Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

D-Day

Ut Wikipedy

Yn militêre rûnten wurdt it begrypD-Day brûkt foar de dei fan oanfal of begjin fan in operaasje, ornaris ferwiist de term werom nei de lâning yn Normandje op tiisdei6 juny1944. Op dy dei begjinne deAlliearden oan in militêre operaasje dy't de befrijding fan West-Jeropa ta doel hawwe soe. Yn East-Jeropa teach it Reade Leger hieltyd fierder itTredde Ryk yn. 6 juny 1944 wie in beskiedende dei foar it ferrin fan deTwadde Wrâldkriich.

It begryp D-Day

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De begripen D-Day enH-Hour wurde brûkt om respektyflik de dei en de oere oan te tsjutten wêrop in operaasje wêze sil. De letters binne ôflaat fan deIngelske wurden wêrfoar se stean: "D" foar "day" (dei) en "H" foar "hour" (oere). Der is mar ien D-Day en ien H-Hour foar alle dielnimmende troepen dy't oan de deselde operaasje dielnimme. It seit himsels dat H-Hour op D-Day plakfynt. It begryp D-Day hat gjin spesjale betsjutting.

Om D-Day of H-Hour krekter oan te jaan wurde plus- en mintekens brûkt. Sa kin de tiid foar of nei de D-Day oantsjut wurde. - betsjut foar en + betsjut nei. H-3 en D-3 betsjut dus trije oeren foar H-Hour en trije dagen foar D-Day.

Operation Overlord

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dat D-Day wurdt net spesifyk foar de alliearde oanfal ynNormandje fan6 juny1944 brûkt. Dat plan hie de namme "Operation Overlord" en is no de meast bekende D-Day. De lâning sels hie de namme "Operaasje Neptune".

Dy lâning soe eins op 5 juny 1944 plakfine, mar omdat it waar striemin wie, waard de lâning in dei ferset. By de plenning spile benammen it wettertij in belangrike rol.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=D-Day&oldid=1045154"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp