Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Slach om Frankryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanDútske ynfal yn Frankryk (1940))

DeSlach om Frankryk (Dútsk:Westfeldzug;Frânsk:Bataille de France) wie in militêr offinsyf fanDútslân tsjin deLege Lannen enFrankryk yn maaie en juny1940 tidens deTwadde Wrâldkriich. De oanfal begûn op 10 maaie 1940 en betsjutte de ein fan deSkimerkriich. It offinsyf bestie út twa opienfolgjende operaasjes:Fall Gelb enFall Rot.

Britske en Frânske kriichsfinzenen byDúntsjerk

Yn de earste faze,Faal Gelb, stoden Dútske pânserienheden yn rap tempo trochNederlân en oer de BelgyskeArdinnen neiIt Kanaal, wêrmei't de Britske en Frânske striidkrêften yn sintraal-Belgje ôfsnijd waarden. De Britten slaggen der lykwols yn om deBritske Ekspedysjemacht en in protte Frânske soldatenút Dúntsjerk te evakuearjen, al moast hja al it materieel efterlitte.

Yn de twadde operaasje,Fall Rot, kamen de Dútsers deMaginotliny foarby wêrtroch't se oant fier yn Frankryk trochsette koenen.Itaalje ferklearre Frankryk de kriich op 10 juny. Op 17 juny lietPhilippe Pétain yn it iepenbier witte dat Frankryk om in wapenstilstân freegje soe. Dy waard op 22 juny tusken Frankryk en Dútslân tekene en gong yn op 25 juny.

It slagjen fan it offinsyf soarge foar in rappe ferovering fanNederlân,Belgje enLúksemboarch, de ûnfolsleine besetting fan Frankryk en ynienen in omslach yn de geopolitike machtsferhâldings yn Dútsk foardiel. It ûnbesette súdeasten fan Frankryk waard in fazalsteat fan Dútslân:Vichy-Frankryk. Der wie doe noch mar ien wichtige tsjinstander oer: itBritske Mienebest. Frankryk en de Lege Lannen waarden pas yn 1944 en 1945 befrijd.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Slach_om_Frankryk&oldid=1014464"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp