De Raven, yn it oarspronklikeIngelsk:The Raven, is ingedicht fan 'e hân fan 'e ferneamdeAmerikaanskeskriuwer,dichter,redakteur enliteratuerkritikusEdgar Allan Poe (1809-1849). Dit gedicht fertelt it ferhaal fan it riedselich midsnachtlike besyk fan in pratenderaven, dy't inkeld it wurdnevermore ("nea wer") seit, oan in oeralle minner dy't treuret om it ferlies fan syn leafste Lenore. Dêrby toant it de stadige delgong fan 'e jongeman nei sljochtsinnigens.The Raven is nei alle gedachten Poe syn meast ferneamde en bewûndere wurk, en it is sûnder mis it meast adaptearre. Dy adaptaasjes nimme gauris de foarm oan fanparodyen wêrby't fral de pratende raven persiflearre wurdt; de frazeQuoth the Raven (argaysk Ingelsk foar "Spriek de Raven") wurdt dan yn 'e regel meisin misbegrepen as de eigennamme fan it bist.The Raven waard foar it earst publisearre yn1845, yn 'ekrante deNew York Evening Mirror, en waard al rillegau withoefaak werprinte. It wie sa'n súkses dat it Poe grutte bekendheid besoarge, al die it him yn finansjeel opsjoch net folle fertuten. De earsteFryske oersetting fanThe Raven datearret út1949, en is fan 'e hân fanDouwe Tamminga.
The Raven, dat út 18 kûpletten bestiet fan elk 5 lange regels en ien koartenien, wurdt gauris priizge om 'e muzikaliteit, it stylearre taalgebrûk en knaphandige rym, en de boppenatuerlike sfear dy't derfan útgiet. Poe makket ynThe Raven gebrûk fan sawol einrym as yntern rym asalliteraasje. It rymskema is:abcbbb, of, as yntern rym meirekkene wurdt:aa-b-cc-cb-b-b.
YnThe Raven, datskreaun is yn itik-perspektyf, wurdt in nammeleaze ferteller folge, dy't op in desimbernacht yn boeken mei healfergetten kennis omsneupt om it ferlies fan syn leafste Lenore (yn Tamminga syn oersetting: Lénoar) te ferjitten. Hy is sa slûch dat er kop der suver net mear by hâlde kin, en dan wurdt er ynienen opskrikt troch in klopjen op syn keamersdoar. As er iependocht, is der lykwols nimmen, mar fuort letter wurdt der op syn rút tikke. Hy docht it rút iepen en is ferheard om in raven te sjen, dy't syn keamer binnen stapt en plaknimt op it boarstbyld fanPallas, boppe de doar.
De ferteller fynt it hâlden en dragen fan 'e fûgel fermaaklik, en gekoanstekkerich freget er de raven om him te fertellen hoe't er hjit, wêr't de fûgel op antwurdet: "Nevermore" ("Nea wer"). De ferteller besaut him deroer dat it bist prate kin, mar merkt by himsels op dat er wol gau wer fuortfleane en út syn libben ferdwine sil, krekt sa't oare freonen dat ek dien hawwe, mar de raven seit fan: "Nevermore". De ferteller riddenearret dan dat it in nuete fûgel wêze moat, dy't grif dat iene wurd fan syn eardere eigner leard hat.
Likegoed giet er fierder mei de raven yn petear, al docht er sels frijwol alle praten. Syn tinzen dwale ôf nei syn ferlerne Lenore, en it is krekt as wurdt de lucht tsjûker en kin er de oanwêzigens faningels wol fiele, dat hy freget him ôf oftGod him yn 'e foarm fan 'e raven in teken stjoerd hat dat er Lenore ferjitte moat – mar de raven seit fan: "Nevermore". De ferteller fettet dat op as teken dat er nea frij wêze sil fan syn tryste oantinkens, en hy ûntstekt yn grutte grime, wêrby't er de raven útmakket foar in "ûnheilsboade" en in "stille nytger". Einlings, as er de raven freget oft er ea yn 'ehimel weriene wurde sil mei Lenore, en dêrop it foarspelbere antwurd kriget, wurdt er alhiel breinroer, skelt it bist út foar leagner en befellet it werom te gean nei deNight's Plutonian shore (Tamminga: "Hades' nacht"), deûnderwrâld dus. Mar de raven komt net fan syn plak ôf; nei't men oannimme mei sit er op it stuit dat de ferteller syn gedicht foardraacht noch altiten op Pallas' boarstbyld boppe de doar. Uteinlik moat de ferteller tajaan dat syn siel fêstsit ûnder it skaad fan 'e raven en "nevermore" oprize sil.
De earsteFryske oersetting fanThe Raven wie fan 'e hân fandichter enoersetterDouwe Annes Tamminga (1909-2002), en ferskynde yn1949 yn itliterêrtydskriftDe Tsjerne. Deselde oersetting, foarsjoen fan in ynlieding trochFreark Dam, makke yn1984 diel út it boekjeJaarwisselingsgeschenk 1984-1985, in útjefte fan 'eFriese Pers Boekerij, en waard yn2011, ûnder de ôfwikende titelDe Ballade fan de Raven, jitris publisearre, no as ûnderdiel fan Tamminga synSamle Fersen, útjûn troch deStifting FLMD en deFriese Pers Boekerij. In nije Fryske oersetting fan it gedicht waard yn2008 makke trochRedbad Veenbaas, dy't dy dat jiers publisearre yn it novimbernûmer fan it tydskriftHJIR.
Once upon a midnight dreary, while I pondered, weak and weary, Over many a quaint and curious volume of forgotten lore— While I nodded, nearly napping, suddenly there came a tapping, As of some one gently rapping, rapping at my chamber door. "'Tis some visiter," I muttered, "tapping at my chamber door— Only this and nothing more."
Op in hjerstnacht doe't it rûze, wylst ik wurch en heal yn dûze by myn boeken mymre en sûze oer in lear dy't gyng te loar, wylst myn kriich aloan fersloppe en ik mei de sliep omtoppe, hommels wie 't as waard der kloppe, súntsjes kloppe op myn doar. "Grif in lette gast," bepreuvle ik, "klopjend op myn keamersdoar, inkeld sa'n ien en gjin oar."
Foar de folsleine Ingelske tekst, sjoch op Wikisource,hjirre. Foar de folsleine Fryske oersetting, sjoch de hjirûnder oanjûne ûnderskate boarnen.