Hendrikus Wilhelmus Maria (Dick) Schoof (Santpoort,8 maart1957) is inNederlânskpolitikus. Hy is partijleas.
Sûnt2 july2024 is erminister-presidint fan Nederlân enminister fan Algemiene Saken. Op 2 july 2024 waard synkabinet-Schoof beëdige. Oant en mei 28 maaie 2024 wie er sekretaris-generaal fan itministearje fan Justysje en Feiligens. Earder wie er direkteur-generaal fan de Algemiene Ynljochtings- en Feilichheidstsjinst (Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst, AIVD) en Nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding en Feiligens (Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid NCTV).
Schoof waard berne ynSantpoort[1] en groeide fan syn achtste ôf op inHengelo.[2] Hy is de op ien nei jongste út inkatolike húshâlding mei sân bern.[2] Syn tsien jier âldere broerNico Schoof is âld-boargemaster.[1]
Fan 1969 oant 1975 folge Schoof itvwo op it R.K. Lyseum De Grundel ynHengelo.[3][4] Hy studearre dêrnei fan 1975 oant 1982planology oan deKatolike Universiteit Nimwegen. Hy wie lid fan de studinteroeiferiening Phocas, dêr't er yn 1979-1980 foarsitterian het 33ste bestjoer wie.[5]
Nei syn stúdzje waard er beliedsmeiwurker ûnderwiis by de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG). Yn 1988 stapte er oer nei itministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), dêr't er ferskate funksjes hie. Fan 1996 oant en mei 1999 wie er plakferfangend sekretaris-generaal fan itministearje fan Justysje.
Fan 1999 oant 2003 wie er haaddirekteur fan deYmmigraasje en Naturalisaasjetsjinst (IND) en oan 'e ein fan dat tiidrek waard er boppedat projekt-direkteur-generaal Frjemdlingewet 2000. Dêrnei waard er direkteur-generaal Iepenbier oarder en Feiligens (DGOOV) by itministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK), dêr't er de oanset naam foar in Strategy Nasjonele Feiligens en it oanpakken fan it radikalisearjen nei himsels ta loek, itjinge winliken ta it mêd fan it ministearje fan Justysje hearde. Dêropta wie Schoof ynearsten ek tsjinstanner fan de yn 2004 ynstelde funksje fan nasjonaal Koördinator Terrorismebestriding (NCTb).[6]
Yn 2010 wie Schoof ien fan de arsjitekten fan it nije ministearje fan Feiligens en Justysje, dêr't er it direktoraat-generaal Feiligens fan it ministearje fa Ynlânske Saken yn opnommen waard en dat der njonken it Iepenbier Ministearje tenei ek de plysje by ynbegrepen wie.[6]
Yn 2013 waard Schoof beneamd ta Nasjonale Koördinator foar Terrorismebestriding en Feiligens (NCTV). Yn dy rol wie er ferantwurdlik foar it koördinearjen fan it Nederlânske belied op it mêd fan terrorismebestriding en it garandearjen fan de nasjonale feiligens. Hy hie dy posysje oant en mei 2018.
Fan 2018 oant 2020 wie Schoof de sekretaris-generaal by it Ministearje fan Justysje en Feiligens, de heechste amtnerlike funksje yn it ministearje.
Yn 2020 waard Dick Schoof beneamd ta direkteur fan deAlgemiene Inljochtinge- en Feiligenstsjinst (AIVD), de Nederlânske ynljochtingetsjinst. Yn dy rol wie er ferantwurdlik foar it sammeljen en analyze fan ynformaasje dy't fan belang wie foar de nasjonale feiligens.
By de kabinetsformaasjean 2023-'24 waard Schoof op 28 maaie 2024 troch de ûnderhanneljende partijenPVV,VVD,NSC enBBB foardroegen asminister-president.[7][8] Dat barde nei'ttGeert Wilders (PVV), partijlieder fan de grutste partij yn deTwadde Keamer, net genôch stipe krige om sels premier te wurden en earder PvdA-ministerRonald Plasterk him as premierskandidaat weromlutsen hie.[9][10]
Op 2 july 2024 waard Schoof beëdige as minister-president.[11]
Dick Schoof is bekend om syn stille en effisjinte wurkstyl. Hoewol't hy in publike figuer is yn syn funksjes, hat hy syn persoanlik libben fierhinne út de skynwerpers holden.
Schoof hat ferskate ûnderskiedingen krigen foar syn wurk op it mêd fan nasjonale feiligens en bestjoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- ↑1,01,11,21,3Drs. H.W.M. (Dick) Schoof. Argivearre op28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-302024-05-30.
- ↑2,02,1Tobias den Hartog, Hanneke Keultjes en Elodie Verweij, Dick Donder en Lachende moordenaar: met Dick Schoof krijgt Nederland premier die stiekem best op Rutte lijkt. Het Parool (28 maaie 2024). Argivearre op29 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
- ↑Jan Colijn en Patrick Holtkamp, De beoogd premier Dick Schoof en zijn Overijsselse roots (28 maaie 2024). Argivearre op28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-302024-05-30.
- ↑CV van premier Dick Schoof (28 maaie 2024). Oproppen op 2024-10-172024-10-17.
- ↑Oud besturen. Argivearre op28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
- ↑6,06,1Paul H.A.M. Abels, Spionkoppen - Inlichtingenleiderschap in elf portretten. Utjouwerij Prometheus, Amsterdam (2 oktober 2020), pp. 284-303. ISBN 9789044645378. Argivearre op2 oktober 2023. Oproppen op30 maaie 2024.
- ↑Topambtenaar Dick Schoof (ex-AIVD, ex-NCTV) kandidaat-premier (28 maaie 2024). Argivearre op28 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
- ↑"Topambtenaar Dick Schoof is beoogd premier van rechts kabinet: veel ervaring met crises en dreigingen",Algemeen Dagblad,28 maaie 2024.Argivearre op28 maaie 2024.
- ↑Wilders geeft premierschap op, partijleiders blijven in Kamer bij nieuw kabinet. nos.nl (13 maart 2024). Argivearre op15 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
- ↑Plasterk trekt zich terug als premierskandidaat na berichten over integriteit. nu.nl. Argivearre op23 maaie 2024. Oproppen op 2024-05-282024-05-28.
- ↑"Ministers en staatssecretarissen kabinet-Schoof beëdigd",NOS,2 july 2024. Oproppen op.
|