Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Denaarje

Ut Wikipedy
De denaarje fankeizerAugustus, slein yn4 n.Kr.

Dedenaarje[1] wie desulveren standertmunt fan 'eRomeinske Republyk fanôf syn yntroduksje ûnder deTwadde Punyske Oarloch yn omtrint211 f.Kr., en teffens fan itRomeinske Ryk oant itregear fankeizerGordianus III (238-244 n.Kr.), doe't er stadichoan ferfongen waard troch deantoninianus. Itwurd 'denaarje' is inferbastering fan itLatynskedenarius,útspr.: [de:'na:rɪ.ʊs], likernôch: "dee-naa-ree-ûs";meartal:denarii, útspr.: [de:'na:rɪ.i:], likernôch: "dee-naa-ree-ii").Denarius is wer ôflaat fan it Latynskedeni, mei de betsjutting "tsien befetsjend": de wearde fan 'e denaarje wie oarspronklik tsienasses. Itsymboal foar de denaarje is inX mei inhorizontale streek dertrochhinne (Unicode 𐆖 of U+10196). It kin ek werjûn wurde as X̶ (inhaadletter X mei in lange kombinearjende hornizontale streek). De namme fan 'e denaarje libbet tsjintwurdich noch fuort yn û.m. demuntienheiddinar en beneamings foar it begryp "jild" yn ferskatetalen.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De ierste foargonger fan 'e denaarje wie dedidrachme, insulverenmuntstik neiGryksk foarbyld, dat foar it earst yn 'eRomeinske Republyk yn omgong brocht waard yn267 f.Kr., fiif jier foar it útbrekken fan 'eEarste Punyske Oarloch meiKartago. Oanwaaksendehannelskontakten mei deGrykske koloanjes yn Súd-Itaalje makken nammentlik dat deRomeinen ferlet krigen fan in sulveren munt, wylst se oant dy tiid inkeldkoperne enbrûnzene munten brûkten. De didrachme hie in gewicht fan 6,81 g oftewol1/48 fan inRomeinsk pûn. De Romeinen lieten de didrachme foar harren slaan yn 'e GrykskekoloanjeNeapolis en oarestêden yn súdlikItaalje, en sadwaande skaaide it resultaat sterk út nei de gongbere Grykske sulveren munten út dy kontreien.

De earste Romeinske sulveren munt dy't him fan syn Grykske wjergaders ûnderskate, ferskynde om226 f.Kr. hinne. Klassikehistoarisy neamden dy munten soms denaarjes, mar modernenumismatisy klassifisearje se asquadrigati, in namme dy't ôflaat is fan 'equadriga, in troch in fjouwerspanhynders lutsenstriidwein, dy't op 'e efterkant ôfbylde stiet. Under deTwadde Punyske Oarloch, om211 f.Kr. hinne, waard yn it ramt fan 'e oarlochsynset de hiele munthúshâlding fan 'e Romeinske Republyk reorganisearre. De quadriagatus ferdwûn, en waard ferfongen troch de wiere denaarje en troch devictoriatus, in munt dy't mar koart bestie. In denaarje befette yn dy tiid trochinoar 4,5 g sulver, oftewol1/72 fan in Romeinsk pûn. De denaarje wie neitiid twa iuwen lang de wichtichste munt fan 'e Romeinske Republyk. By syn ynfiering wied er 10asses wurdich, mar yn141 f.Kr. waard syn wearde op 'e nij fêststeld as 16asses, om 'e ôfnommen wearde fan 'eas wer te jaan.

Tsjin 'e ein fan itRepublikeinske Tiidrek ûndergie de denaarje in stadich proses wêrby't it sulvergehalte oanhâldend ferlege waard. Under itregear fanAugustus (31 f.Kr.14 n.Kr.), de earstekeizer fan itRomeinske Ryk, berikte it sulvergehalte fan 'e denaarje it nivo fan 3,9 g, wat teoretysk delkomt op1/84 fan in Romeinsk pûn. De munt behold dy gearstalling oant it sulvergehalte ûnder it regear fanNearo (37-68) drastysk ferlege waard oant 3,4 g oftewol1/96 fan in Romeinsk pûn. It ferleegjen fan it sulvergehalte hold neitiid ûnôfbrutsen oan, hoewol't it wol folle stadiger gie. Tsjin 'e ein fan 'etrêde iuw befette in denaarje noch mar sa'n 3 g sulver. It bleau lykwols de wichtichste munt fan it Romeinske Ryk oant de ferfanging troch deantoninianus ûnder it regear fan keizerGordianus III (238-244). Neitiid waard de denaarje noch yn tige lytse hoemannichten fanbrûns slein, nei alle gedachten foarseremoniële doelen, oant de ein fan 'eTetrargy yn313.


Begjinnend meiNearo, yn64, ferlegen deRomeinen oanhâldend itsulvergehalte fan 'e denaarje oant de munt tsjin 'e ein fan 'etrêde iuw noch mar foar sa'n 40% útsulver bestie.

Wearde

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

1 (gouden)aureus = 2 (gouden)quinarii = 25 (sulveren)denaarjes (denarii) = 50 (sulveren)quinarii = 100 (brûnzen)sestersjes (sestertii) = 200 (brûnzen)dupondii = 400 (koperen)asses = 800 (koperen)semisses = 1.600 (koperen)quadrantes

Denaarjes yn de Bibel

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itNije Testamint fan 'ekristlikeBibel wurdt de denaarje ferskate kearen neamd. Sa wurdt der ynMattéus 20:2 nei ferwiisd om't ien denaarje itdeihier fan in sljochtweiarbeider wie. Fierders wurdt ynJehannes 12:5 neamd dat inpûnnardusoalje 300 denaarjes koste, wylst ynIepenbiering 6:6 sein wurdt dat ien deirantsoenweet in denaarje koste en dat trije deirantsoenenkoarn ek in denaarje kosten. By de passaazje útIepenbiering moat neffensbibelûndersikerRobert H. Mounce oantekene wurde dat de neamdeprizen fan weet en koarn tsien oant tolve kear sa heech binne as dat se yn 'eAldheid wurklik wiene. Dêrút kin ôflaat wurde dat de passaazje in sitewaasje beskriuwt wêryn'titen tige krap is en dêrom djoer ferkocht wurde kin. Yn 'e tiid datIepenbiering skreaun waard, wie dat foar de lêzer daliks dúdlik om't dy grif wist wat de gongbere prizen wiene. Foar de hjoeddeistige lêzer is dat lykwols net sa.

Yn 'eLikenis fan 'e Barmhertige Samaritaan (Lukas 10:25-37) lit deSamaritaan it berôvingsslachtoffer dat er rêden hat efter yn inherberge. Yn 10:35 jout er dekastlein de opdracht om goed foar de man te soargjen, en betellet dêrta twa denaarjes. YnMattéus 22:19 enMarkus 12:15 wurdt de denaarje neamd as debelestingmunt dy't oan 'eRomeinske oerhearskers fanJudéa betelle wurde moast. De measte saakkundigen geane derfan út dat it dêrby gie om 'e denaarje mei de kop fan keizerTibearius.

Acht denaarjes. Boppeste rige f.l.n.rj.:Romeinske Republyk (157 f.Kr.);Fespasianus (73);Markus Aurelius (161);Septimius Sevearus (194). Underste rige f.l.n.rj.Karakalla (199);Julia Domna (200);Elagabalus (219);Maksiminus Traks (236).

Der wurdt ek faak tocht dat it om denaarjes giet yn 'e passaazje ynMattéus 26:15, dêr't beskreaun stiet hoe'tJudas Iskariot mei dejoadskehegepreesters ôfpraat omJezus Kristus teferrieden yn ruil foar de betelling fantritich sulverstikken. Saakkundigen liket dat lykwols tige ûnwierskynlik, mei't detimpelbelesting ynJeruzalim (dêr't de hegepreesters harrenjild troch krigen) net yn denaarjes betelle wurde mocht om't it sulvergehalte te leech wie. Dejildwikselers dy't neamd wurde yn 'e passaazjeDe Suvering fan de Timpel (Mattéus 21:12-17) sieten nammentlik yn 'eTimpel fan Jeruzalim om denaarjes om te wikseljen foar munten mei in heger sulvergehalte dêr't de timpelbelesting mei foldien wurde koe. It tinken is dan ek dat de tritich sulverstikken fan Judas IskariotTyryske sjekels ofAntiochyske staters west hawwe moatte.

Ynfloed

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De denaarje wie yn totaal goed 450 jier as muntstik yn omrin. Sels doe't er langer net mear slein waard, brûkte men him noch as rekkenienheid. De nammedenarius waard ek brûkt foar lettere, oare Romeinske munten op in manear dy't modernehistoarisy net begripe.

DeArabieren, dy't foar harrenAbbasidyske Ryk yn 'esechsde ensânde iuw grutte gebieten feroveren dy't ienris ta it Romeinske Ryk heard hiene, sloegen harren eigengouden dinar. Dêrút komme de folgjende hjoeddeiskemuntienheden fuort: deAlgerynske dinar, deBachreinske dinar, deIraakske dinar, deJordaanske dinar, deKoeweityske dinar, deLibyske dinar en deTunezyske dinar. Dêropta binne der noch ferskate oaren dy't no bûten gebrûk binne. Fierders geane op 'eBalkan ek deServyske dinar en deNoardmasedoanyske denar werom op 'e denaarje.

YnWest-Jeropa kin de ynfloed fan 'e denaarje noch weromfûn wurde yn 'edenier, in âldeFrânske munt, en yn it gebrûk fan 'eôfkoarting "d", dy't oant1971 foar deBritskepenny yn gebrûk wie. Fierders komt yn ferskateJeropeesketalen it wurd foar "jild" fan 'e denaarje:Italjaanskdenaro;Spaanskdinero;Portegeeskdinheiro; enSloveenskdenar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik,Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy),ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 294.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryDenarius fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Denaarje&oldid=1019258"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp