Stege yn de âlde binnenstêdDe stedsdistrikten fan Damaskus
Damaskus (Arabysk: دمشق,Dimasjq of(Dimasjq) al-sham) is dehaadstêd fanSyrje. It is ien fan de âldste stêden op 'e wrâld en miskien wol de âldste. Der wennen om-ende-by 1,5 miljoen minsken (2005). Yn de folksmûle hiet de stêd Sjam.
De stêd leit yn in tige grutte en fruchtbereoaze en hat har bestien te tankjen oan de rivierBarada, dy't de oaze fan wetter foarsjocht.
De earste archeologyske fynsten dien yn Damaskus datearren fan om-ende-by2500 f.Kr. De earste fermelding fan Damaskus yn skriften datearret fan1500 f.Kr.
Yn635 waard de stêd troch deArabieren oermastere. Under de dynastie fan deOmajjaden waard Damaskus haadstêd fan itArabyske Ryk fan661 oant750. Dat tiidrek jildt as de bloeitiid fan de stêd, dêr't ferskate gruttemoskeeën yn boud waarden, dêr't deOmajjadenmoskee fierwei de wichtichste fan is. Yn750 waarden de Omajjaden ferslein troch deAbbasiden en ferlear Damaskus har funksje as haadsted fan it ryk oanBagdad.
Yn1516 waard de stêd troch deOsmanen ferovere en makke diel út fan itOsmaanske Ryk, dêr't de stêd oant en mei deEarste Wrâldkriich by bliuwe soe. Yn de dy kriich naamgeneraal Allenby de stêd yn mei itBritske leger en troch stipe fan Arabyske troepen. Nei deTwadde Wrâldkriich waard Syrje ûnôfhinklik en Damaskus de haadstêd fan dat lân.
Sûnt it begjin fan deboargeroarloch yn2011 binne ek ferskate wiken fan Damaskus troch gefjochtshannelingen rekke.