Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Delf

Ut Wikipedy
It hjoeddeistige Damsterdjip by Garrelsweer

DeDelf is in nei alle gedachten foar it jier1000 oanleine wetterwei fanDelfsyl neiWinsum. It is de foarrinner fan itDamsterdjip en itWinsumerdjip, dy't mooglik meiïnoar yn ferbining stiene.

Beskriuwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De namme "Delf" komt fan "graven"/"delven". Der binne mear wettergongen mei dy namme, lykas de Delf yn de Eastfryske stêdEmden en de Súdhollânske stêdDelft is ôflaat fan in lykneamd wetter.

De Delf rûn eartiids út yn deIems dêr't yn detrettjinde iuw insyl yn de Delf pleatst waard. Dêr komt de namme fan de stêd Delfsyl wei. De Delf wie ornearre foar twa dingen: in hannelskanaal dat as alternatyf tsjinne foar it farren oer see, itjinge bytiden gefaarlik wêze koe en plakken yn it efterlân mei de see ferbûn; as ôfwetteringskanaal, foar it ôfwetterjen fan de troch it belúnjen (ynklinken) sakkeboaiem fan itoanmakke lân.

It earste part fan it hjoeddeistige Damsterdjip fan Delfsyl, dêr't de Delf letter mei silen ôfsletten waard, trochAppingedam oantWinneweer. Dêr folge er it part fan de no praktysk fersâneFivel en rûn doe bylâns deDelleweg. Dat part is hast net mear werom te kennen. "Delle" is in ferbastering fan "Delf".

Dellekanaal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Fivel en de Deel waarden ferbûn troch in kanaal bylâns deDelleweg byStedum. Boaiemkundich ûndersyk en grûnboarrings hawwe sjen litten dat it kanaal, dat fan twa kanten yn iepen ferbining mei de see stie, bestie. Dy wetterrin dy't nei alle gedachten fan detsiende iuw datearre, slike om100 hinne ticht. By it begjinpunt fan de Fivel stie mooglik in fersterking. It ferhege hiem, eartiids tsjerkebesit fan Stedum, waard yn denjoggentjinde iuwOldfort ofOl Fort neamd.

Deel(stermaar)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It tredde part fan de Delf tuskenMiddelstum en Winsum stie bekend ûnder de nammeDeel asDeelstermaar. Undersyk nei âlde Fryske wetternammen hat sjen litten datdeel in synonym is fandelf.

Fan Middelstum ôf is de Delf of Deel wer te sjen, no as itHuizingermaar, itWesterwijtwerdermaar, itBoterdiep en it Winsumerdjip. Justjes westlik fan Winsum makke it in bocht nei it suden, nei it plak dy't no Oldenzijl hjit en kaam dêr út yn itRyddjip, hjoed-de-dei itAld Djip.

Fan dêrwei koe fearn wurde wurde nei it hjoeddeistigeSâltkamp, om dêrwei deLauwerssee oer te stekken neiDokkum.

Yn1057 joech deRoomsk-dútske keizer it merk- en muntrjocht oan Winsum enGarreweer, twa plakken oan de Delf. It muntrjocht fan Garreweer gie letter oer op it ek oan de Delf lizzende Appingedam, dy't yn1327 Fryske stedsrjochten krigen hie.

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • J.K. de Cock enJ.N.B. Poelman,De Delf, een vroeg-middeleeuws kanaal in de provincie Groningen, yn:Driemaandelijkse Bladen 34 (1982), siden 106-114.
  • W.J. Formsma,Delvinaria, yn:Groningse Volksalmanak (1976-1977), siden 28-36.
  • H. Halbertsma,De Groninger Delf: Nederlands oudste gegraven waterweg?, yn:Nieuwsblad van het Noorden, 7 febrewaris 1976, side 7.
  • O.S. Knottnerus,Natte voeten, vette klei. Oostelijk Fivelingo en het water, Profiel, Bedum 2008, 2e printinge 2015 (Argeology yn Grinslân, dl. 3).
  • W.A. Ligtendag,De Wolden en het water. De landschaps- en waterstaatsontwikkeling in het lage land ten oosten van de stad Groningen vanaf de volle middeleeuwen tot ca. 1870, Grins 1995.
  • Joh. van Veen,De Delf, yn:Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap 68 (1951), siden 368-375.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Jan van den Broek,Van tochtsloot tot levensader: Delf en Damsterdiep tot c. 1600. Aantekeningen voor een voordracht voor de Historische Kring Amasius, holden yn ‘het Anker’ yn Delfsyl, 10 novimber 2015
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Delf&oldid=1092238"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp