Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Davos

Ut Wikipedy
Davos
FlaggeWapen
Polityk
LânSwitserlân
KantonGraubünden
DistriktPrättigau/Davos
Sifers
Ynwennertal11.211(2013)
Oerflak283,99 km²(ynkl. wetter)
Befolkingstichtens39 / km²
Hichte1560 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.gemeindedavos.ch

Davos is in gemeente yn East-Switserlân, yn itkantonGraubünden. Davos bestiet út de dielgemeenten Davos-Platz, Davos-Dorf, Frauenkirch, Wolfgang, Glaris, Laret, Monstein en Wiesen; it is de twadde gemeente neffens grutte fan it lân. It heechste punt yn de gemeente Davos is deFlüela Schwarzhorn mei in hichte fan 3146 meter boppe seenivo.
Davos is vooral bekend alswintersport-plak en skygebiet, mar ek de jierlikse gearkomst fan itWorld Economic Forum is yn Davos.

EarderNederlandsch Sanatorium Davos

It doarp Davos wurdt foar it earst yn geskriften neamd yn1213 asTavaus. Davos is sûnt mids19e iuw ek bekend askueroarde. Om1900 waard it Nederlânsk Sanatoarium stichte foartuberkuloazepasjinten. Letter waarden dêr ek hieltyd mear astmapasjinten behannele. Yn 1971 waard de namme feroare ynNederlânsk Astmasintrum Davos (NAD), dat op 1 jannewaris 2005 it âlde sanatoariumgebou oan de Symondsstrasse yn Davos-Platz ferlitten hat om romte te hieren en tsjinste yn te keapjen by de Wolfgangklinyk. It NAD hie dêr selsstannige ôfdielings en de pasjinten waarden behannele troch Nederlânsk personiel. De algemiene fasiliteiten waarden dield mei de Dútske pasjinten dy't dêr ek wiene. Sûnt desimber 2014 húsmannet it NAD yn nijbou oan de Switserske refalidaasjeklinyk 'Zürcher Höhenklinik Davos Clavadel'. De nije lokaasje leit op 1700 meter hichte wat it foardiel hat dat der gjin allergenen yn de natuer foarkomme.

Davos hat in bekende iepenloftiisbaan, dy't foar de komst fan oerdekte iisbanen ien fan de fluchste banen yn de wrâld wie. By de iisbaan leit ek iniishokkyhal, de Vaillant Arena, dêr't deHC Davos alle jierren it ynternasjonaal toernoai om deSpengler Cup organisearret.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Kirchner Museum Davos

It yn 1992 iepeneKirchner Museum Davos oan de Ernst Ludwig Kirchner Platz hat in mânske samling wurk fan de DútskeekspresjonistErnst Ludwig Kirchner.

DeParsennbahn op deWeissfluhjoch wie de twadde Sportbaan yn Switserlân.

Ferskaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Berne yn Davos

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Stoarn yn Davos

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in)The Chronicles of Sir Arthur Conan Doyle (Skiing at Davos)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Davos&oldid=1150568"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp