Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Dekolletee

Ut Wikipedy
Dekolletee fan Marilyn Monroe
Keninginne Margharita fan Itaalje, dekolletee bedobbe ûnder juwielen
TrijeHooters Calendar Girls mei leech útsnien dekolletee

Indekolletee (út it Frânsk →décolleté) is in lege útsnijing oan de halsiepening fan injûpe ofjurk, sadat deboarsten fan de frou foar in part te sjen binne.

Koarte skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It dekolletee rekke oan de ein fan de15e iuw yn de moade doe'tguêpières enkorsetten droegen waarden dy't it benedenpart fan it boppelichem en de boarsten ynsnuorren en it boppeste part fan de boarsten nei foaren útkomme lieten.
Yn it Ancien Régime wie in djip dekolletee wenstich yn de moade. Yn hjoeddeiske útfierings fankostúmopera’s út dy tiid, fan bygelyksMozart, is it dekolletee noch faak te sjen.
It dekolletee rekke út de moade yn de jierren 1920-1929, doe't de saneamdeflappermoade in jongeseftige útstrieling fan de frou hawwe woe. De klaaiïng fan de flappers moast no krekt foarkomme dat de boarsten by it dûnsjen foar it ljocht kamen.
Yn de jierren 1940-1949 kaam it dekolletee wer yn de moade mei desweater girl-look dy't troch aktrises asLana Turner,Jane Russell en letterMarilyn Monroe populêr waard, en yn de jierren 1960-1969 fierder opgong makke troch it 'froubefrijend’ moadebyld datYves Saint Laurent foarstie.
Popstjerren sa asMadonna enBritney Spears easken frije utering fan harren seksualiteit en dekolletees waarden dan ek faak fûn yn harren garderobe.

As de klaaiïng oan de rêchkant leech útsnien is, sprekt men wol fan inrêchdekolletee.

Medyske terminology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sulcus intermammarius is de term dy't de International Federation of Associations of Anatomists foar it froulik dekolletee brûkt.

Farianten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It sjen litten fan it ûnderste part fan de boezem troch it dragen fan in heechopsnientopke wurdt wol oantsjut mei de termAustralysk dekolletee.

At minsken foaroerbûge kin it barre dat de boppekant fan harren bilspleet te sjen is. Dat wurdt wol itboufakkersdekolletee neamd.

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Desmond Morris,The human sexes. Londen: Network Books, 1997.


Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCleavage (breasts) fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Dekolletee&oldid=1037029"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp