Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

De Meern

Ut Wikipedy
De Meern
Maretsjerke yn De Meern
Maretsjerke yn De Meern
Bestjoer
Lânflagge fan NederlânNederlân
ProvinsjeUtert
GemeenteUtert
Sifers
Ynwennertal22.000(2017)[1]
Oar
Postkoade3453-3454
Koördinaten52° 5' NB, 5° 2' EL
Lokaasje fan De Meern yn de gemeente Utert

De Meern is in doarp yn it westen fan deNederlânske gemeenteUtert. It doarp hat likernôch 22.000 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2017). Oant2001 foarme De Meern mei de doarpenVleuten enHaarzuilens de gemeenteVleuten-De Meern doe't se dat jiers troch de gemeente Utert anneksearre waarden en de gemeente omfoarme waard ta de wykVleuten-De Meern. Oant1997 wie de gemeente in lanlik gebiet mei likernôch 19.000 ynwenners, dêr't De Meern 11.000 ynwenners fan hie, mei benammen glêstúnbou, mar troch it nijbouprojektLeidsche Rijn waard it gebiet in stêdlik gebiet mei goed 90.000 ynwenners yn 2020.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It doarp De Meern mei de brêge "Meernbrug" tekene trochH. Spilman yn 1744

Yn deRomeinske tiid rûn de noardlike grins fan itRomeinske Ryk by deRyn del dwers troch it hjoeddeistich grûngebiet fan De Meern. Mei tanke oanargeologyske opgravings yn it ramt fan it ûntjaan fanLeidsche Rijn is der in soad kunde oer de Romeinen yn de omkriten bykommen. Der waarden in soad foarwerpen opgroeven lykas in folslein romeinsk skip dy't fûn waard op de boaiem fan in âlde rin fan de Ryn. It skip is útstald yn it museumCastellum Hoge Woerd.

De skiednis fan it doarp begjint yn delette midsiuwen yn it ramt fan delânoanmakkerij fan it gebiet tusken de streamrêgen fan de Ryn en deHollânske Isel. By dePons Maerne (Meernbrêge) oan it begjin fan de Meerndyk ûntstie in lytse delsetting. De Meerndyk wie inslieperdyk dy't it legere poldergea byWoerden beskermje moast tsjin it heger lizzende Utertske rivieregebiet, dêr't it doarp nei neamd waard. De delsetting lei oan in fan east nei west rinnende polderfeart. Yn1381 waard dy feart ferbrede ta in kanaal gaadlik foar skipfeart. Yn1655 waard dat kanaal fannijs ferbrede ta geunst fan detrekfeart tusken Utert enLeien en ûntstie deLeienske Ryn. De delsetting by de brêge woeks út ta in lyts doarp mei in tsjerke, in skoalle, in herberch, in smidderij, en in bakkerij.

Yn detweintichste iuw feroare De Meern fan in lyts plattelânsdoarp ta in wenplak fan boeren, fruitferbouwers, túnkers, ûndernimmers yn 'e hannel, yndustry en tsjinsten en forinzen. Sûnt1997 kaam De Meern yn it stêdlik gebiet te lizzen yn it ramt fan it flugge waaksen fan de stêd Utert. Sûnt2001 is De Meern in kearn yn de gemeente Utert. De boeren, fruitferbouwers en túnkers binne ûnderwilens ferfearn. It gebiet fan de Meern noardlik fan deA12 wie yn 2020 al folslein fol boud.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Leienske Ryn yn de Meern

De Meern leit yn it westen fan de gemeente Utert en grinzget yn it noarden en easten oan de Utertske wykLeidsche Rijn, yn it suden troch de A12 oan depolderRijnenburg, yn it westen oanHarmelen en yn it noardwesten oanVleuten. It kanaal deLeienske Ryn rint troch it doarp hinne. It grutste part fan de beboude kom leit tusken de Leienske Ryn en de A12.

Buertyndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Meern befettet de folgjende buerten:

  • De Meern-Noard, noardlik fan de Leienske Ryn
  • De Meern-Súd, befettet it gebiet tusken de Leienske Ryn en de A12 en de buorskip Reijerscop súdlik fan de A12
  • BedriuweparkOudenrijn
  • Veldhuizen, westlik fan De Meern-Súd
  • Part fan Vleuterweide-Súd westlik fan deZandweg.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Berne yn De Meern

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Janjaap Luijt,Van Vicus tot Vinex, Utert: Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens, 2011
  • Huib Leeuwenberg en oaren,Utrechtse biografieën - Langs de Oude Rijn, SPOU Utert, 1999
  • J.A. Storm van Leeuwen,Aen De Meern, Tydskrift fan de Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens 13, 1993-1
  • J.A. Storm van Leeuwen,De Meerndijk, een oude middeldijk, Tydskrift fan de Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens 22, 2002-2
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryDe Meern fanWikimedia Commons.
52° 5' NB, 5° 2' EL
Wiken en doarpen yn de gemeenteUtert
Wiken:
BinnenstêdEast(De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd(HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest(Kanaleneiland)Noardwest(Zuilen)Vleuten-De Meern(Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=De_Meern&oldid=1090373"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp