Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Delaware. Foar oare betsjuttings, sjoch:Delaware (betsjuttingsside).
Delaware (útspr.: ['dɛləwɛ:ɹ], likernôch "della-û-êr"), offisjeel deSteat Delaware (Ingelsk:State of Delaware), is ien fan 'e fyftichsteaten dy't mei-inoar deFeriene Steaten fan Amearika foarmje. Delaware, byneamd deDiamond State (of ek wol deFirst State), leit yn it easten fan it lân, op itDelmarva-skiereilân, dat útstekt yn 'eAtlantyske Oseaan. Formeel heart de steat ta de regio fan itAmerikaanske Suden. Dehaadstêd isDover, mar de grutstestêd isWilmington. Neffens in skatting út2014 hie de steat doe 936.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 45ste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeandeoerflak is Delaware mei noch gjin 6.500km² de op ien nei lytste steat.
Delaware heart ta deEastlike Tiidsône (UTC –5,simmertiid –4). De steat hat in oerflak fan 6.452km², wêrfan't 21,5% út wetter bestiet. Mei 5.060km² lân is it opRhode Island nei lytste steat fan 'e Feriene Steaten. Delaware mjit 154km fan noard nei súd en tusken de 14 en de 56km fan east nei west. Yn 'e mande mei deEastlike Kust fanMarylân entwa countys fanFirginia leit Delaware op itDelmarva-skiereilân, dat nei it suden ta útstekt yn 'eAtlantyske Oseaan en oan 'e westkant troch deChesapeakebaai fan it Amerikaanske fêstelân skaat wurdt. Delaware beslacht it noardeastlike fearn fan itskiereilân, en hat allinnich oan 'e eastkant in kustline.
De steat grinzget yn it uterste noarden oanPennsylvania, wylst yn it uterste noardeasten de rivier deDelaware de grins meiNij-Jersey foarmet. Yn it westen en suden wurdt Delaware beswette trochMarylân, yn it súdeasten troch de iepenAtlantyske Oseaan en yn it easten en noardeasten troch deDelawarebaai, dêr't de rivier de Delaware yn útmûnet. It lânskip fan Delaware is frij flak; it heechste punt yn 'e steat leit op 136,2m boppeseenivo by deEbright Azimuth, en it leechste punt is itstrân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit. Delaware omfiemet gjin federaleYndianereservaten.
De Blackbird Pond, inpoel yn it Blackbird State Forest Meadows Tract.
Nei de komst fan 'e earsteJeropeänen ûntjoegen de Unamy-Delawêr en Nantikook har al rillegau ta tuskenhannelers yn 'epelshannel tusken de blanken en harren eigen tradisjonele fijannen, deIrokeeskeSuskehannok, ynFirginia. Doe't dy lykwols yn 'e1670-er jierren aspolitike macht ferdylge waarden troch deIrokeeske Konfederaasje, en de Yndianen yn Delaware almar mear lân kwytrekken oan kolonisten, ferlieten de Delawêr dy't oan har eigenetnyske identiteit fêsthâlde woene de krite en fêstigen har yn 'eAppalachen fan wat neitiid westlikPennsylvania wurde soe. Dejingen dy't bleaune, waarden al of net ûnder twang ta itkristendom bekeard om dêrnei mei oarsoartige kleurlingen op ien bulte smiten te wurden.
Fan 'e blanken wiene deNederlanners de earsten dy't har yn it gebiet fan it hjoeddeistige Delaware nei wenjen setten. Yn1631 fêstige nammentlik deWestyndyske Kompanjy fanút dekoloanjeNij-Nederlân in hannelspost teZwaanendael, deunby it tsjintwurdigeLewes. Binnen it jier waarden lykwols alle kolonisten dêr deade by in konflikt mei de lânseigen befolking. Neitiid waard deSweedske koloanjeNij-Sweden fêstige mei de delsettingFort Christina (no binnen de beboude kom fanWilmington). Dy koloanje bestie santjin jier, oant er úteinlik yn1655 troch de Westyndyske Kompanjy ferovere waard. It gebiet fan Delaware waard dêrnei anneksearre troch Nij-Nederlân.
Njoggen jier letter, yn1664, waard Nij-Nederlân ferovere troch deIngelsen, wêrnei't Delaware yn it besit kaam fanJakobus Stuart, hartoch fan York (de lettere Ingelske kening Jakobus II). Dyselde ferpachte it gebiet yn1682 oanWilliam Penn, de stifter fanPennsylvania, dy't de saneamde 'Nedergreefskippen' (Lower Counties) yn 't earstoan ta ûnderdiel fan syn koloanje makke. Tsjin1704 wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale assimblee fûn dat it gebiet wol sûnder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande ûntstiene der doe twa folksfertsjintwurdigings, hoewol't de erven Penn oant deAmerikaanske Revolúsje beide gebieten yn pacht holden en der altyd ien en deseldegûverneur foar beneamden.
Yn 'e iere jierren fan 'e koloanje wie Delawareekonomysk ôfhinklik fan blankekontraktarbeiders om 'etabaksplantaazjes te bewurkjen. Neigeraden dat de libbensomstannichheden yn Ingelân better waarden en der sadwaande minder kontraktarbeiders te finen wiene, waardenslaven útAfrika wei op 'e plantaazjes tewurksteld. By it útbrekken fan 'eAmerikaanske Revolúsje, yn1776, fielden de measte ynwenners fan Delaware der neat foar om meiGrut-Brittanje te brekken. Likegoed drukten de foarstanners fan ôfskieding, lykasThomas McKean,John Dickinson enCaesar Rodney, har sin troch. Mei ien stim ferskil waard op15 juny1776 troch de koloniale assimblee fan Delaware deAmerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring goedkard. Dêrmei waard Delaware ien fan 'e oarspronklike trettjin koloanjes dy't ynopstân kamen.
Hoewol't Delaware oant1865 formeel inslavehâldende steat bleau, en it krekt as de buorsteatenMarylân enFirginia besuden de saneamdeMason-Dixonline lei, hiene in protte slavehâlders har slaven fuort nei de oerwinning yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch al frijlitten. Tsjin1860 hie de grutste slavehâlder fan Delaware mar sechstjin slaven yn besit. Der wiene neffens defolkstelling fan dat jier doe yn Delaware 19.829 frije swarten en 1.798 slaven. Likegoed waarden foar1865 wetsfoarstellen om 'e slavernij ôf te skaffen yn it Steatskongres hieltyd mei in lyts ferskil fuortstimd.
Under deAmerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stimde Delaware op3 jannewaris1861 tsjin ôfskieding. Hoewol't de steat eins ta itAmerikaanske Suden hearde, focht Delaware yn 'e oarloch foar it Noarden. Guon lju út Delaware joegen har by rezjiminten útMarylân enFirginia dy't ûnderdiel útmakken fan it leger fan 'eKonfederaasje, mar Delaware is de iennichste slavesteat dy't gjin eigen rezjiminten oan dat leger bydroech. De steat befrijde syn slaven koart nei de ein fan 'e oarloch, mar wegere itTrettjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet (de ôfskaffing fan 'e slavernij, fan boppen ôf oplein troch it federale regear) te ratifisearjen oant12 febrewaris1901.
De saneamdeWetjaande Hal, it steatskapitoal fan Delaware.
It politike lânskip fan Delaware wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Foarhinne waard Delaware beskôge asswingsteat, dêr't noris Demokratysk en dan wer Republikeinsk stimd waard. Sûnt de1990-er jierren stimt Delaware lykwols steech Demokratysk, wat fral feroarsake wurdt troch de grutte Demokratyske oanhing yn it ferstedskeNew Castle County (mei û.m.Wilmington), yn it uterste noarden fan 'e steat, dêr't no 55% fan 'e befolking wennet.
Delaware hat gjin inkeletaal bywet fêstlein as deoffisjele taal fan 'e steat. Lykwols funksjonearret itIngelsk yn 'e praktyk as de offisjele taal.Wetsfoarstellen yn sawol it Steatshûs fan Offurdigen (2006) as de Steatssenaat (2007) om it Ingelsk formeel ta de offisjele taal fan 'e steat te meitsjen, binne fuortstimd. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2000 wie itIngelsk doe foar 91% fan 'e befolking fan Delaware dememmetaal. De op ien nei grutste taal fan 'e steat wie itSpaansk (5%), folge troch itFrânsk (0,7%), itSineesk (0,5%) en itDútsk (0,5%).
Op it mêd fangodstsjinst bestie yn2015 (op basis fan in enkête dêr't 9% fan 'e befolking oan wegere mei te dwaan) 66% fan 'e befolking fan Delaware útkristenen, wêrûnder 57%protestanten en 9%roomsen. De grutste protestantske substreamings wiene itmetodisme (20%) en itbaptisme (19%).Ateïsten enagnosten foarmen 17% fan 'e befolking. Fan 'e net-kristlike godstsjinsten wiene deislaam (2%) en itjoadendom (1%) it grutst. Alle oare religyen mei-inoar besloegen 5% fan 'e steatsbefolking.
Delaware hat troch de ynfloed fan 'eAtlantyske Oseaan in myldseeklimaat, wêrmei't it de midden hâldt tusken it wrederelânklimaat fierder nei it noarden en itsubtropysk klimaat fierder súdlik. Hoewol't de steat mar frij lyts is, besteane der oansjenlike ferskillen oangeande trochsneedtemperatuer en de hoemmanichtesniefal tusken it noarden en it suden. It súdlike diel fan Delaware hat it hiele jier troch myldere temperatueren, wylst yn it noarden by 'twinter folle mear snie delkomt. Rekôrtemperatueren wiene 43°C, op21 july1930 ynMillsboro, en –27°C op17 jannewaris1893, frjemd genôch ek yn Millsboro.