Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Digraaf

Ut Wikipedy

Indigraaf (út itLatyn, letterlik "twa-skrift") is inletter (eins sekuerder omskreaun as ingrafeem) dy't twa symboalen kombinearret om as ien inkeld elemint yn 'estavering te fungearjen. Yn itFrysk en itNederlânsk komt datoangeande de ij (haadletter IJ) foar. Hoewol't dy, benammen by it typen, ornaris i-j stavere wurdt, feroaret dat neat oan 'e útspraak. By it skriuwen sitte de ôfsûnderlike eleminten fan dizze digraaf faak oaninoar, en sels as dat net sa is, bliuwt it dochs in digraaf, om't it foar ien inkeld lûd stiet, nammentlik detwaklank [ɛi̭]. Ek yn oaretalen komme sokke oaninoar skreaune digrafen foar: yn itDútsk de ß (fan 'sz'); yn itFrânsk de œ (fan 'oe') en yn 'eSkandinavyske talen de æ (fan 'ae'). Mar net alle digrafen wurde oaninoar skreaun. Sa kinne yn it Frysk ek 'ng', 'nj' en 'sj' foar digrafen oanmurken wurde. It begryp 'digraaf', dat útgiet fan 'eútspraak, moat net betize wurde mei de term 'ligatuer', wêrmei't ferwiisd wurdt nei intypografysk oaninoar skreauneletterkombinaasje, lykas de digrafen ij, ß of æ, mar ek lykas №, ₢, ₧ en fl, dat dúdlik gjin digrafen binne (om't se net ien inkeld lûd fertsjintwurdigje).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David,The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin),ISBN 0 14 05 14 163, s. 90.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Digraaf&oldid=845370"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp