Cyberpunk (út itIngelsk;útspr.: [ˈsai̭bəɹpʌŋk], likernôch: "sai-bur-pank") is insubsjenre fanscience fiction yn indystopyske,futuristyske setting, dy't ornaris oerhinget ta in kombinaasje fanmoreel ferfal entechnologyskefoarútgong. Sa komme der faakkeunstmjittige yntelliginsje ofsybernetika yn foar, keppele oanmaatskiplike ynstoarting of infaksistyskemaatskippij. Cyberpunk is foar in grut diel woartele yn 'eNije Weach fan Science Fiction út 'e1960-er en1970-er jierren, doe'tskriuwers asPhilip K. Dick,Roger Zelazny,John Brunner,J.G. Ballard,Philip José Farmer enHarlan Ellison yn harren wurken de ynfloed fandrugs, technology en deSeksuele Revolúsje ûndersochten, wylst se itutopyske takomstbyld fan eardere science fiction-wurken mijden.
Strips dy't ta cyberpunk rekkene wurde kinne, ferskynden fan 'e twadde helte fan 'e1970-er jierren ôf, mei as ien fan 'e earsten deJudge Dredd-rige, dy't begûn yn1977. De ynfloedrikedebútromanNeuromancer, fanWilliam Gibson, droech sterk by oan 'e konsolidaasje fan cyberpunk as selsstannich subsjenre. Dat boek beloek dêrby eleminten út 'esubkultuer fan 'epunkers en de ierehackerkultuer. Oare ynfloedrike cyberpunkskriuwers wieneBruce Sterling enRandy Rucker. YnJapan sette cyberpunk yn1982 útein mei de earsteôflevering út 'emangasearjeAkira, fanKatsuhiro Otomo. It subsjenre waard dêr fierder popularisearre troch de ferfilmingAkira út1988.
In ierefilm út 'efilmyndustry fanHollywood dy't ta cyberpunk rekkene wurde kin, isBlade Runner, fanregisseurRidley Scott, út1982. Ferskate lettere cyberpunkfilms, lykasJohnny Mnemonic (1995) enNew Rose Hotel (1998) flopten sawolkommersjeel as wat de ûntfangst troch defilmkritisy oanbelange. Yn1999 hieThe Matrix wol grut súkses, krekt as de oare beide dielen fan 'eMatrix-trilogy, dy't yn2003 útkamen. Resintere cyberpunkwurken binne de filmsBlade Runner 2049 (2017, inferfolch opBlade Runner),Upgrade (2018) enAlita: Battle Angel (2019), en deNetflix-tillefyzjesearjeAltered Carbon (2018). Ferskate oare bekende wurken befetsje cyberpunkeleminten, lykasSteven Spielberg syn fimReady Player One (2018).