Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

De Kast

Ut Wikipedy
De Kast
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteitNederlânsk
sjongtaalFrysk,Nederlânsk
sjenrePop
bestean19962004;2009 - no
prizenFryske Poppriis
âld-ledenSyb van der Ploeg
leden
Kees Bode
Nico Outhuijse
Sytse Broersma
Peter van der Ploeg


De Kast wie in Fryske band dy't foaral Nederlânsktaligepopmuzyk makke. Harren grutste sukses wie lykwols yn1997 doe't se bekend waarden mei it Frysktalige nûmerIn nije dei. Dit nûmer wie filmmuzyk út de Frysktalige spylfilmDe Gouden Swipe. Yn itselde jier wûn De Kast ek deFryske Poppriis. Yn1998 wûnen se deEdison foar de bêste Nederlânske groep.

Alde Kast

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Kast kaam yn1992 fuort út de eardere groepWish to Escape.

Oarspronklike besetting:

Op21 desimber2002 joech De Kast it lêste konsert yn de âlde besetting yn deAmsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse giene hjirnei fierder mei in nije Ingelsktalige rockgroepSpanner.

Nije Kast

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op21 desimber2002 jout De Kast it lêste konsert yn deAmsterdam ArenA. Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse geane fierder mei in nijeIngelsktalige rockgroep neamdSpanner. Kees Bode gjit fierder meiUbrabaya

Ynjannewaris2003 kamenJan Tekstra as sjonger enFokke de Jong as drummer by de oerbleaune leden fan De Kast. Sûntoktober2003 hat de groep dan de nammeDe Nije Kast. Ynjannewaris2004 waard de namme wer feroare nei De Kast. Om de minne plateferkeap waard besletten wer op te hâlden mei De Kast. Op4 july2004 jûch De Kast in ôfskiedsoptreden yn deTeatertún ynRiis.

Op 10 novimber 2006 hat De Kast noch ien kear optreden, by deFryske Music Night yn Ljouwert. Yn2009 waard De Kast lykwols weroprjochte.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=De_Kast&oldid=1069932"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp