Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Danny Kaye

Ut Wikipedy
Danny Kaye
akteur
Danny Kaye yn 1955.
Danny Kaye yn1955.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDavid Daniel Kaminsky
nasjonaliteitAmerikaansk
berne18 jannewaris1911
berteplakNew York (New York)
stoarn3 maart1987
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteitJoadsk
jierren aktyf19331986
prizen2 ×Oscar
2 ×Golden Globe
4 ×Emmy Award
Légion d'Honneur 1986
Pres. Frijheidsmedalje 1987
offisjele webside
n.f.t.

Danny Kaye, echtenamme:David Daniel Kaminsky (New York,18 jannewaris1911Los Angeles,3 maart1987), wie inAmerikaanskakteur,sjonger,dûnser enkomyk fanOekraynsk-Joadsk komôf. Hy lei him fral ta opkomeedzje basearre opfysike aksje, it meitsjen fanrare minen en itsjongen fan ûnsinnigeferskes. Teffens wied er de earste algemienambassadeur foarUNICEF.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kaye waard yn1911berne yn 'eNew YorkskewykBrooklyn, dêr't synâldelju en beide âlderebruorren twa jier foar synberte hinneemigrearre wiene út 'eOekraïne wei, dat doe noch ta itRussyske tsareryk hearde. Hy makke demiddelbere skoalle net ôf; ynstee naaide er koart nei itferstjerren fan synmem tegearre mei inmaat út neiFloarida, dêr't se in hoartsje asstrjitmuzikanten libben.

Nei't er lang om let weromkeard wie yn New York, ûnderhold er himsels mei ferskatebaantsjes, wêrûnderfersekeringsûndersiker enkantoarbetsjinde. Hy wie ien fan 'e sprekwurdlike tsien ambachten, tolve ûngelokken, mei't defersekeringsmaatskippij himûntsloech doe't er in flater begie dy't harren$40.000 koste, wylst intoskedokter dy't him ynhierde om ûnder it middeisskoft om syn praktyk te tinken, him oan 'e dyk sette doe't er him derop trapearre dat er deboar brûkte om 'elambrisearring mei te bewurkjen.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1933 naam Kaye synartystenamme oan en sette er útein mei inkarriêre asartyst, as lid fan itteätertrioThe Three Terpsichoreans (in ferwizing nei demuzeTerpsichoré). It gie him yn 't earstoan net foar de wyn, en hy wie gauris ta reapsein. Syndebút asfilmakteur makke er yn1935 yn 'ekomyskekoarte filmMoon over Manhattan. Yn 'e jierren dêrop trede er ferskate kearen opBroadway op, û.m. yn it tige súksesfolletoanielstikLady in the Dark (1941). Yn1944 spile er yn syn earstelange film,Up in Arms, mar hy briek pas troch doe't er yn1945 en1946 syn eigenradioprogramma op 'eradiostjoerderCBS krige.

Neitiid spile Kaye dehaadrol yn gruttekomeedzjefilms asThe Secret Life of Walter Mitty (1947) enThe Inspector General (1949). (Fan dy lêste film waard yn1982 trochAndré van Duin inNederlânskeremake makke ûnder detitelDe Boezemvriend.) Oare súksesfolle filmproduksjes mei Danny Kaye wieneKnock on Wood (1954),White Christmas (1954) enThe Court Jester (1956). Kaye wurke gauris gear meiaktriseVirginia Mayo, û.o. ynWonder Man (1945),The Kid from Brooklyn (1946) enThe Secret Life of Walter Mitty (1947). Hy hie ek de haadrol yn twa serieuzebiografyske films,Hans Christian Andersen (1952), oer deDeenskemearkesskriuwerHans Christian Andersen, enThe Five Pennies (1959), oerjazzpionierRed Nichols.

Kaye wûn twaris inOscar: yn1955 krige er ineare-Oscar foar syn hieleoeuvre, en yn1982 waard him de Jean Hersholt Humanitarian Award takend (in Oscar-kategory foar lju út 'efilmyndustry dy't har ynsette foargoede doelen). Ek wûn er twaris deGolden Globe foar bêste akteur, yn1951 en1958.

Assjonger hie Kaye ferskatehits, wêrûnderCivilization (better bekend asBongo, Bongo, Bongo), mei deAndrews Sisters,Put 'em in a Box, Tie 'em with a Ribbon (And Throw 'em in the Deep Blue Sea),Amelia Cordelia McHugh (McWho?) enAll I Want for Christmas Is My Two Front Teeth (induët meiPatty Andrews fan 'e Andrews Sisters). Op 'etillefyzje wie Kaye fan1956 ôf te sjen, û.m. meiThe Danny Kaye Show (1963-1967), dêr't er fjouwerEmmy Awards mei wûn.

Elsa Lanchester,Barbara Bates en Danny Kaye ynThe Inspector General (1949).

Fan1954 ôf liet Kaye ek syn serieuze kant sjen yn syn wurk as algemienambassadeur foarUNICEF, itbernefûns fan 'eFeriene Naasjes. It opheljen fanjild foar datgoede doel behelle er neitiid yn frijwol al synoptredens. Yn1986 waard er foar syn ynset foar UNICEF ûnderskaat mei it prestizjeuzeFrânskeLégion d'Honneur. It jiers dêrop waard oan himpostúm noch de AmerikaanskePresidinsjele Frijheidsmedalje takend.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Kaye mette synfrouSylvia Fine foar de earste kear yn1939, doe't se yn deseldeteäterproduksje stiene, al wiene se ynBrooklyn mar in pear stedsblokken útinoar opgroeid. Hjatrouden yn1940. Sylvia wie inpianiste enkomponiste, dy't ferantwurdlik wie foar it betinken en skriuwen fan withoefolle fan 'etongetiizjendekomyskeferskes dêr't Kaye om bekend stie. Se krigen ienbern, indochter, Dena Kaye (1946).

Yn1947 rekken Kaye en de frou faninoar ferfrjemde enskieden se fan tafel en bêd, mar foar de wet duorre harren houlik oant Kaye syn dea yn1987. Nei't er by de frou wei wie, hie Kaye, nei't der grute wurdt,relaasjes mei in opienfolging fanfroulju, wêrfan't de bekendst de aktriseEve Arden west hawwe soe. Oan 'e oare kant binne der ek oanhâldende geroften dat erhomo- ofbiseksueel west hawwe soe, en dat er yn 'e1950-er jierren in seksuële relaasje ûnderhold mei deIngelske akteurLaurence Olivier.

Ferstjerren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Danny Kaye kaam op3 maart1987 yn 'eâlderdom fan 76 jier oan inhertoanfal teferstjerren. Dat barde nei't er yn 'e minnichte rekke wie troch in oanfal fanhepatitis, dy't er ynfebrewaris1983 oprûn hie by in fjouwerfâldigebypassoperaasje oan synhert. Kaye waardkremearre en synjiske waard byset op it Kensico Cemetery ynValhalla, yn 'e steatNew York.

Filmografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1937Dime a DanceEddie
1938Getting an EyefulRus
1938Cupid Takes a HolidayNikolaj Nikolajevitsj (debreidsiker)
1938Money on Your LifeRus
1944Up in ArmsDanny Weems
1944I Am an Americanhimsels
1945Wonder ManEdwin Dingle / Buzzy Bellew
1946The Kid from BrooklynBurleigh Hubert Sullivan
1947The Secret Life of Walter MittyWalter Mitty
1948A Song Is Bornprof. Hobart Frisbee
1949It's a Great Feelinghimsels
1949The Inspector GeneralGeorgi
1951On the RivieraJack Martin / Henri Duran
1952Hans Christian AndersenHans Christian Andersen
1954Knock on WoodJerry Morgan /heit Morgan
1954White ChristmasPhil Davis
1956The Court JesterHubert Hawkins
1958Merry AndrewAndrew Larabee
1958Me and the ColonelSamuel L. Jacobowsky
1959The Five PenniesRed Nichols
1961On the Doublesoldaat Ernie Williams /generaalsir Lawrence MacKenzie-Smith
1963The Man from the Diners' ClubErnest Klenk
1969The Madwoman of Chaillotfoddeboer
tillefyzje
1938Autumn Laughterhimselseksperimintele útstjoering
1956The Secret Life of Danny Kayehimselstillefyzjespecial
1960What's My Line?himselsas mysteryguest
1960 & 1961An Hour With Danny Kayehimsels2 tillefyzjespecials
1962The Danny Kaye Show withLucille Ballhimselstillefyzjespecial
1963–1967The Danny Kaye Showhimsels
1964The Lucy Showhimselste gast ynôfl.Lucy Meets Danny Kaye
1971Here Comes Peter Cottontail?asstimakteur
1971The Dick Cavett Showhimselste gast yn inpraatprogramma
1972The Enchanted World of Danny Kaye: The Emperor's New Clothes  himselstillefyzjespecial
1975An Evening withJohn Denverhimselstillefyzjespecial
1976PinocchioGepettolive-actionmusical makke as special foar op 'etillefyzje
1976Peter Pankaptein Heaklive-actionmusical makke as special foar op 'e tillefyzje
1978The Muppet Showhimselsgastrol
1980Disneyland's 25th Anniversaryhimselstillefyzjespecial
1981An Evening with Danny Kayehimselstillefyzjespecial
1981Skokie?tillefyzjefilm
1982The Wonderful World of Disney Official Opening of Epcot Centerhimselsaspresintator endirigint
1985The Twilight Zone?gastrol; ôfl.Paladin of the Lost Hour
1986The Cosby Show?gastrol; ôfl.The Dentist

Diskografy (in kar)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Albums

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
studio-albums
  • 1949 –Danny Kaye
  • 1949 –Gilbert and Sullivan and Danny Kaye
  • 1950 –Danny Kaye Entertains
  • 1958 –Mommy, Gimme a Drinka Water
  • 1959 –The Five Pennies(meiLouis Armstrong)
soundtracks
  • 1952 –Hans Christian Andersen
  • 1954 –Knock on Wood
  • 1956 –Court Jester
  • 1958 –Merry Andrew
sprutsen
  • 1959 –Danny Kaye for Children
  • 1960 –Danny Kaye Tells 6 Stories from Faraway Places
kompilaasje-albums
  • 1954 –Selections from Irving Berlin's White Christmas
  • 1965 –The Best of Danny Kaye
  • 1970 –Two by Two
  • 1987 –The Very Best of Danny Kaye (20 Golden Greats)

Singles

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 1953 –Wonderful Copenhagen
  • 1956 –Little Child (Daddy Dear)(mei syn dochter Dena Kaye)
  • 1956 –Ciu Ciu Bella
  • 1959 –Lullaby in Ragtime(meiEileen Wilson)
  • 1962 –D-O-D-G-E-R-S Song (Oh, Really? No, O'Malley)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Danny_Kaye&oldid=1076984"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp