Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Dalai Lama

Ut Wikipedy
Gendun Drup, de 1e Dalai Lama
Tenzin Gyatso, de 13e Dalai Lama

DeDalai Lama fan Tibet is de heechste spirituele lieder yn itTibetaanskBoedisme. De Tibetanen neame him ek wolYishin Norbu (Tibetaansk: ་ཡིད་བཞིན་ནོར་བུ; Wylie: Yid-bzhin Nor-bu) of Gyalwa Rinpoche (Tibetaansk: རྒྱལ་བ་རིན་པོ་ཆེ; Wylie: Rgyal-ba Rin-po-che). Eartiids wie hy ek de heechste politike lieder fanTibet. Tsjintwurdich stiet Tibet ûnderSineesk bewâld dat ôftwongen waard troch de ynvaasje fan it Sineeske leger ûnderMao Tse-toeng yn1959. Troch de Tibetanen en in protte minsken wrâldwiid wurdt dat bewâld net erkend en wurdt de Dalai Lama noch hieltyd as harren politike lieder beskôge.

De Dalai Lama heart by de jongste en grutste fan de fjouwer Tibetaanske Boedistyske skoallen, deGelug-tradysje. Oant deselde skoalle heart dePanchen Lama.

Mei Dalai Lama wurdt net ien persoan oantsjutten mar is in rige fan opinoar folgjende lieders. Dizze opfolging giet net, krektas mei de measte oare liedersposysjes troch fererving of troch ferkiezings, mar trochwerberte. De Tibetaanske boedisten leauwe dat de Dalai Lama de werberte is fan de foargeande Dalai Lama. Om dat te ûndersykjen besykjeMuontsen de mooglike kandidaten; as part fan bewiis jildt bygelyks dat it bern foarwerpen werkent dy't fan de eardere Dalai Lama west hawwe. De kandidaat wurdt úteinlik troch de Panchen Lama befêstige. Ek jout de Dalai Lama yn it libben dat dêroan foarôf giet, oanwizings, bygelyks oer syn takomstige famylje, berteplak en bertehûs.

Tenzin Gyatso is de tsjintwurdige Dalai Lama.

List fan Dalai Lama's

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  1. Gedun Drub (1391 -1474)
  2. Gedun Gyatso (1475 -1542)
  3. Sonam Gyatso (1543 -1588)
  4. Yonten Gyatso (1589 -1616)
  5. Lozang Gyatso, "de grutte fyfte" (1617 -1682)
  6. Tsangyang Gyatso (1683 -1706)
  7. Kelzang Gyatso (1708 -1757)
  8. Jamphel Gyatso (1758 -1804)
  9. Lungtok Gyatso (1806 -1815)
  10. Tsultrim Gyatso (1816 -1837)
  11. Khendrup Gyatso (1838 -1856)
  12. Trinley Gyatso (1856 -1875)
  13. Thubten Gyatso (1876 -1933)
  14. Tenzin Gyatso (1935 - hjoed de dei)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Dalai_Lama&oldid=1116342"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp