. Dat idee basearren se op synmyten, wêryn't er in grut diel fan syn tiid op 'eIerde trochbringt mei omdoarmings om utens, en wrakselje moat om akseptearre te wurden as er ienris ynGrikelân weromkeart. It tinken wie dat Dionysus fan oarsprong miskien in god fan 'eTraasjers wie, dy't yn it gebiet wennen dat no rûchweiBulgarije en de noardlikeEgeyske kust fan Grikelân foarmet. Resinterargeologysk bewiismateriaal hat lykwols oantoand dat Dionysus eins ien fan 'e âldst bekende goaden út 'eGrykskekultuer is, mei in namme wêrfan't de oerlevering tebekgiet op itMyseenske Tiidrek. Om persiis te wêzen is in ynskripsje fan syn namme yn itLineêr B-skrift op diggels fanklaaitabletten weromfûn yn itPaleis fan Nestor ynPylos, datearjend fan omtrint1300 f.Kr.
Dionysus is degod fan 'ewyn, dedruverispinge,dronkenskip,fruchtberens,rituelesljochtsinnigens en ritueleútskroevenens. De ferearing fan Dionysus naam in grut tal ferskillende foarmen oan, markeunst enaktearjen foarmen der wichtige ûnderdielen fan. Synhjeldagen, lykas deDionysia fan it âldeAtene, wiene yn 't earstoan de driuwende krêft efter de ûntwikkeling fan ittoaniel. Debynamme fan Dionysus wieEleutherios, "de Befrijer", mei't syn wyn, muzyk en ekstatyskedûns syn folgelingen befrijde fanbleuens en soargen, en de bannen fan ûnderdrukking har betsjutting ûntnaam.
De sintralekultus fan Dionysus stiet bekend as dedionysyske mystearjes of debachyske mystearjes. De krekte oarsprong fan dygodstsjinst is ûnbekend, hoewol'tOrfeus der neffens demyten de betinker fan wie. Ut modern godstsjinstûndersyk is oan it ljocht kommen dat in protte boarnen enrituelen dy't lang as ûnderdiel fan it nei Orfeus ferneamdeorfisme beskôge binne, eins ta de dionysyske mystearjes hearre. Guon saakkundigen hawwe fierders oppenearre dat der gjin ûnderskie bestiet tusken de dionysyske mystearjes en de mystearjes fanPerséfoné, mar dat dy beide âlde religyen fasetten wiene fan deseldemystearjegodstsjinst, dêr't sawol Dionysus as Perséfoné in wichtige rol yn spile. Hoewol't de dionysyske mystearjes foarhinne as in fierhinneplattelânske religy yn 'e marzje fan 'e Aldgrykskemaatskippij sjoen waard, is no dúdlik dat de stêdAtene eins in wichtige rol spile yn 'e ûntjouwing en fersprieding fan dizze religy.
De dionysyske mystearjes hiene in wichtige rol yn it skeppen fan ritueletradysjes foaroergongen yn 'elibbens fan 'eminsken. Oarspronklik gie it dêrby benammen ommanlju enmanlikeseksualiteit, mar letter waard der ek romte skepen foar it ritualisearjen fan 'e feroarjende rollen fanfroulju en it fieren fan 'e feroarings yn status yn 'e rin fan 'e libbens fan 'e froulju. De dionysyske mystearjes omfetten ek faakofferrituelen wêrby't ien of meargeiten ofbollen offere waarden, en alteast guon fan 'e dielnimmers endûnsers droegenhoutenmaskers dy't mei Dionysus assosjearre waarden. Yn beskate gefallen waard de god yn it ritueel belutsen yn 'e foarm fan in maskere en oanklaaidepylder,peal ofbeam. De betsjutting dy't maskers en geiten yn 'e oanbidding fan Dionysus hiene, gie tebek op 'e alderierste dagen fan syn ferearing, en sokke symboalen binne ek fûn op 'eMinoyskegrêftombe byFaistos, opKreta.
Yn 'e tradysje fan itorfisme wie de 'earste Dionysus' de soan fanSeus enPerséfoné, dy't yn stikken skuord waard troch detitanen en neitiid werberne waard. Hy wie de god dy't troch de orfisten oanbean waard, mei't erdea enûnstjerlikens symbolisearre en gou as in gids op it mêd fan 'ereynkarnaasje.
De orfyske Dionysus wurdt soms ek wol oantsjut asSagreus (Gryksk: Ζαγρεύς,Zagreus). De ierste kearen dat dy namme neamd wurdt yn 'emyten, giet it om 'eoarehelte fan 'e goadinneGaia, dy't omskreaun wurdt as de heechste god. DetoanielskriuwerAiskylos bringt Sagreus yn ferbân meiHades, de god fan 'eûnderwrâld, itsij as de soan fan Hades, itsij as in alternative namme foar Hades sels. GodstsjinstûndersikerTimothy Gantz tocht, Hades syn identiteit as itktoanyskalter ego fan Seus yn acht nommen, dat Sagreus miskien fan oarsprong de soan fan Hades en Perséfoné wie, dy't letter lykslein wie mei de orfyske Dionysus, de soan fan Seus en Perséfoné. Der is lykwols gjin inkele orfyske boarne oerlevere dy't de namme 'Sagreus' brûkt om nei de orfyske Dionysus te ferwizen.
It is mooglik dat de assosjaasje tusken dy beide yn 'etrêde iuw (n.Kr.) bekend wie, doe't dedichterKallimachus deroer skreaun hawwe kinne soe yn in net-oerlevere boarne. Dêrfoar besteane oanwizings, mei't Kallimachus ynByzantynske boarnen oanhelle wurdt as immen dy't ferwiisd hat nei 'Dionysus Sagreus'.
Liber waard neitiid faak sjoen as folslein deselde god as Dionysus, hoewol't dat net algemien akseptearre wie.Sisero, bygelyks, hold mei klam út dat Liber en Dionysus ferskillende godheden wiene. Nettsjinsteande dat is it skoan mooglik dat Liber en Dionysus in bân hiene dy't tebekgie op in earder tiidrek as it klassike Grikelân en de stifting fan Rome. DeMyseenske godEleuteros, dy'tkomôf enikonografy mei Dionysus gemien hie, mar waans namme deselde betsjutting hat as dy fan Liber, soe nammentlik de god wêze kinne dêr't Dionysus en Liber letter beiden út fuortkommen binne.
Yn Rome wie it bekendste feest fan Bachus deBachanalia, dy't basearre wiene op 'e eardere GrykskeDionysia. Bachus waard opnommen yn it Romeinskepanteön as in aspekt fan Liber, en syn feest waard as ûnderdiel fan 'eLiberalia sjoen. Tanksij demyten oer synreizen en krewearjen op 'eIerde waard Bachus troch deRomeinen sjoen as inhistoaryskeheld, infergoade feroverder en stifter fan stêden. Sa wied er de patroangod fanLeptis Magna, ynTripolitaanje, dat er stifte hawwe soe. Dy stêd wie it berteplak fankeizerSeptimius Sevearus, dy't de kultus fan Bachus befoardere.
De Bachanalia soene praktiken omfieme hawwe lykas it útinoar skuorren fanlibbenebisten om itfleis rau op teiten. Dat tsjinne net inkeld as neispiling fan 'e dea fan Bachus troch tadwaan fan 'etitanen, mar wie ek inhillichsakramint dat syn oanbidders ienwurde liet mei harren god. NeffensLivius wiene de Bachanalia oarspronklik beheind tafroulju en waarden se mar trije kear yn 't jier holden. Se soene lykwolskorrumpearre wêze troch inEtruskysk-Grykske ferzje fan itselde feest, wêrnei'tdronken en fan sosjale remmings befrijde manlju en froulju fan alleleeftiden enmaatskiplike klassen fiif kear yn 'emoanne troch de stêd omdûkelen yn inorgy fanseks.
Livius beskreau de Bachanalia as in geheimsinnige, ûntregeljende en potinsjeelrevolúsjonêresubkultuer, dy't ferantwurdlik wie foar ferskate skanddieden tsjin 'e boargerlike en religieuzewetten ennoarmen en wearden fan Rome. It moderne tinken is dat Livius syn boarnen en syn eigen beskriuwings wierskynlik in soad ûntlienden oan ittoanielsjenre fan 'esaterspullen ynstee fan oan 'e wurklikheid. Yn elts gefal waard de kultus fan Bachus troch de Romeinske autoriteiten op in stuit mei grougeweld ûnderdrukt. Der waarden 7.000minskenarrestearre, wêrfan't de measten dedeastraf krigen. DeRomeinske Senaat liet inedikt ferspriede troch Rome en ûnderhearrige gebieten, deSenatus Consultum de Bacchanalibus. Dêryn waarden alle bachyskeorganisaasjes ferbean, en foar eltse gearkomste fan mear as trije froulju of twa manlju moast yn 't foar tastimming frege wurde fan 'e autoriteiten.
Yn 'efilosofy fan itneoplatonisme waarden mar tolve fan 'e Grykske goaden as folweardige godheden erkend; alle oaren soene aspekten fan dy tolve wêze. Yn datleauwenssysteem waard Dionysus/Bachus as in aspekt sjoen fanSeus/Jupiter. Yn 'e tradysje fan itorfisme kaam in útspraak fan inorakel fanApollo bekend te stean dat sei datSeus,Hades enHelios-Dionysus "trije goaden yn ien godheid" wiene. Dêrtroch waard Dionysus net inkeld mei Hades, de god fan 'eûnderwrâld, assosjearre, mar ek mei syn heit Seus. Fierders bliek der in folsleine identifikaasje út mei desinnegod Helios.
De lêst bekende oanhingers fan itGrykske en itRomeinskeheidendom waarden fier foar it jier1000, al of net ûnder twang, ta itkristendombekeard. Der waarden yn 'eMidsiuwen ferskate isolearre gefallen beskreaun fan mooglike weroplibbings fan 'e ferearing fan Dionysus. It is lykwols ûndúdlik hoefolle leauwe oft dêroan hechte wurde moat, mei't it yn alle gefallen gie om beskriuwings troch leardekristlikeauteurs dy't der sterk nei oerhongen om foarmen fanketterij te ynterpretearjen yn it har bekende ramt fan it heidendom fan 'eKlassike Aldheid, wylst it skoan om hiel wat oars gean koe.
Pas yn 'eachttjinde iuw kin mei wissichheid sprutsen wurde fan in weroplibbing fan 'e ferearing fan Dionysus, doe't yn itFeriene Keninkryk de saneamdeHellfire Clubs opdoeken. Dat wiene geheimsinnige genoatskippen fan oer it algemienrike lju dy't har dwaande holden meiokkulte saken. Der bestie frijwat ferskil tusken de ûnderskate Hellfire Clubs, mar guon wiene tige heidensk, en omfettenhillichdommen enofferrituelen. Dionysus/Bachus wie ien fan 'e populêrste godheden by sokkeklubs, yn 'e mande meiFenus enFloara.
Yn1820 rjochte in Ephraim Lyon ynEastford, ynNij-Ingelân, de Tsjerke fan Bachus op, wêrfan't er himsels útrôp tahegepreester. Hy krige fral oanhing ûnder pleatslikedronkelappen, en hold út dat dejingen dy'tstoaren nei de Bachanalia yn ithjirneimels gean soene.
Der bestiene yn 'eAldheid ferskate tradysjes en ferslaggen fan 'eberte, itkomôf en itlibben op 'eIerde fan Dionysus, dy't by fleagen tige yngewikkeld makke waarden troch syn ferskate werberten. Tsjin 'eearste iuw f.Kr. besochten guonauteurs, lykasDiodoarus Sikulus, it libbensferhaal fan Dionysus te harmonisearjen troch guon tradysjes wei te setten as misbegryp ofbedragerij, mar dat wie dúdlik in lettere ûntwikkeling. Hoewol't degeneälogy fan Dionysus yn in grut tal eardereliterêre wurken neamd waard, binne der mar in pear oerlevere dy't de eigentlikemyten oer syn ferskate berten neifertelle. Dêrby giet it omGrykske Diodoarus Sikulus synBibliotheca Historica, út 'eearste iuw f.Kr., wêryn't de berten en dieden fan 'e trije ynkarnaasjes fan Dionysus beskreaun wurde; it beheinde ferslach fan 'eRomeinske auteurGajus Julius Hyginus út 'eearste iuw (n.Kr.), dat de dûbele berte fan Dionysus beskriuwt; en in langer ferslach yn 'e foarm fan itepysk gedichtDionysiaka fan 'e GrykskedichterNonnus út 'efjirde iuw, wêryn't trije ynkarnaasjes fan Dionysus neamd wurde, krekt as yn it wurk fan Diodoarus Sikulus, mar dat benammen giet oer it libben fan 'e trêde Dionysus, de soan fanSeus enSemele.
Diodoarus Sikulus makket gewach fan guon âldere tradysjes, dy't hawwe wolle soene dat der in âldere,Egyptyske ofYndyske Dionysus bestie dy't it meitsjen fanwyn útfûn doe't er foar it earst mank de minsken libbe. Lykwols binne der alhiel gjin ferhalen oer sa'n eardere Dionysus oerlevere, en de measte (bekende) tradysjes skriuwereizen troch Ynje en de útfining fan wyn ta oan 'e lêste Dionysus. Neffens Diodoarus wie Dionysus oarspronklik desoan fanSeus enPerséfoné (of mooglik fan Seus enDemeter). As soan fan Seus en Perséfoné wie Dionysus deselde meihoarnen tariste godheid dy't letter beskreaun waard troch Hyginus en Nonnus, en dy't fereare waard troch deorfisten. It wie dizze Dionysus dy't it gebrûk fanoksen foar itploegjen útfûn hawwe soe, en syn oanbidders soene him mei hoarnen ôfbylde hawwe om him dêrfoar te earjen. Nonnus neamt dizze DionysusSagreus, wylst Diodoarus úthâldt dat er ek deselde wie as deTrasysk-Frygyske godSabazius. Oars as Nonnus en Hyginus jout Diodoarus lykwols gjin beskriuwing fan 'e berte fan dizze foarm fan Dionysus.
Neffens Nonnus soe Seus de goadinne Perséfoné, dy'ttroud wie mei synbroerHades, mar nochfaam wie,ferkrêfte hawwe om Dionysus by har oan te setten. Hja skonk meitiid it libben oan in hoarnepoppe, dy't Nonnus oantsjut as Dionysus Sagreus. Dy wie, nettsjinsteande synjonkheid, by steat en klim op 'e troan fan Seus. Ek koed er sûnder himsels te ferwûnjen mei dewjerljochtslaggen fan Seus boartsje, wat troch de oare goaden ynterpretearre waard as in teken dat er de rjochtlikeerfgenamt fan Seus wie.Heara, Seus synoarehelte, waard dêrtrochjaloersk, en ljochte detitanen yn oer dizze gong fan saken. Dy foelen de poppe oan en houden him synearms enskonken ôf, mar Dionysus foel de titanen oan yn in grut tal ferskillende foarmen, wêrûnder dy fan in poppe, in jongeling, Seus, inliuw, inwyld hynder, inslange, intiger en, ta einbeslút, inbolle. Om't de titanen it foar him oer net hâlde koene, griep Heara yn en deade de bolle mei in skreau. Dêrnei skuorden de titanen Dionysus útinoar enieten him op. Seus sette harren asbestraffing foardy skanddiefinzen ynTartarus.
Dizze myte fan 'e saneamdesparagmos, it útinoarskuorren fan Dionysus, wurdt ornaris beskôge as de wichtichste myte fan it orfisme. Hoewol't Nonnus dizze earste Dionysus de namme Sagreus jout, waard dy namme net brûkt troch de orfisten, dy't ienfâldichwei fan 'Dionysus' sprieken. De orfyske myten oer de earste berte fan Dionysus, gearstald troch godstsjinstûndersikers út in ferskaat oan boarnen út 'eAldheid, en ôfmakke mei oannames om 'e oerbleaune gatten op te foljen, giet sa. Seus hiegeslachtsmienskip mei Perséfoné yn 'e foarm fan in slange, en sette sa Dionysus by har oan. Nei de berte waard de poppe nei deberchIda brocht, dêr't de jonge Dionysus, krekt as Seus sels doe't er noch in poppe wie, bewekke waard troch deKorybanten,dûnsjende oanbidders fan 'e goadinneSybêle. Seus woe fan Dionysus synerfgenamt meitsje as hearsker oer ithielal, mar de jaloerske Heara trune de titanen oan om it bern tedeadzjen. By wize fanbespotting joegen de titanen oan Dionysus detyrsus, infinkelstâle, yn it stee fan Seus synskepter.
Neffens Diodoarus Sikulus leauden guon oanhingers fan Dionysus dat de god net letterlik op 'e Ierde berne wie, mar dat syn berteferhaal inallegory wie foar delibbenjaande krêft fan 'e goaden, dy't eltsenien yn 'enatoer oan it wurk sjen koe. Yn dy ferzje fan it ferhaal soe Dionysus de soan west hawwe fan Seus enDemeter, de goadinne fan 'elânbou. De god fan wyn waard dus berne as soan fan 'e goaden fanrein en lânbou, wêrnei't er troch de titanen deade, útinoar skuord en sean waard, wat derispinge en it proses fan wynmeitsjen symbolisearje soe. Krekt sa't de keale wynranken nei de ierde weromkearden om troch it proses fanferrotting dedruveplant wer ta it dragen fanfrucht te bringen, sa kearden de resten fan 'e jonge Dionysus werom nei de ierde (yn 'e foarm fan syn mem Demeter) sadat er werberne wurde koe.
It berteferhaal datGajus Julius Hyginus (±64 f.Kr.-17) yn synFabulae jout, komt fierhinne oerien mei de orfyske tradysje. Hyginus, dy't deLatynske nammen brûkt, skriuwt datLiber (Dionysus) oarspronklik de soan wie fanJupiter (Seus) enProserpina (Perséfoné). Nei't er útinoar skuord wie troch de titanen, fandele Jupiter de fragminten fan synhert byinoar en die dy yn indrankje dat er oanSemele joech, dedochter fanHarmonia enKadmus, dekening en stifter fanTebe. Dêrtroch rekke Semeleswier, wat de jaloerskens fanJuno (Heara) opwekke. Dy ferskynde oan it fanke yn 'e foarm fan harminne Beroë en beprate Semele om Jupiter te freegjen yn syn folle gloarje oan har te ferskinen. Doe't de god dat die, rekke it fanke ien fan syn wjerljochtslaggen oan en kaam om. De poppe Liber, yn harlimoer, oerlibbe it ynsidint en Jupiter droech him oer oan 'e soarch fanNysus.
Neffens Nonnus rekke de ierdgoadinneGaia, demem fan 'e titanen, oerstjoer nei't har bern troch Seus finzen set wiene foar harrenmoard op Dionysus. Dy oerstjoerens utere him ynbaarnend lân en siedendeseeën. Seus krigebegrutsjen mei har en om har del te bêdzjen en de wrâld ôf te kuoljen feroarsake er mei oanhâldende reinin grutte floed. Doe't it libben nei ôfrin fan 'eoerstreaming fernijd waard, ûntbriek it oanblydskip om't der gjin wyn wie. Dêrop besleat Seus dat er syn soan Dionysus de wrâld ynstjoere soe om 'e minsken te learen hoe't se wyn meitsje moasten. Deprinsesse Semele krige doe infoarsizzendedream, wêryn't Seus in fruitbeam ferdylge mei in wjerljochtslach, mar de frucht net skansearre. Hja kaam ta it besef dat hja sels de beam wie. Har heit, kening Kadmus, dy'tbenaud waard doe't Semele him oer har dream fertelde, droech syn dochter op omoffers oan Seus te bringen.
Dêrop kaam Seus by Semele doe't se opbêd lei enhie omgong mei har yn 'e foarm fan in slange. De prinsesse rekke swier, en om't se wist dat har soan in god wêze soe, waard segrutsk. Dat rôp dewrok fan Heara op, dy't bang wie dat Seus har as keninginne fan 'eOlympus ferfange woe troch Semele. Dat se gie nei de prinsesse ta yn 'e foarm fan in âldwyfke dat lang lyn de minne fan kening Kadmus west hie, en prate op Semele yn en makke har jaloersk op 'e oandacht dy't Seus oan Heara joech. Dêrmei fitere se har oan om Seus te freegjen yn syn folle gloarje foar har te ferskinen. Seus warskôge har dat gjin stjerlike minske dat ea oerlibbe hie, mar Semele hold oan, en de god foldie oan har fersyk. Semele rekke lykwols ien fan 'e wjerljochtslaggen oan dy't Seus yn 'e hân hie, en baarnde dêrop daliks wei tajiske. Dionysus, yn harlimoer, oerlibbe de flammen lykwols en Seus naaide him doe yn syn eigenboppeskonk yn, dy't in twadde limoer foar de poppe waard. Sa waard Dionysus berne út 'e boppeskonk fan syn heit.
Diodoarus hellet ek noch in alternatyf berteferhaal oan út in Egyptyske tradysje. Dêryn wurdt útholden dat Dionysus de soan wie fan 'e godAmûn, dy't troud wêze soe mei de goadinneReä. Amûn die lykwolsoerhoer meiAmalteia, dy't swier waard en it libben skonk oan Dionysus. Om't Amûn bang wie dat Reä it bern wat oandwaan soe as se syn bestean ûntdiek, brocht er it jonkje neiNysa, dêr't er yn ingrot op 'e noed pleatst waard fan Nysa, in dochter fan 'eheldAristaius. Mar Dionysus waard neitiid ferneamd om syn feardichheid yn 'eskiene keunsten, om synskientme en om synkrêft, en hy ûntdiek de keunst fan it wynmeitsjen doe't er noch in jonge wie. Synreputaasje brocht him ûnder de oandacht fan Reä, dy'tpoerrazen wie oer it bedroch fan Amûn. Se besocht Dionysus ûnder har macht te bringen, mar doe't dat mislearre, ferliet se Amûn en troude se ynstee meiKronos.
Neffens Nonnus joech Seus de poppe Dionysus oer oan 'e soargen fan syn soanHermes, deboadskipper fan 'e goaden en de god fanhannel endieverij. Dy bestege de soarch foar Dionysus út oan 'e lamiden, de dochter fan Lamos, dy'triviernimfen wiene. Mar Heara dreau de lamiden tasljochtsinnigens, en makke dat se de jonge Dionysus oanfoelen. Hy waard rêden troch Hermes, dy't him neitiid op 'e noed fankeninginneIno fanBoeoasje pleatste, sadat er fersoarge wurde koe troch hartsjinstfaam Mystis. Dyselde wijde Dionysus yn yn 'e rituelen fan 'emystearjes. Yn itpseudepigrafyskeearste-iuwske geskriftBibliotheka, fan Pseudo-Apollodoarus, jout Hermes oan Ino opdracht om Dionysus asfamkegrut te bringen, om him sa foar Heara te ferbergjen. Dochs wit Heara him te finen, en se ferwoastget it hûs dêr't er grutbrocht wurdt mei inoerstreaming. Hermes rêdt de jonge Dionysus op 'e nij en bringt him dan nei debergen fanLydje, dêr't de goadinneReä him grutbringt oant er foar himsels soargje kin.
Yn in oare ferzje fan it ferhaal wurdt Dionysus grutbrocht troch synneefMakris op it eilânEuboea. En yn wer in oare ferzje wurdt er oerdroegen oan 'ereinnimfen fanNysa, dy't foar him soargje oant erfolwoeksen is. Seus beleannet harren dan troch harren as deHyades mank destjerren oan itfirmamint te pleatsen. De berch Nysa is inmytologysk plak, mar it wurdt yn 'e Grykske myten altyd omskreaun as earne fier yn it easten of it suden.Homearus pleatst it "fier fanFenysje, by deEgyptyske stream". Oare boarnen hawwe it oerAnatoalje,Lybje,Etioopje (Herodoatus) ofAraabje (Diodoarus Sikulus). Neffens guon boarnen soe de jonge Dionysus ek ien fan 'elearlingen west hawwe fan 'esintraurChiron.
Doe't Dionysus opgroeid wie, ûntdiek er hoe't mendruveplanten ferbouwe koe om fandruvesopwyn te meitsjen. Mar Heara sloech him mei gekte, dat Dionysus ferlietGrikelân om as in sljochtsinnige swalker oer de Ierde te doarmjen. YnFrygje waard er lykwols genêzen trochSybêle, dy't mank de Griken bekendstie as Reä. Neitiid reizge Dionysus fierder om oeral yn 'e wrâld syn útfining fan it wynmeitsjen te fersprieden. Syn omdoarmings ynYnje allinnich al namen ferskatejierren yn beslach. Neffens Diodoarus hiene deekspedysjes fan Dionysus it karakter fan feroveringstochten, en brocht er de hiele wrâld ûnder syn bewâld útseinEtioopje enBrittanje.
Op syn omdoarmings rekke Dionysus, neffens Nonnus,befreone mei desaterAmpelos, mei wa't er neffens guon ferzjes fan it ferhaal sels inseksuelerelaasje hie. NeffensOvidius joech Dionysus him in druveplant dy't om inipebeam hinne slingere, om fan 'e fruchten wyn te meitsjen. Mar de rimpene Ampelos klom heech yn 'e yp om 'e druven te rispjen, ferlear syn lykwicht en kaam te fallen dat er it bestoar. Dionysus droech de jongeling nei de stjerren, dêr't er itstjerrebyldVindemitor waard, de "druveplôker". Nonnus fertelt in oare ferzje fan it ferhaal, wêrby't Ampelos omkomt as er in bolle beriidt en der ôf falt. De bolle wurdt stutsen troch inbrims dy't stjoerd is trochAte, de goadinne fan 'e dwaasheid, en giet dêrtroch op 'e rin. Deskikgoadinnen skinke Ampelos dan in twadde libben as wynrank, dêr't Dionysus de earste wyn út parset.
Doe't Dionysus nei syn reizen om utens weromkearde ynGrikelân, kanten ferskate hearskers harren oan tsjin synkultus, omreden fan 'e sljochtsinnigens en maatskiplike ûntregeling dy't dermei mank gie. Yn ien myte, dy't werferteld wurd yn ittoanielstikDe Bachai, fanEuripides, keart Dionysus werom neiTebe, it plak fan synberte, dêr't syn neefPenteus oer hearsket. Penteus, dy synmemAgave en synmuoikesIno enAutonoë wolle net leauwe dat Dionysus in god is. Nettsjinsteande de warskôgings fan 'eblineprofeetTiresias ferbiedt Penteus yn syn stêd sels de ferearing fan Dionysus.
Dêrop lokket Dionysus Penteus nei dewyldernis bûten de stêd ta, om 'eekstatyskerituelen fan 'emainaden te bespionearjen. Destrúnjeier Penteus, dy't hopet inseksueleorgy te sjen, ferstoppet himsels yn in beam, mar de mainaden ûntdekke him, en ta gekte dreaun troch Dionysus hâlde se him foar inliuw. Se falle mei de bleate hân op him oan en skuorre him útinoar. Under harren binne ek Penteus syn muoikes en syn eigen mem Agave, dy't him eigenhandich deholle ôfskuord en dy op in piik set en as introfee mei weromnimt nei har heitKadmus. As de gekte oerbetteret, ûntdekt se wat se dien hat. Dionysus arrivearret, ferballet Agave en harsusters út Tebe, en feroaret Kadmus en syn frouHarmonia yn slangen. Inkeld Tiresias wurdt sparre.
Yn 'eIlias fanHomearus wurdt in oare myte oer Dionysus ferteld. As keningLykurgus fanTraasje der lucht fan kriget dat Dionysus synkeninkryk besocht hat, lit er demainaden, de folgelingen fan 'e god, opslute. Dionysus lit dan in slimme en oanhâldendedrûchte oer hiel it lân komme, dy't debefolking oanset taopstân. Ek slacht er kening Lykurgus mei gekte, sadat er syn eigen soan oan stikken houd mei inbile om't er mient dat de jonge inklimmerblêdplant is dy'thillich is foar Dionysus. As inorakel dan deprofesije docht dat it lân drûch en ûnfruchtber bliuwe sil salang't Lykurgus libbet, wurdt de kening troch syn eigen folk grypt enfearne. Dêrop heft Dionysus deflok fan drûchte op. Yn in alternative ferzje fan dit ferhaal, dy't soms yn 'ekeunst ôfbylde wurdt, besiket Lykurgus Ambroasia, in mainade, te deadzjen, dy't dan troch tadwaan fan Dionysusferoare wurdt yn in wynrank. De plant slingeret him om 'e razene kening hinne enwjirget him stadich oant er it bestjert.
Homearus fertelt ek hoe't Dionysus, as er ris oan itstrân sit, sjoen wurdt troch guonseelju, dy't him foar inprins hâlde. Se besykje him teûntfieren en mei him fuort te silen om him foarlosjild frijkeapje te litten of him asslaaf te ferkeapjen. Gjintou kin him lykwols bine, en ynstee feroaret de god yn inliuw en dêrnei yn inbear, dy't alle opfarrenden deadzje útsein dejingen dy't op 'e tiid oerboard springe en yndolfinen feroare wurde. Inkeld deroerman,Akoites, dy't de god wer koe en syn maten fan it begjin ôf oan besocht hie tsjin te hâlden, wurdt sparre.
Yn in soartgelikens ferhaal hiert Dionysus ingalei fanTyrreenskeseerôvers yn om him fanIkaria neiNaksos te bringen. As er ienris oan board is, sile de seerôvers net nei Naksos, mar neiLyts-Aazje, dêr't se Dionysus as slaaf ferkeapje wolle. Diskear feroaret de god demêst en deroeirimen yn slangen, en hy follet it skip mei klimmerblêd en it lûd fanfluitmuzyk sadat de seerôvers der gek fan wurde en oerboard springe, dêr't se op 'e nij yn dolfinen feroare wurde. Yn 'eFeroarings fan Stal fanOvidius begjint Dionysus dit ferhaal as in jongbern, mar feroaret er oan board fan it seerôversskip yn in folwoeksen god.
In soad fan 'e dionysyske myten draaie om it ferdigenjen en bewizen troch de god fan syn godlikens oanskeptisy. Godstsjinstûndersiker Malcolm Bull murk op dat "it de foar twadderlei útlis fetbere posysje fan Bachus yn 'e klassike mytology werjout dat er, oars as de oareOlympyske goaden, ferlet hat fan in boat om nei […] eilannen te reizgjen dêr't er mei assosjearre wurdt." Paola Corrente murk op dat yn in soad boarnen it ynsidint mei de seerôvers oan 'e ein fan Dionysus syn tiid mank de minsken op 'e Ierde pleatst is. Yn dy sin tsjinnet dit ferhaal as definityf bewiis fan syn godlikheid, en wurdt it gauris folge troch syn delgong nei de ûnderwrâld om syn mem op te heljen, wêrnei't hja beiden opgean kinne nei dehimel om har by de oare Olympyske goaden te jaan.
Yn boek II fan synBeskriuwing fan Grikelân neamt degeograafPausanias twa ferskillende tradysjes oer Dionysus synkatabasis (oftewol delgong nei de ûnderwrâld). Beide ferhalen beskriuwe hoe't Dionysus delgiet neiHades om syn memSemele te rêden. Dêrfoar moat er foarby dehellehûnSerberus sjen te kommen, dy't op syn fersyk fêstholden wurdt troch synhealbroer, dehealgodHearakles. In sterk oanpaste fariant fan dizze myte foarme ek de basis foar dekomeedzjeKikkerts, fanAristofanes. (Dêryn reizget Dionysus as depatroangod fan 'e AteenskeDionysia op 'e nij ôf nei Hades om ien fan 'e gruttetrageedzjeskriuwers wer ta libben te bringen. Nei'tAiskylos enEuripides inoar mei in rige misledigings yn dichtfoarm bespot hawwe, falt de kar fan 'e god op Aiskylos.)
Nei't er Semele ophelle hat, komt Dionysus neffens in pleatslike tradysje mei har út 'e ûnderwrâld te foarskyn yn 'e ûnfiembere wetters fan inlagune oan 'ekust fanArgolis, deunby itprehistoaryske plakLerna. Datmystike barren waard dêr yn 'eAldheid elts jierbetocht mei innachtlik ritueel, wêrfan't de details geheim holden waarden. Neffens Corrente kin it letterlike opdûken fan Dionysus en Semele út it wetter fan 'e lagune foar harren beiden sjoen wurde as in symboalyske werberte.
Neffens dekristlike auteurKlemens fan Aleksanderje waard Dionysus op syn reis nei de ûnderwrâld bystien troch inProsymnus of Polymnus, dy't it paad wist. Dyselde easke as beleanning foar syn help om 'eminner fan 'e god wêze te meien. Hy stoar lykwols ear't Dionysus oan dat ûnthjit foldwaan koe, en om 'eskym fan Prosymnus tefreden te stellen makke de god doe infallus fan inoliiftûke, dêr't er by itgrêf fan Prosymnus op sitten gie. Dat ferhaal is inkeld út kristlike boarnen bekend, wêryn't it bedoeld wie om itheidendom yn diskredyt te bringen, mar it liket ek tsjinne te hawwen om 'e oarsprong fan geheime objekten út te lizzen, dy't brûkt waarden yn 'edionysyske mystearjes.
Yn in bekende myte wêryn't Dionysus inbyrol spilet, rekket syn âldementor enpleechheitSilenusfermist. De âldman isdronken rekke en fuortknoffele, en wurdt trochboeren oantroffen wylst er synroes útsliept en nei keningMidas fanFrygje brocht. Yn in alternative ferzje fan it ferhaal is erbewusteleas rekke yn 'eroazetún fan Midas. Yn elts gefal ken de kening him wer, en hy hat de âldman tsiendagen en nachten te gast en behannelet him mei alle égards, wylst Silenus synhof fermakket meiferhalen enlieten. Op 'e alfde dei bringt Midas Silenus by Dionysus, dy't de kening in beleanning nei kar oanbiedt foar syn goede die.
Midas freget de god om it sa te meitsjen dat alles dat er oanrekket, tenei yngoud feroarje sil. Dionysus seit dat it him spyt dat Midas gjin bettere kar makke hat, mar hy jout him syn sin. Midas is de wrâld te ryk, en hastiget him om syn krêften út te prebearjen. Yndie feroarje iniketûke en instien dy't er oppakt yn goud, mar synblydskip ferdwynt as ek syniten endrinken yn goud feroarje, en sels syn eigen dochter, as se him oankrûpt. De skokte kening wol dan wol gau wer fan 'eOanrekking fan Midas ôf, en hy bidt Dionysus om him te rêden fan 'eútdrûging enferhongering. De god jout him op 'e nij syn sin, en hjit Midas om him te waskjen yn 'e rivier dePaktolus. As der dat docht wurde syn goudmeitsjende krêften fuortwosken troch it wetter, en itsân fan it rivierbêd feroaret yn goud.
AsTeseus desliependeAriadne op it eilânNaksos efterlit, fynt Dionysus har entrout mei har. Yn in alternative ferzje fan 'e myte sjocht Dionysus Ariadne as Teseus har oan board fan syn skip bringt, en rekket er op slachfereale, wêrnei't er Teseus twingt om har op Naksos efter te litten. Yn elts gefal skinkt Ariadne him in soan dy'tOinopion hjit en dy't letterselsmoard docht ofombrocht wurdt trochPerseus. Yn guon ferzjes fan it ferhaal pleatst Dionysus dekroan fan Ariadne yn 'e himel as itstjerrebyld Corona. Yn oare ferzjes reizget er nei har dea nei de ûnderwrâld om har wer ta libben te bringen.
Yn in oare myte besiket denimfPsalakanta de leafde fan Dionysus te winnen oer syn leafde foar Ariadne. Dat slagget har lykwols net, en se wurdt feroare yn inplant.
Kallirroë is infrou útKalydon dy'tKoresus, inpreester fan Dionysus ôfwiist. Dêrop driget Dionysus alle Kalydoanske froulju sljochtsinnich te meitsjen, en jout Koresus opdracht om Kallirroë asminskeoffer om te bringen. De preester wegeret lykwols enslacht ynstee de hân oan himsels. Kallirroë smyt harsels dan yn in djippesaad, dy't letter nei har ferneamd wurdt.
Bassareus, ynTraasje. Oflaat fanbassaris, "foksehûd". Foksehûden waarden faak troch dionysyske kultisten droegen ûnder it útfieren fan harren rituelen. (Demainaden wurde ek wol 'bassariden' neamd.)
Bromios ofBromius (letterlik: "boalderjend", benammen fan 'ewyn). Dêrmei waard yn it foarste plak ferwiisd nei de sintrale myte fanferstjerren enweropstanning, mar ek nei destalferwikselings fan Dionysus asliuw enbolle, en de lûdroftigens fan lju dy'tbeskonken binne. Godstsjinstûndersikers sjogge der ek in bân yn mei Dionysus syn heitSeus, de Tongerder, yn 'e sin fan it boalderjen fan 'etonger.
Choiropsalas (χοιροψάλας, letterlik: "bargeplôker"). ItGrykske χοῖρος,choiros, wie ek insprektaalterm foar defagina, sadat dizze bynamme ferwiisd nei de rol fan Dionysus as god fan 'e fruchtberens.
Eleutherios (letterlik: "de befrijer"), in bynamme dy't Dionysus dielt meiEaros.
Endendros (letterlik: "hy yn de beam"), in ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens.
Enorches (letterlik: "meiballen"). In ferwizing nei Dionysus yn syn rol fan god fan 'e fruchtberens. It kin ek lêzen wurde as "yn 'e testikels"; dan soe it ferwize nei de myte datSeus depoppe Dionysus "yn synboppeskonk" ynnaaid hie, wat begrepen wurdt aseufemisme foar syn testikels. Dizze bynamme waard fral brûkt opSamos enLesbos.
Eridromos (letterlik: "goed-dravend"), neamd yn 'eDionysiaka fanNonnus.
Yn it Grykskepanteön naam Dionysus, tegearre meiSeus, de rol fan 'eTrasysk/Frygyske godheidSabazios oer. Yn it Romeinske panteön waardSabazius in alternative namme foar Bachus/Dionysus.
Behalven meiLiber út 'eRomeinske mytology enFûflûns út 'eEtruskyske mytology waard Dionysus ek gauris lykslein mei oare goaden. Sa waard deFrygyske godSabazios soms meiSeus, mar faker noch mei Dionysus identifisearre. Ek bestie yn 'e wrâld fan 'eAldheid rûnom it leauwe dat deGod fan 'eJoaden eins deselde wie as de Sabazios fan 'e Frygjers, en dêrmei dus ek deselde as Dionysus.
Yn 'eGrykske ynterpretaasje fan itEgyptyske panteön waard Dionysus fierders faak identifisearre meiOsiris, mei't de myten oer de ûntlidding fan Osiris en syn wergearstalling en weropstanning troch tadwaan fanIsis sterk lykje op 'e ferhalen oer it útinoarskuorren Dionysus troch de titanen en syn werberte as soan fan Semele. Neffens Diodoarus Sikulus wiene de beide goaden al yn 'efyfde iuw f.Kr. ferraand ta insynkretistyske godheid dy't bekend stie asDionysus-Osiris. Dyselde wie yn 't bysûnder populêr yn itPtolemayske Egypte, mei't dedynasty fan 'ePtolemeeën asGriken bewearden ôf te stamjen fan Dionysus, wylst se asfarao's rjochten jilde litte koene op ôfstamming fan Osiris. Sa koe it datMarkus Antonius enKleopatrafergoade waarden as Dionysus-Osiris, resp.Isis-Afrodite. Ek mei oare Egyptyske goaden waard Dionysus wol lykslein, wêrûnderSerapis enHermanûbis.
Fierders ferklearre yn 'efyfde iuw f.Kr. defilosoofHeraklitus, dy't tsjinstelden ferienje woe, datHades, de Grykske god fan 'edea, en Dionysus, dy't er omskreau as de "essinsje fan ûnferwoastberlibben" ien en deselde god wiene. Bewiis foar it histoarysk bestean fan in kultus om in inkele godheid Hades-Dionysus hinne is hiel breed, benammen mank deGrykske koloanjes yn Súd-Itaalje, as men útgiet fan 'e sterke oanwêzigens fan 'e symbolyk fan 'e dea yn 'e ferearing fan Dionysus. Sawol Hades as Dionysus waard fierders yn in trijefâldige godheid assosjearre meiSeus. Krekt as Dionysus hie Seus bannen mei deûnderwrâld, en waard er sterk identifisearre mei Hades, sa sterk sels dat se út en troch as twa tsjinstelde gesichten fan deselde god beskôge waarden. De feriening fan Hades, Seus en Dionysus ta ien god waard brûkt om berte, dea en weropstanning te symbolisearjen enhimel, ierde enhel mei-inoar te ferbinen.
Yn 'e moderne tiid hawwe in protteteologen en oaregodstsjinstûndersikers de oerienkomsten opmurken tusken de myten oer Dionysus en de ferhalen yn itNije Testamint fan 'eBibel oerJezus Kristus. Sa kinne se allebeide identifisearre wurde as foarbylden fan it mytologyskarchetype fan 'estjerrende-en-ferrizende god, ek al binne de details omtrint de dea en werberte fan Dionysus hiel oars as dy oangeandede dea enweropstanning fan Jezus. In oare dúdlike parallel is deberjochting fan beide: ynDe Bachai ferskynt Dionysus foar kening Penteus fanTebe om't er beweart godlik te wêzen, wat net leaud wurdt. Yn it Nije Testamint wurdt Jezus Kristus foar dejoadskehegepreestersAnnas enKajafas en letter foar deRomeinskelânfâdPontius Pilatus brocht om't er beskuldige wurdt fan 'e bewearing godlik te wêzen, wat er ûntstriidt. Nettsjinsteande oare paralellen, lykas itroomske idee fan 'etranssubstansjaasje fan 'ehosty, dy't yn hast persiis deselde foarm foarkaam yn 'e dionysyske mystearjes, binne de measte saakkundigen ta de konklúzje kommen dat de ferhalen oer Dionysus en Jezus hjir en dêr reitsflakken hawwe, mar eins folslein ferskillend binne.