Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Diaspora

Ut Wikipedy
Grikelân en deGrykske diaspora yn6e iuw f.Kr.

Indiaspora (mei deklam op 'e earste "-a-", en net op 'e "-o-")[1] is de grutskalige fersprieding fan infolk of oareetnyske groep oer de wrâld. Itwurd komt út itGryksk en betsjut letterlik "ferstruiïng" of "it fersille reitsjen". It is ôflaat fan 'etiidwurdsfoarm διασπείρω,diaspeirō ("ik ferstrui"), dy't opboud is út διά,dia ("tusken", "troch", "oer") en σπείρω,speirō ("ik strui út" of "ik siedzje"). Yn itFrysk wurdt foar it begryp 'diaspora' faak de term "om utens" brûkt, dy't efter de oangeande groep pleatst wurdt (dus:Friezen om utens,Skotten om utens,Russen om utens, ensfh.).

De term 'diaspora' waard yn itAldgryksk brûkt om te ferwizen nei de grutte oantallenetnyskeGriken dy't destêdsteaten fan itAlde Grikelân ferlieten omkoloanjes te stiftsjen yn súdlikItaalje en opSisylje en oan 'ekusten fan súdlikGalje, eastlikHispanje,Illyrje,Lybje,Egypte,Lyts-Aazje en de lannen om 'eSwarte See hinne. In oare tige bekende diaspora út 'eAldheid wie dy fan 'eJoaden doe't se yn 'eearste iuw troch deRomeinen útPalestinaferballe waarden.

Tsjintwurdich ûnderskiedt men ferskate soarten diaspora's, basearre op 'e oarsaken dy't deroan te'n grûnslach lizze. Dêrby kin it gean om inflecht, inferballing of in frijwilligeminsklike migraasje. Foarbylden fan diaspora's dy't ûntstien binne út in flecht, om't de leden fan 'e etnyske groep dêr't it om giet harrenlibben net mear wis wiene yn it lân dêr't se wei kamen, is de diaspora fan 'eHugenoaten (Frânskeprotestanten), dy't yn 'esantjinde iuw ûnder itregear fanLoadewyk XIV ûntstie. Modernere foarbylden binne de diaspora fan 'eSirkassiërs, dy't yn1864 út harren heitelân yn wat no súdlikRuslân is, ferjage waarden; dePalestinen, dy't yn1948 troch itIsraelyskeleger út harren heitelân ferdreaun waarden; en deRohingja's, dy't yn2016-2017 troch itBirmeeske leger út harren lân ferjage waarden.

It klassike foarbyld fan in diaspora dy't ûnstien is troch ferballing, is deJoadske diaspora. In oar foarbyld is de diaspora fanAfrikanen dy't ûntstien is troch deAtlantyske slavehannel, wêrby'tslaven ûnder twang útAfrika fuortfierd waarden om opplantaazjes yn 'eAmearika's tewurksteld te wurden. Foarbylden fan diaspora's dy't ûntstien binne troch frijwillige migraasje binne de mienskippen fan wathistoarysk 'gastarbeiders' neamd waarden ynWest-Jeropa, lykas dy fan 'eTurken of deMarokkanen. Ek de diaspora's fan 'eSinezen,Italjanen enGriken, dy't har oer de hiele wrâld ferspraat hawwe, falle ûnder frijwillige migraasje. Dat ferskynsel kin lykwols ek in ûnfrijwillich aspekt hawwe, bgl. yn it gefal fan 'eIerske diaspora, dy't yn 'enjoggentjinde iuw ûntstie om't miljoenen Ieren harren heitelân ûntflechtsje moasten foar deGrutte Ierske Hongersneed (1845-1852).

Inlânkaart dêr't deSomalyske diaspora werjûn is.

Moderne diaspora's, benammen ynymmigraasjelannen as deFeriene Steaten,Kanada,Brazylje,Argentynje,Súd-Afrika,Austraalje enNij-Seelân, ûnderhâlde faak nauwe bannen mei it heitelân, dy't oant yn 'e trêde of fjirdegeneraasje fan 'emigranten bestean bliuwe kinne. Oare ferskynsels dy't by in soad diaspora's foarkomme, binne plannen (oft dy no al of net útfierd wurde) om úteinlik "nei hûs" werom te kearen, en fierders bannen mei oare mienskippen binnen deselde diaspora en ferset tsjin folsleine assimilaasje yn 'ekultuer fan it gastlân. Grutte diaspora's beynfloedzje faak sawol depolityk fan it gastlân as dy fan it heitelân. Itwittenskiplik ûndersyk nei diaspora's heart ta deetnology en de bredereantropology.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik,Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy),ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 301.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryDiasporas fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Diaspora&oldid=1015400"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp