Die Hard with a Vengeance, somsDie Hard 3 neamd, is inAmerikaanskeaksjefilm enplysjefilm út1995 ûnderrezjy fanJohn McTiernan, mei yn 'ehaadrollenBruce Willis,Samuel L. Jackson enJeremy Irons. Detitel is in fariaasje op 'e namme fan 'e foargeande films, dy'tDie Hard hieten, wat letterlik "Stjer Dreech" betsjut (mar einsoerset wurde kin as "Taaienien").Die Hard with a Vengeance betsjut dan sokssawat as "Stjer Noch Helte Dreger" (of "Noch Folle Taaierenien"). Itferhaal folget deNew Yokskeresjersjeur John McClane, dy't diskear it doelwyt wurdt fan interrorist dy't himsels 'Simon' neamd. Dyselde lit him en in ûnwilligeboarger, deswarte Zeus Carver, troch de hiele stêd hinne healwize en gefaarlike opdrachten útfiere en nuvere riedsels oplosse, nei't it skynt omwraak te nimmen op McClane foar dedea fan synbroer, dy't McClane sân jier earder ombrocht hat.Die Hard with a Vengeance wie it trêde diel yn 'eDie Hard-filmsearje, en folge as sadanich opDie Hard 2, út1990. De film krige fan 'efilmkritisy mingderesinsjes, mar wie yn 'ebioskopen in reuseftichkommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat duorre it tolve jier foar't der in fjirde diel yn deselde rige útkaam:Live Free or Die Hard, út2007.
Deplysje hat net folle kar as om oan Simon syn eask te foldwaan. Dat Cobb stjoertresjersjeurs Joe Lambert en Connie Kowalski derop út om McClane te sykjen. Dyselde stiet nammentlik op 't heden opnon-aktyf. Sûnt er in jier lynfan tafel en bêd skieden is fan synfrou Holly, is it mei McClane hurd yn it neigean rekke. Hy isoan 'e drank en as Lambert en Kowalski him opskarrelje, is er dan ek krekt oan it bekommen fan in flinkekater. Wylst er yn inplysjebuske út 'eklean giet en him tariedt troch sterkekofje tedrinken en hannenfolaspirine yn te nimmen, hat er it mei resjersjeur Ricky Walsh oer de útslach fan 'elotterij fan 'e foargeandejûn; Walsh, dy't altyd ynset op synpeinjenûmer 6991, hat wer bûten deprizen grepen. Nei't er yn Harlem yn syn ûnderbroek mei it sandwichboerd om útstapt is, lûke de oare plysjes har werom om him oer in kertier wer op te pikken.
Underwilens fertelt dêr fuortby de swarteelektrisiên enslottemakker Zeus Carver oan synomkesizzer Dexter en ien fan synfreontsjes, dy't er opskoaltsjeskûljen trappearre hat, dat se sjen moatte dat se opskoalle komme. Se moatte inoplieding krije om foarút te kommen yn 'emaatskippij, sadat se letter net takriminaliteit ferfalle, of, noch minder, trochblanken holpen wurde moatte. As Carver McClane mei syn oanstjitjaand boadskip omrinnen sjocht, komt er út synwinkel om him it mannewaar op te sizzen. McClane fertelt him wa't er is en wêrom't er dit docht, wêrnei't Carver him helpt en ûntkom oan in manmachtigestrjitbinde fan jonge swarten, dy't McClanefermoardzje wolle as se him yn 'e gaten krije. Werom op itplysjeburo skillet Simon wer op, dy't it flau fynt dat Carver syn spultsje bedoarn hat. Foarstraf moat Carver no ek meispylje, en sa net, dan sil er mear bommen ûntploffe litte.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Gebrûkmeitsjend fanbernerymkes jout Simon oan McClane en Carver opdracht om binnen 30 minuten itmetrostasjon oanWall Street berikken, dat 90 stedsblokkensúdliker leit. Helje se dat net, dan lit er in bom ôfgean yn 'emetro as dy dat stasjon binnenrint. Mei't de hiele stêd noch yn 'e file stiet, liket dat in ûnmooglike opdracht, mar nei't hy en Carver intaksy opfoardere hawwe, jeit McClane plankgas dwers trochCentral Park, wêrnei't er inambulânse skillet dêr't er it meastepart fan 'e restearjende ôfstân efteroan ride kin. By in oar metrostasjon stapt er út en springt er troch infentilaasjeroaster op 'emetro dêr't it om giet, wylst Carver allinne fierder riidt nei Wall Street. McClane wit yn 'e metro de bom te finen, wylst Carver it metrostasjon op 'e tiid berikt. As Simon dêr nei intillefoansel skillet, seit er lykwols dat de ôfwêzigens fan McClane reden is om 'e bom dochs ôfgean te litten. Aldergeloks slagget it McClane om 'e bom krekt op 'e tiid út 'e metro te smiten. Deûntploffing yn 'etunnel soarget derfoar dat de metroûntspoart, en de ravaazje yn it metrostasjon is ûnbidich, mar troch it optreden fan McClane falle der gjindeaden.
Neitiid wurdt McClaneerchtinkend. De kâns dat hy en Carver op 'e tiid op Wall Street wêze koene, wie frijwol nihyl, dus Simon wie fan doel om 'e bom yn it metrostasjon hoe dan ek ôfgean te litten. As hy en Carver bekomme enynformaasje útwikselje mei Cobb, Lambert, Kowalski, Walsh en de oaren, krije se besite fan inspesjaal agint fan 'eFBI en ien "fan in oare tsjinst". Dy fertelle harren dat Simon nei alle gedachten de eardereEastdútskekolonel Peter Krieg is, dy'tberne waard as Simon Peter Gruber. Hy is debroer fan Hans Gruber, dy't McClane sân jier earderfan it Nakatomi-gebou yn Los Angeles smiten hat, en hy is blykber út opwraak. Hy wurket gear mei in âld-ofsier út 'elânmacht fanHongarije, in Mathias Targo, en dy syn frou Katja, dat behurde terroristen binne.
Simon, dy't de aktiviteiten fan 'e plysje fan itdak fan ien fan 'e omlizzendegebouwen ôf yn 'e rekken hâldt, skillet Cobb wer op en fertelt him dat er in reuseftige bom pleatst hat yn iniepenbiere skoalle earne binnen debeboude kom fan New York. De bom is tarist mei inûntstekker meiradioferbining, sadat er him op elts momint ôfgean litte kin. As er sjocht dat skoallenûntromme wurde, sil er dat beslist dwaan. Oars giet de bom om persiis 15.00 oeremiddeis ôf. As McClane en Carver trochgeane mei it opfolgjen fan syn oanwizings en sa fernimstich binne dat se it spultsje oerlibje, sil er harren op 'e tiid de namme fan 'e skoalle jaan. Cobb beseft dat Simon net sein hat dat se net nei de bom sykje meie, allinne dat se gjin skoallen ûntromje meie. Dat, wylst McClane en Carver ôfsette foar harren folgjende opdracht, set Cobb alle plysjes yn New York, oanfolle meibrânspuitlju,jiskelju en alle oaregemeentlikewurknimmers dy't er besette kin, yn om 'e skoallen te trochsykjen. Om't Simon opmurken hat dat de radioferbining fan 'e ûntstekker "gefoelich is foar plysjeradio", wurdt de hiele sykaksje koördinearre fia tillefoansellen en italaarmnûmer9-1-1.
Fan syn útsjochtpost ôf stelt Simontefreden fêst dat Cobb himsels fêstbiten hat yn itlokies. Sadree't it meastepart fan 'e plysje Wall Street ferlitten hat, arrivearret in hiele rigestellenkypweinen, sabeare om 'e ravaazje yn it metrostasjon op te romjen. De pear efterbleaune plysjes, ûnder wa Ricky Walsh, wurde lykwolsdeamakke, wêrnei't Simon, Targo, Katja en tsientallen fan harren trewanten úteinsette mei it graven fan in ûnderierdske tunnel út it metrostasjon wei nei de deunby leineFederal Reserve Bank of New York. Ien fan Targo syn mannen, Otto, in Hongaar dy't gjinIngelsk sprekt, pakt de plysjepeinje fan 'e fermoarde Walsh ôf om himsels as in resjersjeur foar te dwaan. Yn 'ebank is it alaarmsysteem ûnderwilens útset, mei't dat troch de klap fan 'e ûntploffing yn it metrostasjon op 'e rin gien is. Sadwaande kinne Simon-en-dy frij maklik de bank binnenkringe. Nei't se debewekkers oermastere hawwe, begjinne se mei swier materieel$140 miljard oangoudsteaven op te skeppen en yn 'e kypweinen te smiten.
McClane en Carver treffe inkoffer mei in bom en dêroan fêstmakkeskealjes oan by infiver yn inplantsoentsje. Der steane twakannen njonken, ien fan 3gallon en ien fan 5 gallon. De bom giet oer fiif minuten ôf, of it moat wêze dat McClane en Carver foar dy tiid in kanne mei persiis 4 gallon wetter op 'e skealjes pleatse. Nei't se dat rekkenfraachstik oplost hawwe, binne McClane en Carver op 'e strjitte tsjûge fan it útnaaien fan in jongwinkeldiefke. As McClane him tsjinhâldt en him freget oft er soms yn 'efinzenis belânje wol, antwurdet de snotjonge dat der gjin inkele plysje op 'e strjitte is en datst no itstedhûs wol stelle kinst sûnder oanholden te wurden. McClane beseft dat dat wier is, want alle plysjepersoniel is besteld mei it trochsykjen fan skoallen. En as der ien diel fan 'e stêd is dêr't absolút gjin skoallen te finen binne, dan is it wol op Wall Street, dat mei syn banken eneffektebeurzen it finansjele hert fan 'e Feriene Steaten foarmet.
Hy en Carver geane werom nei Wall Street, dêr't McClane poalshichte nimt yn 'e bank dy't it deunst by it troffen metrostasjon leit, de Federal Reserve Bank of New York. Hy wurdt dêr ûntfongen troch in stikmannich plysjes (eins trewanten fan Simon dy't harsels as plysjes ferklaaid hawwe), dy't him útnûgje om 'eklûs te ynspektearjen, sadat se him op in ôfhandich plak fermoardzje kinne. Yn 'elift omleech sjocht McClane lykwols dat de plysjepeinje fan ien fan 'e plysjes it nûmer 6991 hat, dat it peinjenûmer fan Walsh is. Hy reälisearret him dat er mei kriminelen yn 'e lift stiet, en yn in hommelsegeweldsútbarsting komt er harren oer it mad en makket er se alle fjouwer dea.
Neitiid ûntdekke McClane en Carver de tunnel fan it metrostasjon nei de bank, dêr't McClane ek itstoflik omskot fan Walsh fynt. Mei't se ûnderweis nei Wall Street suver oerriden binne troch in kypwein, riddenearje se út dat it goud út 'e bank mei kypweinen ôffierd wêze moat. Wylst Carver de folgjende opdracht fan Simon útfiert, folget McClane it spoar fan in kolonne kypweinen nei it plak dêr't wurke wurdt oan in nijakwadukt om New York fandrinkwetter te foarsjen. It docht bliken dat de kypweinen de reuseftigetunnel fan it akwadukt ynriden binne, dy't trochrint oant itCatskill-berchtme yn it súdlike diel fanNew York (steat), al kinne se net fierder komme as de tydlikekeardaam dy't yn 'e tunnel oanbrocht is, in ein benoardenYonkers. Fan 'e freonlikefrachtweinsjauffeur Felix Little, dy't him nei it akwadukt riden hat, komt McClane it antwurd op it lêste riedsel te witten dat Simon him opjûn hat: "Wat is 21 fan 42?" Dat is nammentlikChester A. Arthur, de 21eAmerikaanske presidint fan (yn1995) 42.
Yn 'e tunnel fan it akwadukt sjit McClane twa man dea dy't Simon as efterhoede efterlitten hat. As er dêrnei sa dom is dat oer deportofoan by Simon yn te wriuwen, brûkt dy de bom út it plantsoentsje mei de fiver (dy't Carver op Wall Street ôflevere hat by guon plysjes dy't eins trewanten fan Simon wiene) om 'e tydlike keardaam yn 'e tunnel mei op te blazen om McClane tedrinzgjen. McClane wit lykwols út 'e tunnel te ûntkommen troch in fentilaasjekanaal. Carver pikt him op, mar se wurde oanfallen troch in twatal fan Simon syn trewanten dy't Carver fan 'e lêste opdrachtlokaasje ôf folge binne. Nei't se mei dy lju ôfweefd hawwe, ûntdekt McClane yn harren besit in stikmannichkwartsjes, en hy beseft dat dy bedoeld binne om foar passaazje oer intolwei te beteljen. Op dy wize riddenearret er út wat de bestimming fan Simon-en-dy wêze moat en spoare hy en Carver de kypweinen wer op oan 'eigge fan 'eLong Island Sound, dêr't se harren lading oerbrocht hawwe op infrachtskip.
Op dat skip ûntdekt Targo op dat stuit dat deseecontainers dêr't itgoud yn sitte soe, eins laden binne meiskroat. McClane en Carver glûpe oan board fan it frachtskip, dêr't Carver al rillegaufinzen nommen wurdt troch Simon. McClane rekket yn inman-tsjin-mangefjocht mei Targo ferwikkele, dat er op 't langelêst wint troch de Hongaarbewusteleas te slaan mei in einkeatling. Neitiid besiket McClane deAmerikaanske Kustwacht te warskôgjen, mar dêr wurdt er yn 'e wacht set, wêrnei't ek hy troch Simon finzen nommen wurdt.
Underwilens hat Felix Little McClane syn baas Cobb witten te finen. Hy bringt him in boadskip fan McClane oer, dat it om Chester A. Arthur giet. Cobb-en-dy konsintrearje fuortendaliks al harren krewearjen om 'e bom te finen yn 'e Chester A. Arthur Legere Skoalle yn Harlem. Dat is krekt de skoalle dêr't Carver syn omkesizzer Dexter op sit. Yn 'ekelder fan it skoalgebou wurdt yndie de swiere bom ûntdutsen. Wylst bomekspêr Charley Weiss besiket dy te ûntmanteljen, docht resjersjeur Joe Lambert him foar deskoalbern foar as ien fan 'ebrânwacht, dy't de evakuaasje fan it skoalgebou yn gefal fanbrân oefenje wol. Dexter en syn freontsje kenne him fuortendaliks wer as in plysje. Hja steane it net, en fermoedzje dat de plysje harren siket om't se dy moarns noch mei stellen guod omrûn hawwe. Mei noch twa freontsjes pike se út en ferskûlje se har yn in leechlokaal. Sa koart foar trijen as er it oandoar, jout Cobb befel ta ûntromming fan 'e skoalle. Lambert en Kowalski liede alle bern en persoaniel nei bûten ta. As Dexter-en-dy sjogge dat alle oaren útnaaie, geane se foar it rút stean te springen, mar se kinne it lokaal net mear út, om't dat ûnderwilens troch dekonsjerzje op 'tslot dien is. Lambert en Kowalski sette harren libbens op it spul om 'e skoalle wer yn te gean om 'e bern te rêden, en Weiss beslút om mei de moed der wanhoop te besykjen de bom te ûntwapenjen. Lambert en Kowalski rêde de fjouwer bern út it lokaal, mar komme mei harren fêst te sitten op itdak. Weiss knipt in ferkeard triedsje troch en de bom giet ôf, mar der bart neat; it blykt in nepbom te wêzen.
Op it frachtskip fertelt Simon oan McClane en Carver dat er "fansels" gjin bom yn in skoalle pleatse soe: hy is in soldaat, gjin moardner. Dêrnei set er de beide mannen meihânboeiens fêst oan 'e echte bom, dy't him op it frachtskip befynt. Hy ferklearret dat er alle bútmakke goud opblaze en oer de boaiem fan 'e Long Island Sound fersilje sil, mei't dat deekonomy fan 'e Feriene Steaten yn in djipperesesje bringe sil, en dat is wat syn opdrachtjouwers wolle. Ear't Simon fuort sil, freget McClane him oft er ek wat aspirine foar him hat, mei't er de hiele dei al meipineholle omrint. Simon smyt him in hiel potsje ta en fertelt him dat er it wol hâlde mei. As er mei Katja fan it frachtskip giet, sit de swierferwûne Targo yn 'erêdingsboat te wachtsjen. Hy fertelt Katja dat Simon harrenferret hat: der sit hielendal gjin goud yn 'e containers, inkeld skroat. Katja lûkt harpistoal en beart dat se Simon deasjitte sil, mar sjit dan ynstee ynienen Targo dea.
Troch in splinter fan inmetalenekeabel te brûken dy't McClane noch yn in wûne yn synskouder sitten hat, wit slottemakker Carver de hânboeiens los te krijen. De beide mannen pike út en springe oerboard, krekt op 'e tiid om it libben derôf te rêden, mei't it hiele frachskip efter harren eksplodearret. Nei't se útsee rêden binne, seit McClane tsjin Carver dat Simon syn bewearing dat er alle goud opblaze soe, flauwekul is. As er ek mar wàt fan syn broer Hans hat, sil Simon it goud nea opjaan. Hy ornearret dat Simon wûn hat, mar Carver bringt him tebinnen dat sy beiden noch libje, wat er as in oerwinning beskôget. Hy trunet McClane oan om syn frou Holly op te skiljen en it mei har by te lizzen. Wylst er dat docht, nimt McClane wat aspirine yn út it potsje dat Simon him tasmiten hat, en dan falt him op dat it logo fan Nord de Ligne derop stiet, inweirestaurant enmotel op reuseftige skaal foarfrachtweinsjauffeurs krekt oer deKanadeeske grins ynKebek.
Yn inpakhûs by Nord de Ligne fiere Simon-en-dy ûnderwilens it súkses fan harrenbankberôving. Wylst harren trewantender in slokje op nimme, lûke Simon en Katja harren werom omseks te hawwen. Se wurde lykwols rou ûnderbrutsen as inhelikopter mei McClane en Carver deryn inskynwerper troch de ruten skynt. No't de lokaasje fan Simon-en-dy ûntdutsen is, besingelet de plysje fan Kebek it pakhûs. De kriminelen besykje alle kanten út te flechtsjen mei frachtweinen fol goud, mar oeral wurde se tsjinkeard enynrekkene. Simon en Katja stappe yn in helikopter en falle mei inmasinegewear de helikopter fan McClane en Carver oan. Dy rint sa'n skea op dat depiloat him oan 'e grûn sette moat. McClane draaft fuort om Simon efter him oan te lokjen, en as dy syn helikopter ûnder in stikmannichheechspanningskeabels troch fljocht, sjit McClane ien fan 'e keabels troch, sadat dy boppe-op 'e helikopter falt. De keabel komt fêst te sitten yn 'erotor en it hiele tastel komt ûnderstroom te stean. De helikopterstoart del en ûntploft ta ien grutte fjoerbal, wêrby't alle ynsittenden omkomme. As alle trelit foarby is, oertsjûget Carver McClane der op 'e nij fan om Holly op te skiljen.
Neffens it audiokommentaar by dedvd fanDie Hard with a Vengeance wie de oarspronklike ein fan 'e film hiel oars. Nei de ûntploffing fan it frachtskip driuwe McClane en Carver op inflot werom nei de kust. Carver seit dat it spitich is dat Simon-en-dy ûntsnapt binne, mar McClane antwurdet dat dat noch mar de fraach is. Yn itfleantúch wêryn't Simon-en-dy mei harren goud útpike, treffe de bankrôvers dan de koffer mei de bom mei de skealjes oan út it plantsoentsje mei de fiver, dy't McClane op 'e iene of oare wize tusken harren spul stoppe en op skerp set hat (yn dizze ferzje fan 'e film waard de bom net brûkt om 'e tydlike keardaam yn it akwadukt op te blazen). De film einiget dan op inswart komyske noat as Simon freget oft immen ek in kanne fan 4 gallon by him hat. Dy foarm fan it skript waard nea ferfilme.
Yn 'e earste ein fan 'e film dy't wól ferfilme waard, ûntkomme Simon-en-dy mei de bút. McClane kriget de swartepyt taspile en rekket synbaan enpinsjoen kwyt, mar dochs wit ermoannen letter Simon ynJeropa op te spoaren. Dan twingt er him om in spultsje te spyljen dat er "McClane Says" neamd. As Simon in ferkeard antwurd jout, twingt er him ûnderbedriging mei infjoerwapen om inSineeskebazooka ôf te fjurjen dêr't itfizier ôf helle is, sadat net mear te sjen is wat de foar- en de efterkant is. Simon kiest ferkeard en wurdt sels rekke troch deraketgranaat, dy't him útinoar skuort. Dizze sêne is tafoege oan it bonusmateriaal by de dvd fanDie Hard with a Vengeance. Defilmstudio wie net gelokkich mei dizze ein, om't it McClane fan inwrede enboasaardige kant sjen liet. Dêrom waard besletten om, doe't deopnamen al beëinige wiene, tsjin oansjenlike kosten foar de studio, noch inreshoot fan 'e ein fan 'e film te dwaan, dy't de sêne yn Kebek omfette.
Fan 'efilmkritisy krigeDie Hard with a Vengeance mingderesinsjes.Roger Ebert fan 'eChicago Sun-Times wie loovjend oer deaksjesênes en oer itaktearjen fanBruce Willis,Samuel L. Jackson enJeremy Irons. Hy konkludearre: "Die Hard with a Vengeance is eins in stik opwynboartersguod: fernimstich makke en ôflevere mei grutte enerzjy. It docht sekuer wêr'treklame foar makke is, en dan noch helte mear." De ûnôfinklike kritikusJames Berardinelli wie ûnder de yndruk fan 'e aksje- en gefjochtssênes, wêrfan't er fûn dat se "mei trochkrûpte feardichheid filme" wiene.
Yn ittydskriftEntertainment Weekly steldeOwen Gleiberman lykwols: "McTiernan beävensearret yndividuele sênes mei grut each foar detail […], mar opteld foarmje se gjin strak, spannend gehiel." Ian Nathan fan it tydskriftEmpire fûn de film minder goed as deearsteDie Hard-film, mar better asDie Hard 2. Fan Jeremy Irons syn fertolking fan Simon Gruber moast er lykwols neat hawwe; neffens him koe Irons net yn it skaad stean fanAlan Rickman, dy't ynDie Hard 1 deantagonist Hans Gruber spile hie.
Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hatDie Hard with a Vengeance in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] begjint fluch en profitearret fan 'e stikelige ynteraksje tusken Bruce Willis en Samuel L. Jackson, mar kletteret op in bombastyske ein ta yn in fergees besykjen om in algemien gebrek oan orizjinele ideeën te fertsjustermoanjen." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behelletDie Hard with a Vengeance in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 19 resinsjes.
Die Hard with a Vengeance brocht yn 'ebioskopen yn 'eFeriene Steaten enKanada$100,0 miljoen op, en yn alle oarelannen en territoaria $266,1 miljoen. Wrâldwiid kaam deopbringst dêrmei út op $366,1 miljoen. Ofset tsjin itbudget fan $90 miljoen betsjut dat inwinst fan $276,1 miljoen, hoewol't dêr demarketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wieDie Hard with a Vengeance de meast opbringende film fan1995.