Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Dildo

Ut Wikipedy
In 18 sentimeter silykoanen dildo

Indildo ofkeunstpenis is in langrûnen plastyk oflateks objekt mei in glêde ôfwurking, meastentiids yn 'e foarm fan in minsklikepyst. Dit kin brûkt wurde asseksboartersguod om ta seksuele tefredenens te kommen troch it yn 'efagina ofanus te stekken en op en del te beweegjen. It is ek in objekt foarseksueel fetisjisme. Yn tsjinstelling ta defibrator hat in dildo gjin trilmotor.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dildo's binne fan alle tiden. Men kin noch net krekt sizze oant hoefier ferlyn yn 'e skiednis de dildo foar 't earst brûkt waard. Mar der binne bewizen dat de dildo mei wissichheid 2006 ferlyn brûkt is. Benammen op antyk Grykskkeramyk binne der guon seksuele hannelingen mei dildo's ôfbylde en lyksa by it opgraven muorreskilderings ynPompeï bygelyks.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It wurdsje "dildo" soe ferwize kinne nei ark dy't op boaten brûkt waard. As der in gat yn 'e boat siet koene hja der in dildo ynstekke, op dizze wize isDildo, Newfoundland in plakje ynKanada mei de namme fan it histoaryske skippersark. Oare suggesjes foar de etymology fan it wurd is itItaljaanske wurd "diletto" (Frysk: optein).

Olisbos is in klassyk begrip foar in dildo, fan it Grykske ολισβος; ingodemiche is in dildo mei de foarm fan in pyst mei skroatum. Yn guon moderne talen, kin de namme "dildo" ferskate betsjuttings hawwe, lykas yn itRussysk (Фаллоимитатор, letterlik "ferrifele ymitaasje"),Spaansk (Consolador, letterlik "fertreasting") of yn itWelsk (cala goeg, letterlik "ferrifele pyst").

Farianten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
In lateks dildo mei dûbele kop(46 sentimer)

In dildo dy't yn 'e anus stutsen wurd en deryn bliuwt foar in beskate tiid wurd inbuttplug neamd. Dildos dy't brûkt wurde foar herheljende anale penetraasje, wurde ornaris as ienfâldige "dildos" beskôge en moat in flakke basis hawwe om hjir feilich mei boartsjen te kinne. Der binne ek "dûbele penetraasje-dildo's", mei ferskate foarmen steande yn deselde rjochting foar it tagelyk anaal en faginaal stimulearjen, of foar twa persoanen dy't ien dildo meiïnoar diele. Yn dit gefal, wurd de troch beide persoanen tagelyk brûkt en op itselde stuit hawwe beide persoanen stimulaasje.

Der binne dildos makke foar froulju om in oar manlik of froulik persoan te stimulearjen, dizze wurde infoarbynpyst neamd, of infoarbynpystdildo, dy't nei binnen ta droegen wurde kin, soms mei fibrearende masinas keppele om utens.

Foarbyn dildos kinne in dûbel-ein ha, hokker brûkt wurde kin by in pearke dy't anaal of faginaal eksperimintearje wol. Hja kinne ek brûkt wurde foarseksuele penetraasje by de man.

Oare dildos omfiemje ûntwerpen dy't oan de holle fan ien partij past wurde kine, opblaasbere dildos, en dildos mei sûg koppen keppele oan de basis. Mei helpmiddels foar dildos kinne je in dildo om je middel hâlde, op 'e holle sette, of op fêste ûndergrûn pleatsen.

It is noch mar koartlyn dat de dildo sosjaal akseptearre waard, en wurd as seksboartersguod hieltyd populêrder. Der is op it stuit in riik ferskaat en dildos wurde no ek mei djoere materialen makke.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Dildo&oldid=1111498"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp