Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

D-O

Ut Wikipedy
D-O
personaazje útStar Wars
persoanlike bysûnderheden
soarte personaazjerobot
nasjonaliteitGalaktysk
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
BB-8
Rey
Poe Dameron
geastlike heitJ.J. Abrams
Chris Terrio
ûntstean2019

D-O is infiktyfpersonaazje fan minder belang út 'eStar Wars-franchise. Hy waard yntrodusearre ynStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'eStar Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch desenarioskriuwers fan dyfilm,J.J. Abrams enChris Terrio. D-O is inrobot bedoeld foardata-opslach, dy't lang eigendom west hat fan 'eSith-agint Ochi fan Bestoon, mar no by itFerset bedarret.

Uterlik en spraak

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

D-O is in lytsrobotsje mei in hichte fan 46 sm, datgriiskleure is mei hjir en dêr inkeledûnkergriene stikjes. It bestiet út intsjil mei dêrboppe in soartemint nei ûnderen ta taps tarinnende toeter mei in griene útein dat wol insnút liket enswarte skreven dy't wol wat weihawwe faneagen. Oan 'e wide kant fan 'e 'toeter' stykjeantennes skean nei boppen ta út. Oars as in protte oare robots ynStar Wars (lykasR2-D2 enBB-8) is D-O by steat om yn Basaalsk, delingua franca fan itStjerrestelsel, te sprekken, hoewol't synwurdskat frij beheind is en syn útspraken faak ferknoeid binne, mei in dúdlikstammerjen.

Eftergrûn en fertolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It personaazje D-O waard betocht trochJ.J. Abrams enChris Terrio, desenarioskriuwers fanStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, en basearre op George, dehûn fan Terrio, dy't er rêden hie fan in eardere eigner dy't itbist mishannele. It personaazje waard hielendal makke meispecial effects, en dedialooch waard ynsprutsen trochregisseur en senarioskriuwer J.J. Abrams sels. Oarspronklik wie dat bedoeld as in tydlike oplossing, mar nei't Terrio in pear opnamen mei destim fan Abrams sjoen/heard hie, fûn er deeangstigebeleefdheid dy't dêrút spriek, perfekt passend foar D-O en beprate er Abrams om it sa te hâlden.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Eftergrûn

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens itcompanionboekUltimate Star Wars: New Edition soe D-O makke wêze troch de robotsmid Babu Frik fanKijimi, mar yn 'efilmThe Rise of Skywalker is dat dúdlik net sa. Yn it companionboek fan dy film,Star Wars: The Rise of Skywalker: The Visual Dictionary, stiet dat D-O makke wie troch in ûnbekende robotsmid dy'tfermoarde waard troch Ochi fan Bestoon. It idee dat D-O fan Babu Frik wie, kaam út in iere ferzje fan itfilmsenario, wêryn't BB-8 de stikkene D-O yn itwurkplak fan Babu Frik oantreffe en reparearje soe, wêrnei't de lytsere robot as in soarte faneinepyk ymprintsje soe op BB-8 om dyselde tenei oeral te folgjen.

YnThe Rise of Skywalker

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) wurdt D-O yntrodusearre as in team fan itFerset, besteande útPoe Dameron,Finn,Rey, deWookieeChewbacca en de robotsC-3PO enBB-8 yn 'ewoastyn op 'eplaneetPasaana it al jierren ferlittenromteskip yngeane fan Ochi fan Bestoon. Dyselde wie inspion enhiermoardner yn 'eemploai fan 'eSith, dy't it team earderdea oantroffen hat yn in ûndergrûnsk gongestelsel. BB-8 fynt yn it skip de de-aktivearre D-O, laadt synakku op en re-aktivearret him.

It docht bliken dat D-O hiel min behannele is troch Ochi, en dêrom no tigeskruten is foarminsken oer. Rey, dy't it om it robotsjebegruttet, besiket him derfan te bewissigjen dat er no by harren heart en dat nimmen him noch kweadwaan sil. D-O bliuwt fan dat punt ôf hieltyd yn 'e neite fan BB-8, dy't syn gids yn in fernuverjende wrâld wurdt. Hy reizget mei nei de planeetKijimi, dêr't itûnthâld fan C-3PO tydlik wiske wurdt troch de robotsmid Babu Frik, sadat er in ynskripsje yn 'etaal fan 'e Sithoersette kin, wat synprogrammatuer him oars ferbiedt. Dy ynskripsje hawwe Rey-en-dy fûn op inartefakt dat se by itbonkerak fan Ochi oantroffen hawwe.

Neitiid is D-O belutsen by de ynfiltraasje fan instjerreslachskip fan 'efaksistoïdeEarste Oarder om 'e finzen nommen Chewbacca te befrijen, en teffens by de misje neiKef Bir, dat neffens de ynskripsje de lokaasje is fan 'e 'weifiner' dy't it Ferset siket. Dy weifiner is inapparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-wrâldExegol, dêr't deboasaardige,út 'e dea opstienekeizerPalpatine in reuseftigefloat stjerreslachskippen bouwe litten hat troch syn tawijde folgelingen fan 'ekultus fan 'eIvige Sith. Op Kef Bir docht bliken dat D-O beskikt oer alleynformaasje dy't Ochi sammele hie oer Exegol en de Ivige Sith. It robotsje is mear as ree om alles dat er wit mei syn nije freonen te dielen, wat it Ferset by steat stelt om instrategy te bepalen foar de oanfal op Exegol.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes útStar Wars
 yntrodusearre ynA New HopeRaymus Antilles •Wedge Antilles •C-3PO •Chewbacca •Biggs Darklighter •Jan Dodonna •Obi-Wan Kenobi •Beru Lars •Owen Lars •prinsesse Leia Organa •R2-D2 •Luke Skywalker •Han Solo •Wilhuff Tarkin •Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian •Boba Fett •keizer Palpatine •Firmus Piett •Yoda
 yntrodusearre ynReturn of the JediGial Ackbar •Bib Fortuna •Jabba de Hutt •Mon Mothma •Anakin Skywalker •Wicket
 yntrodusearre ynThe Phantom MenaceSaché Adova •Mas Amedda •Eirtaé Ballory •Sio Bibble •Depa Billaba •Jar Jar Binks •Adi Gallia •Nute Gunray •Qui-Gon Jinn •Ki-Adi-Mundi •Eeth Koth •Plo Koon •Darth Maul •Rugor Nass •Padmé Amidala •Quarsh Panaka •Even Piell •Yarael Poof •Oppo Rancisis •Sabé •Sebulba •Shmi Skywalker •Darth Sidious •Aurra Sing •Roos Tarpals •Saesee Tiin •Rabé Tonsort •Finis Valorum •Watto •Mace Windu •Yaddle
 yntrodusearre ynAttack of the Clonesgreve Dooku •Jango Fett •Kit Fisto •Agen Kolar •Cliegg Lars •Bail Organa •Poggle de Mindere •Aayla Secura •Shaak Ti •Darth Tyranus •Luminara Unduli
 yntrodusearre ynRevenge of the SithStass Allie •generaal Grievous
 yntrodusearre ynThe Force AwakensBB-8 •Kaydel Ko Connix •Poe Dameron •Finn •Armitage Hux •Maz Kanata •kaptein Phasma •Kylo Ren •Rey •Snoke
 yntrodusearre ynThe Last Jedi Larma D'Acy •DJ •Amilyn Holdo •Rose Tico
 yntrodusearre ynThe Rise of SkywalkerZorii Bliss •D-O •Jannah •Enric Pryde •Ben Solo
 yntrodusearre ynThe Clone Wars(film)Ahsoka Tano •Asajj Ventress •Ziro de Hutt
 yntrodusearre ynRogue OneCassian Andor •Galen Erso •Jyn Erso •Saw Gerrera •Chirrut Îmwe •K-2SO •Orson Krennic •Baze Malbus •Raddus •Bodhi Rook
 yntrodusearre ynSoloTobias Beckett •L3-37 •Enfys Nest •Qi'ra •Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger •Din Djarin •Grogu •Kanan Jarrus •Bo-Katan Kryze •Satine Kryze •de Mandaloriaan •Savage Opress •Fennec Shand •Sifo-Dyas •Hera Syndulla •Sabine Wren •Kazuda Xiono
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=D-O&oldid=1085893"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp